Dorps-typen (ca. 1900)

Dorps-typen (ca. 1900)

Ald Akkrumer doarpstypen (In het ‘Frysk’ geschreven)

Door Marten (Metten) Bakker (1973) (*1898- †1992).

Ynlieding,

Doe’t foar heit (Durk Bakker, *1874-†1963) de tiid oanbriek, dat hy it ferwersark dél lizze moast en ta neat dwaan twongen waard, mocht der graach wat mei oare âlde mantsjes op ‘t Wide-steechsein in praetsje meitsje of gyng der mei Lize túnman, syn âlde stalke, de Leppedyk of de Ljouwerterdyk in ein út te kuierjen, mar as ‘t waer min wie, dan bleau d’r thús en kaam it potlead út it tafelslaad mei it skoalskrift en makke der oan-tekeningen oer ferskate doarpstypen en foarfallen út syn jongestiid. It binne frijwol deselde ferhalen dy’t heit ús eartiids fertelde, miskien hjir en dêr wat opsierd, want de âld baas wie net frij fan in rike fantasy, en gong troch foar it smoute ferteller, sadat wy net by alles ynstean kinne foar de wierheid. Wy moatte der by oantekenje, dat heit wol graach Fryske boeken lies, en leafst yn ‘e omgong Frysk praette, (Akkrumer Frysk dan), mar him net weage oan Frysk skriuwen, syn oantekens oan de Akkrumer typen binne dan ek (fonétysk) Frysk mei hjir en der oergeand yn ‘t Hollansk of stêds Frysk as him dat better útkaam. By it oersetten yn ús breklike Fryske stavering (mei ekskues foar de flaters, (Mar dêr ha wy Anne D. foar) ha wy sa goed en sa kwea oan de oarspronkelike tekst hâlden. Heit illustrearre syn ferhalen yn ‘t skoalskriften mei potlead tekeningen, mar hoewol ‘t hy in fertsjinstlik lânskipsskilder wie, mankearre ‘t him oan it ferbyldzjen fan syn persoanen út te byldzjen en wy hawwe ús der mar net oan weage, dy plaetsjes te kopiearjen.                     

Akkrum, Merten Bakker. 1973

Bij het plaatsen van deze verhalen zijn hier en daar foto’s van oud Akkrum geplaatst welke in beetje in het verhaal passen. (Echter dezen zijn niet altijd het gelijke van het verhaal)

                                                                                                              

Douwe de Beer,

. . . syn wiere name wie Douwe de Graaf. Hy wenne yn ien fan de keamers fan it earmhûs yn ‘e Boerestege. De gevel wie alhiel swart tarre en de keamers wiene fan elkoar skaet, fan it houten sket en dêrtroch tige hoarich wat fansels faak oanlieding joech ta argewaasje en ûnderlinge rûzjes. Douwe makke fan âlde kisten en plankjes en sa foar de lju út it doarp stoven, rakjes, jirpelbakjes en sa, ferve se giel op en stie der dan mei op ‘t Núnderpaad by Jan Dokter, en roppend: ” Rakje koop rakje koop!”. Foar ‘t hy nei de Boerestege ferhúze, wenne Douwe mei wiif en bêrn yn in arke oan ‘e Leppedyk, wer’t hy simmerdeis in de ûngetiid de “poepen” of “Hannekemaijers” (Hantsjemieren) fan it burt ôf holp.

It ark fan Douwe wie net altyd like skerp en foaral by de mieren, dy’t der foar in wike stoppels op stean hienen, wie in holle mei perkamint nedich, om de operaasje troch te stean. In lytsfeint makke Douwe der ris opmerksum, dat der noait ris lju fan it hegerein by him kamen, om skeard te wurden. Douwe wie dat ek wolris opfallen. “Ja, no ‘t jo dat sizze, dat ha ik ek al ris tocht”. It is frjemd, mar wat kin ik der oan dwaan”? Men kaam oerien, der moast wat reklame foar makke wurde, mar hoe? Douwe sei:” Jo moatte witte, ik kin net skriuwe, oars hie ik al in buordsje oan de aerke hân”. De oare ûnthjitte him, da hy soks wol yn oarder bringe soe en dyselde wyks pronke der in boerd oan de arke mei it opskrift:” Hier scheert men Heeren en Poepen”. Douwe wie tige op ‘t skik en makke it buorkundig oan elkenien. No soene der wol gauris lju út de deftige stân by him komme. As de minsken by de arke kamen, om it buordsje te bewûnderjen, sei der grutsk:” No, ha ik it net moai yn oarder”?  Wat sizze jo derfan?” en as de lju dan laitsjende wei wer ôfjoegen, bleau der lykmoedich yn ‘t geloof, dat syn klandyzje wol grutter wurde soe. Mar Douwe koe lêze noch skriuwe en koe dus net witte, dat deselde jûns ûnder it boerds kreaun wie: ”Dat ze van pijn “Oh heare Jezus roepen”! De klandyzje waard minder yn stee fan better.

