125 Jaar Coopersburg.

125 Jaar Coopersburg.

Wy ha in hiel drok Monuminten wykein op 12 septimber hân, mei in hiel soad belangstellenden dy foar de regintenkeamer fan Coopersburg en it Mausoleum kamen, mar ek de foto’s yn de tún fan Coopersburg sjen woene. Spitigernoch wiene der in soad minsken dy op dy dei oare plannen hiene en dus de foto’s net sjen koene. Foar dy minsken ha wy goede berjochten. De 120 foto’s op de pealtsjes yn de tún fan Coopersburg bliuwe noch de hiele moane septimber stean en ek noch in part fan oktober. Dus sla jo slach en bewûnderje de foto’s no it noch kin. De Stifting Akkrum Ald en Nij winsket jo in soad plesier hjirmei. O, ja . . . . ha jo dy moaie jierdei kalinder al sjoen?? As jo no stiper (donateur) wurde, krije jo der fergees sa’n moaie kalinder by. (Foto: Doutzen Schouwstra)

It wurdt ien grut feest op 12 september o.s.

yn en om Coopersburg.

1901 – 2026: 125 jaar Coopersburg te Akkrum

Op sneon 12 september 2026 fiere wy it 125-jierrich jubileum fan Coopersburg.

Yn de tún fan it monumintale gebou jout in grutte fototentoanstelling in ynsjoch yn de skiednis fan Coopersburg. In kolleksje troufoto’s dy’t yn de tún fan Coopersburg makke binne, lit de bysûndere bân tusken Coopersburg en (âld-)Akkrumers sjen.

It hichtepunt fan de dei is de ûntbleating fan de brûnzen boarstbylden fan Frank Cooper, de stichter fan Coopersburg, en syn earste frou, Nettie de Graaff.

De ûntbleating wurdt dien troch de boargemaster fan It Hearrenfean, frou Avine Fokkens-Kelder.

Sy rint mei Harmonie Akkrum fan de Tsjerkebleek ôf nei de tún fan Coopersburg, dêr’t de ûntbleating plakhawwe sil.

De histoaryske regintekeamer fan Coopersburg en it mausoleum dêr’t Cooper en Nettie de Graaff yn 1907 yn byset binne, binne dy dei iepen foar besichtiging.

Wy nûgje jo fan herten út om by de fiering fan it jubileum oanwêzich te wêzen.

It programma is sa:

11.15 oere; Ynrin mei drankje foar nûge gasten

11.45 oere; Wolkom troch de foarsitter fan Akkrum Ald en Nij

12.00 oere; Untbleating fan de bylden

12.10 oere; Taspraak fan de boargemaster

12.15 oere; Taspraak troch de foarsitter fan Akkrum Ald en Nij en de útrikking fan it earste ekssimplaar fan it jubileumboek

12.30 oere; Gelegenheid ta it besjen fan de fototentoanstelling

13.30 oere; Feestlike buorrel mei hapkes foar nûge gasten

14.15 oere; Sluten troch de foarsitter fan Akkrum Ald en Nij

Mei freonlike groet,

Stifting Akkrum Ald en Nij

stiftingakkrumaldennij@gmail.com

Op zaterdag 12 september a.s. is het Open Monumenten Dag. Op die dag viert Coopersburg haar 125-jarig bestaan en staan er verschillende activiteiten op het programma. Zo zijn de regentenkamer van Coopersburg en het Mausoleum open voor publiek. Daarnaast is er en foto-tentoonstelling van 100 foto’s langs de paden in de tuin van Coopersburg. Ook de bijzondere zonnewijzer in de achtertuin is de moeite waard om te bekijken. Maar het begint allemaal met de onthulling van het bronzen beeld van het echtpaar Folkert en Nettie Cooper (De stichters van Coopersburg). Aan de burgemeester van gemeente Heerenveen, Avine Fokkens-Kelder de eer om het beeld te onthullen. Komt u ook?? dan maken er met elkaar een mooie en gezellige monumentale dag van.

Boven: Met de eerste bewoners van Coopersburg in 1901.

Boven: 8 mei (1843) is de geboortedatum van Folkert Kuipers (Frank Cooper).

Coopersburg werd geopend in 1901 en dat is dus dit jaar (2026) 125 jaar en daarom worden de bewoners van Coopersburg én de bewoners van mienskipssintrum Leppehiem getracteerd op oranjekoek.

Coopersburg 1901-2026, 125 jaar (8 mei)

Zoals u misschien heeft vernomen beleeft Coopersburg dit jaar zijn 125 jaar jubileum. De stifting Akkrum Ald en Nij heeft daarom een mooi programma op de agenda staan. (Zie onder).

Coopersburg 125 jaar.
Coopersburg 125 jaar.

Bart Dikkerboom

  · redopsnSot 4664ta1  immf:43m38n1o75j60iu59062tu31f4106082tf1  ·

De eerste bewoners van Coopersburg in 1901.Zaterdag 12 september gaan we 125 jaar Coopersburg vieren. Dit doen we met een foto tentoonstelling in de tuin. We hebben al veel materiaal, maar er kan nog wel wat bij. Trouwfoto’s, karpervissen, openluchtspel, Pasveerkorps, etc. Alles is welkom, er is volgens ons nog veel in omloop. Stuur maar door en de Coopersburg tuin wordt gezellig vol met herinneringen. mail: >> Stiftingakkrumaldennij@gmail.com


Heeft U nog vragen, op- of aanmerkingen over dit onderwerp, of een ander onderwerp of heeft u nog iets dat u met ons wilt delen. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Spreekt ons werk u aan, en wilt u ons ondersteunen? Donateur worden kunt al vanaf €8,50 per jaar. Zo kunnen wij ons ‘werk’ blijven doen en kunnen andere bezoekers er ook weer van genieten. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Stiftingakkrumaldennij@gmail.com