Famylje de Groot,

Famylje de Groot,

Trije ieuwen yn en rûnom Akkrum fan omtrint 1700 oant 1992 !

In protte minsken hawwe aardichheid oan it útsykjen fan harren ôfkomst, wer’t harren foarâlden wei komme en wat sy dien of wenne ha.

No is dat nei it digitaliseren fan in protte data in stik makliker wurden dan it earder wie.

Min of mear nei oanlieding fan it nijsgjirrige boek “Boerderijen fan Nes” kaam ik ek nammen fan minsken tsjin dy’t yn ús eigen stambeam neamd wurde.

Fan ien fan dizze  minsken, yn dit gefal  Dirk Wytzesfolgje ik rjochtstreeks en yn fûgelflecht  de trie fan 8 generaasjesdy’t trije ieuwen wenne ha yn of yn de omkriten fan Akkrum fan begjin 1700 oant 1992 .

Dirk Wytzes  * ?   †  ~ 1739 Nes,  is nei alle gedachten berne omtrint 1700 , wenne en buorke op Birstum.

Wytze Dirks * Nes  †  1773  Boarn, in soan fan Dirk Wytzes is berne yn Nes, troud yn 1743,  en wenne en buorke ek op Birstum.  Hy hie yn elk gefal 6 soannen.

De jonges fan dizze soannen namen om 1811 hinne in famyljenamme oan mar wol ferskillende !   Sa neamden de jonges fan Pieter Wytzes en Jan Wytzes harren “de Groot”,  dy fan Jacob Wytzes neamden har “de Jong” en dy fan Adam Wytzes  waarden in  “de Boer” , dus de pake- en omkesizzers fan heite kant hiene net deselde famylje namme.

Abe Wytzes  * 1747 Akkrum  † 1808 Haskerdyken , ek in soan fan Wytze Dirks wie yn 1793 en 1794 kurator en nei alle gedachten boer op Haskerdyken.

Wytze Abes * 1769  Akkrum  † 1827 Haskerdyken,  wie boer op  Haskerdyken en naam op 21 des. 1811 ek de namme “de Groot” oan.  Hjir ûnder stiet de tekst fan it dokumint.

Voor ons Lid van het Gemeente  Bestuur als  gecommitteerde van  Baljuw   benevens het Gemeente Bestuur van Utingeradeel               Waarnemende  Functien  van  Maire in de  Gemeente Van Oldeboorn,  Canton Akkrum    Arrondisgement  Heerenveen  Département    Vriesland gecompareerd  Zijnde   Wijtze Abes  Wonende te Haskerdijken  heeft dezelve verklaard dat hij aanneemt de Naam van   de Groot    voor  Familienaam,  dat hij heeft het volgend getal Zonen en Dochters te Weten Abe  Oud Zestien Jaren  Auke  Oud Negen   Jaren  Dirk  Oud Vijf Jaren  Tjalling  Oud  Eén Jaar,   Jeltje Oud  dertien  Jaren    Mari    Oud Dertien  Jaren    Trijntje  Oud Agt Jaren   alle Wonende  te Haskerdijken en heeft   deze  met ons Vertekend   den    Eén  en twintigsten  December  Agtienhonderd en Elf.    

             W:   A:  de groot                                                  M. Luxwolda

Durk Wytzes de Groot *1806 Haskerdyken  † 1868 Terband, waard moolner op ien fan de trije feanpoldermolens dy’t om 1835 hinne oan de Heafeart kaam binne, súdlik fan de Deelen, om de polder fan it 4e feandistrikt nei de ferfeaning te bemeallen.

Letter binne der mear molens byboud. Dit wiene krekt sokke molens as deselde dy’t no noch op Deelswâl stiet mar sy wiene in slach grutter en hiene in flecht fan sa’n 25 m.

De famylje wenne der ek yn, fansels sûnder, stroom, wetter of gas.

Wilt Durks de Groot * 1837 Terband  † 1925 Akkrum, myn oerpake wenne  ek mei syn frou en 6 bern yn de mole en is dêr mear as 40 jier moolner west.

Hy koe der net fan bestean en moast der dan ek wurk by ha.

Om wat rûn komme te kinnen wie it net ûngewoan dat hy op syn 72e    moarns  noch om 4 oere mei it wurk begong.

Klaas de Groot * 1881 Terband † 1951 Akkrum,                                                                                                 

 Ek pake Klaas is berne yn de mole oan de Heafeart.

Letter ha sy op ferskate plakken yn Akkrum wenne en oant it ein fan syn libben oan de Boarnsterdyk, krap oan healwei Boarn.

Klaas wie arbeider en wie faak yn it spier mei einekuorren flechtsje en wie  yn Akkrum aktief mei tsjerke- en ferieningswurk krekt as by it bestjoer fan de ds. Hasperskoalle.

Piet de Groot * 1915 Akkrum  † 1992 Akkrum,                                                                                                  

Oer it wurk fan heit by de gemeente en de brânwacht is al it ien en oar skreaun.

Nei harren trouen hawwe sy in goed jier yn Aldegea (W)  en yn Terherne wenne om yn 1948 wer werom yn Akkrum te kommen op it doe nije Sinnebuorren.

Nijsgirrich is dat it mei de adressering fan post net sa hiel

krekt kaam.  Strjitte en nûmer ?   It kaam sûnder meast ek wol oer, sjoen de roukaart út 1942 mei de tekst:

                        Den  Heer  Piet de Groot

                                   Boerenarbeider

                                               Akkrum

Jaap de Groot, âld Akkrumer.

 - 
Dutch
 - 
nl
English
 - 
en
French
 - 
fr
Frisian
 - 
fy
German
 - 
de
Portuguese
 - 
pt
Spanish
 - 
es
Ukrainian
 - 
uk