Greate Bet,

Douwe wurd widner, de bêrn gyngen de doar út en sa belanne hy yn’t earmhûs  yn ‘e Boerestege, wer’t Greate Bet by him yn kaam te wenjen. Der lei foar Douwe in swiere sile foar de takomst klear, want Bet wie yn ien wurd in grut kring, in loeder. Ja wie in langliddich en bonkich groumins, skillich en ûnsjoch, oerdeis toaid mei in fieze mutse, wer’t de bannen los by del hongen en ek de klean hongen har útraffeleen as sekken om ‘e lea. Hja wie in foeleinich bekstik en boppedat mocht se graach gnobje: Ja koe min fan in oar sines ofbliuwe. Hette Kerstens (Hylkema) neamde har meastal de “Danseres” of ek wol “die schöne Galathe”. In oare kear neamde hy har “De juffrouw van de 14 centen”, dit fanwege it feit dat hja stéfêst foar 14 sinten yn in grúzich doktersfleske helle by “Johannes Willems” of “Atze Jitske”, dy’t doe noch slitery oer de toanbank hienen. De measte lju rûnen om greate Bet hinne, want o, we, as Bet it malle fel oan hie en rûzje makke.

As hja deilisskip (ruzie) socht, dan kaam der wat los, ‘skelle en rache, sa ha jo net. As Bet ferlet fan kleanguod hie, dan koe men der op rekkenje dat moandeis of tiisdeis, as de froulju op de Tsjerkebleek blikten, wer it iene as oare misten, en hja wist ferdealde goed, dat nimmen it werom freegje soe, as hja it ien kear oan de lea hân hie. Sa hie se ris in frijwol nij frouljushimd kaept fan ús buorfrou, dy ‘t fansels op ien ein wie en alles dwaan woe om it himd werom te krijen. Us heit en buorman Sinnema retten it har ôf en seinen:”As jo it al wer krije, dan mei it wol fjouwer kear yn ‘e polka en út searn wurde, want jo krije noch stompe neilen fan it rechskrabjen”. Mar Trijnsje wie breinroer (woedend) en sette de stap deryn nei Mulder, de âld fjildwachter, dy eartiids op sé fean hie en wol wat oandoarst. As jonges hienen wy wol ûntsach foar him, al koe der fanwege syn stive skonk ús noait berinne. Mulder hearde buorfrou’s beklach oan, lake ris en sei:” Ja, dan sil ik der wol hinne moatte, as se oant ferskjinnjen is, want oars sjoch ik gjin kâns it himd yn hannen te krijen”. Lykwols hy die syn plicht, stelde him temûk (verdekt) op by de Franske skoalle en doe’t Bet de stege útkaam, om har poarsje jenever foar dy dei te heljen, dûkte hy by Douwe yn ‘e hûs, dy’t omraken skrok en fan ‘e alteraesje der útflapte:” as it sok spul is moatte jo (564) mar ris yn ‘e bedstee sjen, dat is har hoal, wer’t se de stikken bewarret, marre . . . net size dat ik it sein ha, en Douwe soarche om yn tsien hasten, dat der de doar útkaam, ear’t de boi losbarste, om net earder tebek te gean as de jûns, yn ‘e stille hope, dat dan de loft wat klearre wie.

