Verhalen

Verhalen

Op deze bladzijde vindt u verhalen uit/over Akkrum of Akkrumers

Boven: Het verhaal over/van de spookmolen bij Akkrum, door JanGerben Mulder.(Groot Heerenveen)



Oantinkens oan gemeentewurken tidens it tiidfek 1955 oant omtrint 1965, besjoen fanôf de sydline. (2023)          

Al frij yn it begjin fan dizze perioade koene de flaggen út yn de gemeente want yn 1956 waard de nije boargemaster fan de gemeente Utingeradiel, Jacobus Anker mei syn gesin feestlik ynhelle en kamen sy foarearst te wenjen oan Sinnebuorren neist de nije Burgemoaster Thalenskoalle. De flagge wappere hjirby û.o. op de gemeentegrins by Aldskou.
 

Piet de Groot pleatst de flagge by Aldskou.

De gemeentewurkpleats en opslach wie doe yn de skuorre fan de pleats oan it Boerepaad. Hjir hie û.o. ek de gemeentetimmerman Andries Kramer syn skaafbank stean, midden op it ein fan de skuorrereed, en der hie syn hout foarrie ek in plakje. Achter de pleats hat op it hiem lang in grutte, swiere v-foarmige snieploege stien mar of’t dizze troch de gemeente sels brûkt is wit ik net want de gemeente hie doe noch gjin auto wer’t dizze ploege foar koe, mooglik is der in oare frachtwein foar brûkt.
 
Alle ferfier fan lytsmateriaal en ark gie mei de hânkarre of mei in bakfiets en it gruttere spul waard troch Meine de Vries mei syn hynder en wein te plak brocht. It hynder waard ek brûkt om yn de winter as der noch al wat snie lei mei in skower it paad yn it doarp wat rom te meitsjen. Dit wie in troch Kramer makke houten trijehoek fan sa’n 2.5 m.
Op de snieskower en op de wein siet fierders gjin ferljochting mar yn’t tsjuster stie der op de hoeke fan de wein dan in stoarmlantearne.
 
It sil sa ein jierren ‘50 west ha dat de gemeente sels oer in auto beskikke koe, der wie in “dump” wein oanskaft dy’t tsjinst dien hie by it Kanadeeske leger. Gewoanwei waard de auto, in Chevrolet C8A, dan ek altiid de “dump” neamt mar J. Vrielink neamde it stéfêst  de “HUP” (Heavy Utility Personnel). 2023Dizze auto wie foar algemien gebrûk en waard winters brûkt foar it snieskowen en it sânstruien.
It sân waard by de opslach by it spoar achter yn de bak skept en dan struiden 2 man, achteryn steand, wat sân mei de skeppe om bar oer de dyk.  In kachel of oar geriif siet der net yn mar by garaazje Fennema is der letter in “heater” yn boud.
It stjoer siet oan de rjochter kant en yn de tiid fan no mei in soad ferkear soe it net sa maklik ride mar foar it wurk by de gemeente wie it by it yn- en útstappen en by it wurk oan de dyk ek wol wer handich. De gemeente hat noch hast krekt sa’n “dump” wein hân mar die hie in iepen laadbakje en dat wie in Ford F60, hjirnei is der in Unimog kaam.
 
It wurk yn de gemeente betsjutte doe dat je ek wolris nei Boarn, Terherne of nei de Lege Walden moasten, dit barde dan gewoan op’e fiets. Ien of twa keer wyks waard de jiskewein fan Raarderhim yn Utingeradiel brûkt, ek dan gie de sjauffeur yn de neimiddei op’e fiets nei Raard om de jiskewein op te heljen sa dat der de oare deis fuort mei it ynsammeljen fan it hússmoargens begûn wurde koe.
Dizze jiskewein wie feitelijk in gewoane kipwein mei in healrûne kap oer de bak mei oan elke kant trije skúven wer’t de jiske amers dan troch lege waarden. Dit wie trouwens frij swier wurk want it wiene noch izeren amers dy’t sawat op skouderhichte op de râne fan de bak leech kipere wurde moasten. Foar it oare wurk koe dizze kap der maklik ôf helle wurde en hiene je wer een gewoane frachtwein.
 
Fierders wie der elk jier opij wer in soart wurk sa as ûnderhâld fan stjritten, bermmeane mei de seine en letter mei help fan een Agria en yn de hjerst it hekkeljen mei de hekkel en dernei it snoeien.
Om by it hekkeljen de klean en it skouder wat te ûntsjen waard der wol een lape fan manchester of sokssawat oer it skouder bûn wer’t de hekkelstok dan oerhinne skode.
 
Yn de winter waarden de brânkranen mei sâlt sa folle mooglik snie- froastfrij holden en by tige froastich waar waard der op ferskate plakken yn it iis in bit mei de bile hakt om te soargjen dat by brân sa gau as mooglik wetter beskikber wie, dit wiene dan plakken wer’t de brânspuit mei de sûchslang goed by komme koe. Dizze bitten waarden by oanhâldende froast regelmjittich iisfrij makke en de stikken iis waarden op de râne fan it bit skowt sadat it ek fuort in soarte fan ôfskerming wie.
De strjitferljochting brânde yn’t earst noch op gas en der kaam ek it nedige ûnderhâld by sjen sa as by it net ûntstekken fan de flam en it fernijen fan it kouske. Dit wie dan meast wurk foar de fitters.
 
Opfallend is dat it measte wurkfolk, en net allinnich by de gemeente, yn it wurk meast in overall oan hie en dat eins elkenien derby in riem om de overall droech, mar overalls wurde net safolle meer droegen en mei in riem der omhinne noch folle minder.
 
Yn de rin fan dit tiidfek is de gemeentewurkpleats nei de âld skoalle oan it Leechein ferhûze. Der fûnen û.o. de fitters, skilder en timmerman harren plakje yn in lokaal en ek it ridende en oare ark is hjir doe ûnder brocht.
 
Ta beslút.
By it ûnderhâldswurk op it tsjerkhôf fan Nes troch twa gemeentemannen seit de ien: “As it myn tiid letter is, dan wol ik hjir net begroeven wurde”  werop de fraach “werom dan net” stelt wurdt is it antwurd:  “No it is hjir altiid sa stil, der komt hjir nooit in mins by je”.

Jaap de Groot, Frjentsjer (Soan fan Pyt de Groot, sjauffeur bij Gemeente Utingeradeel) 2023

Heeft U nog vragen, op- of aanmerkingen over dit onderwerp, of een ander onderwerp of heeft u nog iets dat u met ons wilt delen. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Spreekt ons werk u aan, en wilt u ons ondersteunen? Donateur worden kunt al vanaf €8,50 per jaar. Zo kunnen wij ons ‘werk’ blijven doen en kunnen andere bezoekers er ook weer van genieten. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Stiftingakkrumaldennij@gmail.com

 - 
Dutch
 - 
nl
English
 - 
en
French
 - 
fr
Frisian
 - 
fy
German
 - 
de
Portuguese
 - 
pt
Spanish
 - 
es
Ukrainian
 - 
uk