Mulder tyske mei syn gongelstok (wandelstok) wat yn ‘e bedstee om en ja man, tusken allehande oare klean kaam ek it himd fan Durke Tryntsje foar ‘t ljocht. Hy wachtte Bet yn ‘e stege op, wêr’t mear folk stie nijsgjirrich nei de útslach. Doe ‘t ja Mulder en de minsken seach, wist hja op slach dat it om har te reden te stean. It wie: In soarte fan seisde sintúch. Hja gong lyk foar him stean en sei:” Ik sil myn boadskippen yn ‘e hûs bringe en kom werom om jo te reden te stean: sis mar wat it boadskip is. Hja gong yn ‘e hûs mar doe’t ja it himd lizzen seach, wist ja, wer’t it him om te dwaan wie. Pûr razend kaam se de doar wer út, fage de mûle ôf en snoude Mulder ta: ”Smoarge lânopfretter dyst biste mei dyn horlepyppoat dat wie mis h’n? Do tochst my yn bed te finen, greate smearlap! Ast soks úthelje wolste, giest mar nei dyn eigen wiif, dat himd ha ik earlik kocht fan Blok de Voddejoad. No wyst it, smoarge frouljus jager!” Sa ging it in poas troch, oan ien trie raze en skelle en wyld mei de earmen beare en mei de eagen rôlje. Mulder bleau lykwols kalm en makke dea gemoedereard proses ferbael op. Bet sette doe op en sprong nei Durke Tryntsje ta, om dy it mannewaer op te sizzen. Wat der doe los makke waerd, lit him net beskriuwe. Us mem hie de doar op slot dien, mar hearde by buorfrou it ûnwaer losbarsten en beklage dy stumper. Doe’t Bet mei opstrutsen seil wer ôffset wie gyng Tryntsje alhiel fan de wize nei Mulder ta en frege him dimmen om yn himmelsnamme mar gjin wurk mear fan de saek te meitsjen, want ja woe foar gjin, noch safolle, foar de rjochter yn ‘t Fean. “Frou Sinnema”, sei Mulder dy’t wol nocht oan ûnnocht hie ”Dit saekje moat syn berin ha. Hja hat my as amptner yn funksje ek al beliddige en soks moat berjochte wurde. Mismoedich gyng buorfrou wer op hûs yn en hoe tichter it by de rjochtsitting kaam, hoe minder sliep hja kriege. Ek ús mem moast as tsjûge foarkomme en al dagen fan tefoarren seach dy der tsjinoan as in berch en wie hja senuweftich. Heit en buorman narren de twa al dagen, wat de saek der net better op makke. De freeds stapte Mulder mei in efter troanje yn de selde kûpé fan de trein as Bet en de beide froulju en ûnderweis krigen dy der fansels net súnich fan lâns, sadat ja mei triljende knibbels it Fean yn setten, yn ôfwachting fan dy dingen dy komme soenen. De rjochter koe Bet wol sawat, dy hie wol faker foar de griene tafel west en hie ek al ris in pear kear sitten. It stellende himd lei as “corpus delicti” foar him en frege buorfrou Tryntsje:” Is dat het gestolen hemd vrouw Sinnema”? Mei in kleur as bloed en mei in brok yn ‘e kiel andere dy dimmen:” Ja edelachtbare”. Ek mem tsûge dat dat himd fan buorfrou wie. Doe frege de rjochter:” Wat is de prijs van het hemd vrouw Sinnema”? Dy neamde de priis en doe fleach Bet oerein:” Nou moat it net raerder wurde. Dat froumins liicht! Och heare heare minhear, hoe doart se it te sizzen dat loeder der kin men wol twa sokke himden foar keapjen, sok flardeguod!. Ik soe net graach sokke flarden om ‘e kont ha wolle! Men sei letter ”Ik ljeau dat dy âld keardel har mei op set sin útrazen litten liet, hy gniesde mar. Op ‘t lest wurdt Bet it swijen oplein en folge de útslach fan de rjochter mei it fûnnis.

Douwe hie yn elk gefal in pear fredige wiken. Doe’t de beide froulju wer thúskamen stienen Heit en Buorman harren al op te wachtsjen en fregen skynhillich:” Nou, hoe is’t ofrûn?” Mar de twa rounen harren sûnder antwurd foarby en earst thús yn ‘e keamer ferklearre Tryntsje: ”Dit is ien kear mar noait wer al stelt hja myn hiele liifdracht. Ik kom net wer yn ‘t Fean by de rjochter.

Douwe wie ek doarpsomropper, en fielde him tige, as der mei de skille (belle) de Buorren del gyng. Hy beskôge it as in eare baentsje en droech it nijs oer oan de lju mei in bulte P.567 pathos, werby der it wyt fan de eagen foar draaide. Op in kear briek der brân út yn ‘e pleats fan Jan Pasma te Haskerdiken en hoewol dit net ûnder Akkrum foel, krige Douwe opdracht om it wrâldkundich te meitsjen. Hy fleach klepperjend op syn grutte klompen de Buorren troch, skiljend en roppend :”Brand, brand te Haskerdijken’. As der belangryk nijs wie, dan skeakele Douwe altyd op ‘t Hollansk oer. Jan Dokter kaam de smidte út en sei:” Douwe jo moatte hurder rinne man”. Dit is slim, dit is slim: sjonge jonge brân yn Haskerdiken! Hurder man, hurder,. “Ja”, sei Douwe,”dan moatte de klompen mar út”. Dokter krige dy fan him oer en Douwe sette de sokkken deryn! Om ‘e hoeke stowe ‘r tsjin Pinne op, dy ek yn de Boerestege wenne. Dy frege ferheard: ”Wer is de bran”?  “Yn Haskerdiken”, “Hinne Douwe”, kom mei!” Raesde Pinne, derhinne. Hoe hurder wy rinne, hoe hurder wy der binne!”. En Douwe wie sa fan ‘e wize, dat hy op hoasfuotling efter Pinne oandraafde de tsjustere Feansterdyk út, alhiel nei Haskerdiken.

Op in kear kaam Douwe senuweftich en fan de wize by Jan Dokter, de smid die hy as fertrouwensman beskôge. Och, och, wat is ‘t wat Dokter, sei d’r mei triljende lippen, “Jo witte wol, Bet hat wat lange fingers en no hie ‘k in ryksdaalder mei-inoar opgarre en éfter myn âlde pultrum en’e muorre opburgen, mar it is krekt as rûkt se it, want it jild is fuort. Ik bin it kwyt. Bet wist fan de prins gjin kwea en hie in bêst sin, mar Douwe koe in pak op syn faelje krije, as der net ophâlde mei seuren oer dat jild. “Hoe moat ik hjir no mei oan Dokter?” It wie sa’n skoander sparpotsje. Ja, Jan Dokter beklage him tige, mar wist hjir ek gjin rie op. ”As jo ris nei Mulder gyngen” Douwe en liz dy de saak ris út. Miskien wyt die der wol wat op. Mar Douwe smite dat fier fan him ôf. Hy wie as de dea foar de gefolgen en it jild kaam der ek net wer mei werom. Yn de earste dagen wie Bet wol gauris nei Johannes Willems en stie it sin op moai waer, want de jenever die wûnders.

Douwe gyng ek faak nei bruloften en sa. Hy hie dan in swart pak oan, teminsten it hie swart west, mar skynde no wat út nei grien. Mei wat flibe pûtste hy de skuon’n wat op, wask en skearde him sa goed en sa kwea dat gyng en sette dernei foldien en grutsk de stap der yn. Hy die as wie der op de bruloft noade filystearre it breidspear en de fierdere famylje útfoerich en kaam njonken lytsen mei in rymstik op ‘e proppen, dat ‘r foar droech. Lêze en skriuwe koe der net, sadat hy by alle gelegenheden itselde stik út ‘e holle nei foarren brocht. Dan wie it oan it romerke ta en stadichwei rekke der op dreef, moast der sjonge en foardrage.” Op syn manier koe der ek bûksprekke.

“Mefrou ûnder oan de treppen: ”Mientje ben je boven”? Stim fan boppe: ” Ja mefrou”, er moet koffie worden geschonken”. Mientje fan boppe: ” Ja mefrou, ik kom” en sa gyng dat fierder. As Douwe syn wiit en droech hân hie, woe de famylje him meast wol slite en noam der mei de nedige omhael ôfskied en kraske der wol foldien nei hûs ta. Syn pak en skuon waarden dan wer yn ‘e kast opburgen. Der wienen syn lytse kostgongers, dyt him altyd beselskippen, him tige tankber foar, want sa’n koarte ûnderbrekking mochten jo wol oer. Letter wiene ja dan wer drokker as ea te-foarn. Ja, dy lytse kostgongers! Hja wiene ûnofskiedlik fan Douwe, mar op ‘t stik fan saken moast der it toch fan grutte Bet ferlieze. Dy siet der yn ien wurd ûnder. Heit sei wol ris tsjin de feinten:” Hja hat sa’n bytsje klean oan, oars net as raffels. Ik wyt ferdomme net wer’t dy dingen altyd plak fine”. As de sinne fel stiek en it net mear yn ‘e hûs út te hâlden wie, dan skobbe Bet har bonkerak tsjin de swart tarre gevel fan it earmhûs en jage se de bistjes fan’t iene plak nei’t oare. Dan kamen ja tot de hals út. By it boppeste knoopke fan it jak, makke efter elkoar in slach om ‘e nekke en en ferdwûnen dan wer achter de raffels. It wie krekt as waerd it bytsje ferwiede. Dit waard ek Douwe te slim en tsjinoer myn swaeger Hessel (van der Leen), dy’t hy ek wolris yn betrouwen naam die der op in kear syn beklach. “Wy wenje sa as jo wite van der Leen, elk yn in hoeke fan de keamer, mar as hie se dy bistjes dressearre, se rinne (allegearre?) , , , nei myn hoeke ta. Ik kin der neat tsjin dwaan. “Witte jo wat Douwe” sei Hessel, ”As Bet in kear fan hûs is, moatte jo in panlatte op ‘e helte fan de flier slaen, en smar dy mei tar yn, dan bliuwe se der wol yn sitten”. Dat like Douwe wol goed ta. “Dat is net sa dom betocht ornearre hy, dat sille wy ha en ja man en trije dagen letter slagge it him. de lúsprikke oar de flier te slaen. De jûns kaam Bet thús en wie de boat fansels oan. It naeide der sa út dat dat de buorlju, dy’t wol wat went wiene, seinen:” It like wol as wie de hiele Ljouwerter Butterhoek losbrutsen”.

Doe’t yn 1868 de spoardyk by Akkrum lein wie en it stasjon klear kaam, wiene der snoade lju, dy’t tsjin Douwe seinen: “Jo kinne jild fertsjinje Douwe as jo de koffers en oare bagaazje fan de reizgers nei’t hotel bringe”.

Dy seach der wol wat yn en skafte him by de weinmakker op ôfbetelling in plat kroadsje oan, tikke ûnderdanich oan ‘e pet en frege dan; ”Pakjes dragen mijnheer?  Ja, Douwe wist wol hoe as it moast en sa krige der wolris gau in pear stûren. It bard ek wol dat de fracht te grut wie om yn ien kear oer te bringen en derom sette men him oan om de kroade troch in karke te ferfangen, dan koe der yn ien kear mear meinimme. “Jo binne in goed fakman “seine ja,  “Jo kinne it sels wol meitsje.” Dat woe wol yn Douwe del en en sa makke der syn eigen transportmiddel. It like mear op in grutte karrebak op roltsjes as op in karre, mar it koe ride en foldie oan de easken om mear te bergjen. Douwe hie yn it doarp hiel wat freonen, en ien fan harren skildere op ‘e foarkant: “Spoordienst Douwe.” Dat lêste wie in útfynsel fan Jan Dokter, want dy sei: “Jo binne no hast sa goed as fêst by’t spoar en stel jo no ris foar dat der konkurinsje komt, derom moat jo namme derop. Sok folk rekommendearret jo by oaren oan en as as jo namme der op stiet, dan wyt elk wa der ha moat”. Douwe wie it der altyd mei iens en reizge frij geregeld nei de treinen mei syn “Spoordienst Douwe”. Trouwes, ryk is hy der nea fan wurden.

Dôve Antsje,

(va. pag. 571.) Dôve Antsje wenne ek yn de Boerestege: Hja wie widow en wat oan de simple kant. De lju seinen, dat hja wolris mei mountsjes rûn. Hja hie ien soan: Pier van Kooten, dy’t strontskipperfeint west hie, mar letter op ‘e grutte feart telâne kaam. Jierrenlang swalke ‘r as matroas op sylskippen, fan it iene lân nei it oare, de hiele wrâld oer. Om de twa of trije jier socht der syn âlde mem op en sa no en dan skriuw der wolris in brief. Dy’t foaral gygen oer de fjochterijen en opstân yn frjemde lânnen. Antsje koe soks net altyd ferwurkje en rekke op ‘t lest oan ‘t meallen. Dan stie se yn ‘e doar te bearen oer kommende tiden, as it bloed yn ‘e goaten streame soe en oan alle lantearnepeallen galgen hingje soenen. “Dan sil der oarloch en deaslach komme, dat siz ik jimme. Wannear Antsje in kalme rite hie en oer de ûnderdoar hong, dan seinen wy freonlijk; ”Dei Antsje” en as hja dan beguon te fertellen oer Pier, dan kamen wy skrúten tichterby, want men wist noait wer’t men mei Antsje oan ta wie.  Dan die se tige heimsinnich en bearde mei de hannen yn ‘e lucht. Wy spilen dan it spul moai mei, mar ynienen knapte it ferhael of. Dan waard de boppedoar sletten en gyng hja yn hûs.

As soks barde wie it ús beurt. De doar waard iepen smiten en dan naeiden wy út. Want wy krigen fan alles wat hja yn berik hie efternei: klompen, skuon, biezem, bjinder en sa mear, krekt sa lang as de skoattel wer op ‘e doar kaam en it feest ôfrûn wie. Bêrn kinne soms sûnder erch tige wreed wêze. Antsje hie trouwens in ôfdwaand middels tsjin de streken fan de kweajonges (en famkes) dy’t op pleagjen út wienen. As ja tocht, dat der ûnried driigde, dan stie se op ‘e loer efter ‘t lytse finsterke en wy dejinge, dy’t dan de doar iepensmiet.  Hja hie in grutte, griene maeikemoui mei opsparre “levenswetter” fan in dei mannich klear stean en foardat de dogeniet der op fertocht wie, krige’r de folle lading sitroenwetter oer him hinne. Us Kee hie in kammeraadske, dy’t wy Skillige Klas neamden, omdat hja altyd mei har linkereach sjen woe, wer’t it rjochter each siet. Op in moarntiid foar ‘t de skoalle begyng, oppenearre Kee, dat se best de doar by Antsje noch efkes iepen smite koenen. “Ik sil wol roppe as’t de doar iepen hast”. Klas roun op ‘e doar ta en wachtte op Kee, mar dy bleau op ôfstân, want dy wist, dat benammen moarns der in wetterhoas hong, en dat bleau net út. Klas krige de folle boi oer har hinne, it rûn har út alles wei. Kee wie al útnaeit nei it Núnderpaed en wachtte der it slachtoffer op, dat gûlend as in bêrn oan kaam. Der siet neat oars op, hja moast nei hûs om har te ferskjinjen en kaem fansels te let op skoalle. Master Smilda rôp har foar de baelje en doe kaam it hege wurd der út, om har der mei in lyts leagentsje út te redden, der seach Klas oars net tsjin oan, mar tsjin Master Smilda syn stringe eagen, dy’t troch har hinne seagen foel hja troch de koer en flapte derút: “Kee Bakker weet er wel meer van Meester. Dat wie in krityk eagenblik. Kee vertel eens warom Klaske te laat is?”  “Ja . . . eh . . . meester, Dove Antsje smeet haar nat met  . . . eh . . met . . . water en toen moest ze naar huis om te verschonen”. Hylariteit yn ‘e klas fansels en de beide sûndaressen stienen mei in heech reade kleur foar master dy ‘t de plak opsocht en dy op deskundige manier hantearre, werby hja it leksum mei krigen, gjin âlde minsken te pleagjen. Sûnt ha Kee en Klaske it nea wer weage, by Antsje de doar iepen te smiten. Yn dy tiid hienen wy hjir in dumny Klinkenberg, in grutte gewante man.

Boppesteand is NET Ds. Klinkenberg.

Wat eigenweardich yn syn dwaan en litten. Op in jûn soe der ek by Antsje op besite. Hy die de doar iepen en rôp: “follek“ Mar ear’t hy der erch yn hie krige der in mep mei de biezem. Blykber wie ta syn gelok de foaried sytroenwetter net foar hannen. “Ik sil dy helpe biet Antsje him ta, bliksumse kweajonge om in âld minske te pleagjen”. En noch ris feegde se mei de biezem ta, sadat de hege hoed fan de dûmny oer de Boerestege rôlle. Pats, de doar kaam ticht en op ‘e skoattel en dûmny bleau alhiel ferbouwerearre stean. Antsje hie him mei har “Liefdegave” foar altyd ferbolle. Hy hat der nea wer west.

Mekke Burd,

Hja wie ek ien fan de Boeresteechsters. Har namme wie Metsje, mar elkenien neamde har Mekke. As hja de Buorren lâns rûn, eagen wy as bêrn har mei bewûndering nei.

Hoewol ‘t hja ommers in frou en gjin man wie, hie hja dúdlik in snor en lange wite hierren oan’t kin. It wie in stil en ienfâldich wyfke, dy’t gjin minske lêst oan die en har eigen wegen gyng. As hja troch de bêrn op ‘e Buorren nei rôppen waard, dan kearde sy har om, seach de bêrn ien foar ien oan en stiek de finger mispriizjend omheech. Dan draeide se har wer om en gyng wer fierder. Bêrn meije graach pleagje, foaral doetiids mar hoe’t dat kaam, kin ik net ferklearje, wy narren Mekke noait en hellen by har nea kattekwea ut. Wy founen it in núver minske, mar fierder lieten wy har mei rêst.

Pinne en Martsen,

Hja wiene buorlju fan Douwe (de Beer). Hindrik Kok waard yn ‘t doarp altyd ‘Pinne’ neamd, in name dy hy himsels jûn hie yn ‘e perioade, doe’t hy as lytse beuker noch net praete goed koe. Hy wie in skrale en bonkerige keardel: de klean hongen him bongelich om ‘e lea en it like wol as wie der út alle klean groeid, sa koart wiene de jasmouwen en de broeksboksen. Martsen wie gâns lyts en fan bestek. Hja hie in hekel oan sjippe en seach der dan meastal ek wat grûzelich en goar út. En yn ‘e hûs wie it navenant. Eartiids wenne hja yn in arkje dat op ‘e wâl lutsen wie by de pleats fan Willen Jiskes. (“Sminia-state” op it Krompaed). Mar doe’t de arke brekfallich waerd, ferfearen hja nei de Boerestege.

Pinne wie kouwedriuwer, turfsjouwer en sa en holp simmerdeis by Ultsje Postma yn ‘t hea en fierder rekke der op ‘e earmfâldy. Pinne hie noch in âldere broer Karel Kok, like lang fan stik as hysels. Karel wie troud mei Eibertsje, in lytsts tsjok wyfke. Hy wurke by de Hoytema’s op it oaljefabryk. Pinne brocht tongersdei nachts it fé nei Ljouwert, rinnende fansels en ûnderwei wienen de nedige spirituelen wol opdien. Hy barde foar elke ko f.1,- driuwlean. Wienen der twa dan hie der in deihier fan f.2,-. Wienen der trije dan wie soks ekstra. As Pinne freeds thúskaam mei in sneetsje yn ‘t ear en wy seagen him oankommen op syn lange skonken, no en dan mei in misstap, fregen wy: “Pinne wer moat dat hinne”? Mar wy bleaun wol op ôfstan want in klap mei de lange keapmansstok hiene wy respect foar en Pinne koe op syn lange skonken hurd rinne. Martsen kaem net faek út ‘e stege wei mar as’t merke wie, dan wie se present. Foaral as der dûnsjen wie. Der wie se sljocht op. Pinne wie dy keunst net sa goed machtich en stroffele tefolle oer syn eigen lange skonken en siet derom meastal tusken syn maten, dy’t him traktearre, wylst hy mei de fûsten op ‘e tafel siet te swetsen. Yntusken siet Martsen har as “Prima ballerina” alhiel út, mei Jan en Alleman. Hja seach dan pûr gelokkich en ferliedelik nei har partner op. Want it moat sein wurde, Martsen hâlde fan manlju. Greate Bet sei op ‘n kear; ‘’It is har like folle, as der mar in broek oan hat’’. Werop Martsen werom snibbe: ”Better ien mei kromme poaten of ‘n bult as hielendal net ien lykas do smoarge broek mei brânhout. En as der ien wie dy’t Pinne warskôge, dat syn wiif der mei in oaren ien útnaeide, sei er; “Lit se mar gewurde; ik ha jûn leaver in slokje as in wiif”. Harke, jou my noch mar ien!”. Och Martsen belibbe de moaiste dagen fan ‘t jier. Werom soe hy har dit ôfnimme? Yn dy tiid kaam hjir geregeld in âlde foddekeapman. Blok, dy’t mei in sek oer de earm troch de Buorren rûn, en oan ien trie wei mei syn trieste stem rôp; “ Handel . . . handel . . .!  Het de vrouw ook fodden? As der in sek fol hie, socht der de Boerestege op, om in kopke kofje by Martsen te heljen. Dan waard der yn ‘e stege smûsd en gniffeld en sei Greate Bet; “do âlde smoarche foddejoad sit wer by Martsen: der sil wer wat barre, Ljeau dat mar”. En as Blok wer ôfreizge wie begin it narjen foar har op’e nij. Martsen lykwols lake derom en rôp “ o ho, wat is se jaloersk, ik sil ‘m skielk ek ris nei dy stjûre hear skat? Mar tink derom; in klûntsje yn ‘e kofje, want hy hâld fan swiet!’ oh ho wat is se jaloersk” En dan gyng Martsen spytgnyskjend yn ‘e hûs. Op ‘n Simmerdei doe’t Pinne by Ultsje Postma yn ‘e ûngetiid wie en de Jimmen tsjin de spoardyk, oan it meanen wie, ried hy op ‘n kear mei in tsjokke weide hea troch de Wide Stege.

Hy hie de gripe efter yn ‘t hea stutsen. Mar dy rekke wat los en ramaeide troch de glêzen by ús buorlju, doe by ús troch de keamerrúten en dernei troch it keukenfinster fan kastlein Jan Visser. De Wide stege lei besaeid mei glês, mar Pinne ried troch, dy hie neat murken. De froulju stowden ta de doarren út en bearden mâl. Us heit stie yn ‘e doar te laitsjen en sei; “no ha jim ek ris wat oars te feijen as kowestront. Doe’t letter Ultsje Postma sels der oan kaam, diene de froulju harren beklach. Hy sei tsjin ús heit: “Jo moatte it mar foar elkoar bringe Bakker en stjoer dan it rekkentsje mar nei Nijjier mar nei Pinne”. Dat is doe net troch gien, want Pinne hie winterdeis gjin reade sint op syn gewisse. Mar de skea waard troch Postma oansúvere. Doe’t us heit Pinne in kear yn ‘e Buorren tsjin kaam, frege ‘r dy hoe ‘t it kommen wie. “ Ja, dat sil ik jo size Bakker, Ik wyt fan neat, Ik ha der neat fan fernommen” sei Pinne. “Mar wat bliksum wat dogge jo ek yn sa’n smel pypelaad te wenjen”? Hy taste yn syn festjebûske, djippe der in dubbeltsje út op , draeide it steegje by Klaas de Groot yn en kocht in slokje by Schilstra. Koart dêrnei stoar Pinne (1898) mar Martsen fûn al ridlik gau treast by in opfolger en ferhúze mei hat twadde leafde nei Boarnburgum.

Fokke Pif, (Lingsma)

(p. 577.) Fokke Pif wenne ek yn de Boerestege. Syn achternamme wie Lingsma, mar sa koene de measte lju him net. It ferhael gyng dat Fokke op skoalle de griffel falle litten hie en master frege: “Meester mag ik mijn pif onder de bank opkrijgen?” en dat hy dertroch de bijnamme Fokke Pif krigen hie.

Yn ‘e merke stie Fokke Pif by de smidte fan Jan Dokter mei in baskule mei wichten en eamele de hiele dei troch: “stap op en laat je wege”. As der dan in soad jongfeinten en –fammen yn ‘e Buorren wienen, dan wie ‘t Fokke syn gouden oere. Benammen as der fammen as klant krige dan waard der op syn manier “grappig “ en dan sei der.”No fanke, moast der ris woegen wurde? Wa ‘t de dikste billen hat, hat jûn it gaust in feint”. Ek tongerdeis as ‘t hurddraven wie en de boeren de merk op gyngen, bitsjutte in fette dei foar Fokke. Sa barde it ris in kear, dat der in grouwe boerinne op ‘e skealju stapte en alle wichten fan Fokke der oan te pas komme moasten, mei-inoar 230 pûn. Mar dat wie noch net genôch. “Nou Nou, sei Fokke, dat is in hokkelings gewicht. Ik sil even nei Douwe slachter, om in pear wichten op te heljen. “Jo moatte even geduld ha”. Doe’t der hymjend en pûstend werom kaam wie de boerinne fuort, mar de laitsjende boeren fertelden him, dat hja út lilkens fuortgong wie. Om’t hy har mei in hokkeling ferlike hie. Hy krige lykwols syn dubeltsje en der gyng it op ‘t lêst om. Hja seinen, tink der om Fokke, it wie gjin hokkeling mar in tredde kealskou, want hja hat al trije bêrn”. Douwe Boonstra hie Fokke in pear âlde wichten mei joun, dy’t net ikere wienen. Hy brocht plysje Mulder der fan op ‘e hichte mei it buodskip: ”Jo moatte Fokke mar ris benaud meitsje”. De âld styfskonk hie der wol nocht oan en sette op Fokke ta, Boonstra bleau op in distânsje stean- en frege sa by de noas lâns:” Wol, Fokke, hoe gean de saken”? Fokke hie sa no en dan al in oerstapke makke nei Piter Harings dy’t neist Jan Dokter in herberge hie en wie tige praetsk. Hy sei tsjin Mulder: “Dat giet best Mulder en it sil noch wol better wurde, want de drokte komt noch”. Mulder seach ûnder it praeten wei de wichten ris. “Ja “sei Fokke “Dy “derre binne net sa moai poetst as de oaren, mar ik hie niis krekt sa tekoart oan wichtenen doe kaam der in dike boerinne en . . .” “It spyt my Fokke, sei Mulder, ‘’ik moat dy ferbalisearje want dy wichten binne net ikere. Dat is ûnearlik spul man.

Fokke seach him ferheard oan, syn kalken pypke, werfan it stalle-ein mei in hiel kaertsje jern omwuolle wie, omdat it him oars út de mûle foel, trille him tusken de lippen. “Wat sizze jo, Mulder? Mar dat binne myn wichten net, dy binne fan Douwe. “Doe’t Mulder sei” Ja, dat seit neat, Jo weagje dermei en der giet it om.” It boekje kaam út de bûse en doe wiene de rapen gear fansels. “Nou stiet men hjir fan ‘e moarn ier tot oan ‘e joûn om in deihier te fertsjinjen en nou dit. Earst in moai praetsje en dan yn ‘t boekje! Dan binne der wol oaren, dy’t proses ha moatte, mar ik sil it de hiele wrâld rûnkrantsje hokker keardel asto biste! ”Fokke wie breinroer (woedend), elk hie der wille mei, want yn wêzen mocht men Fokke wol. “Ik sil it Piter Harings fertelle, en oan elk dy’t der binnen sit. En Fokke sette op de herberge ta. Doe’t der der de kiel wat wiet makke hie, die der oan elk syn ferhael en fûn der tige byfal. Tige op ‘t skik kaam der de doar wer út, want elkenien neamde ‘t in skande en hy rôp lûd.  Al krij ik ek f.25,- boete, der sitte binnen genoch lju dy’t it mei elkoar betelje wolle”. Hy krige de wichten op en brocht se nei Boonstra tebek. “Dy sei mei in ûnskuldich gesicht;” Jo meije se best noch wol even hâlde Fokke, Ik bruk se dochs net. “Dat wol ik wol leauwe rôp Fokke.” Do kinst om my mei dyn wichten yn e strond sakje smearlap. Fan in proses is nea wat kommen, mar Fokke libbe letter yn de ferûnderstelling dat de oaren it ôfkocht hienen. Fokke die fan alles: turfdrage, Boudskipje, skytbûtse en maitiids goatten himmelje. Hy wie brânhout meager, mar taai as in murd. Hy wie al oer de sechstich, Doe’t hy de goatten fan de heechste huzen noch himmele en mei in amer wetter by de 25 triems ljedder opfleach.

Op in kear wie Fokke opperman by de fertimmering fan it grutte hûs fan notaris Sickler op’t Heechein.

Der wurke in stukadoor, in Dutser dy’t Spekmann hiette en út Ljouwert kaem. Hy die syn namme eare oan, want it wie in grauwe dikke poep dy’t in protte wille mei Fokke hie en best mei him opsjitte koe. Om it oere moast Fokke foar him op de kedde, dat wol size, even efterom troch it steechje, om foar acht sinten wat op te heljen en dan krige hja elk in slokje. De poep koe der better tsjin as Fokke, mar it moat sein wurde, men koe oan him neat merke. Wiebren, ús feint (fan Durk Bakker) en ik wiene der ek oant wurk en wy betochten in grap, fansels te ’n koste fan Fokke. Mei in krúshout fan panlatten, wer’t wy Fokke syn jaske oerhinne strûpten, it slagge it aerdich goed en doe waard it hiele gefal omheech hyst. Doe hong it boppe-ein fan Pifke flak ûnder de goate. Om 12 oere slûpten wy beide nei boppen en wachtten ôf. Fokke: ‘’Hé Speckmann, hewwe jou myn jas oek sien?. “ Speckman, “Ick dein jasse?? Ja, achter in ‘e kamer.  Fokke:” Daar hangt ie niet meer”. Beide oan ‘t sykjen , mar sûnder resultaat. “Súden die bliksemse verwers der mear fan wete? Speckman:”Dass kann ick gahr nicht glauben”, mar tafallich seach der nei boppe en sloeg doe dûbeld gear fan ‘t laitsjen. (en fan de slokjes) tsjin de groun, der’t der blau om ‘e kop lizzen bleau. What ha jo no, wat is der mei jo? Rôp Fokke, werom moatte jo sa yn ienen sa laitsje? Mar Speckman koe neat sizze en dat makke Fokke pûr. “Dou likest wol gek, wat mankeard dy?, healwize stikkenedoar as’t biste. Speckman koe oars neat as omheech wize en doe seach Fokke himsels hingjen, dat wol size; syn jas. Pûrlilk die der flokkende wei, in raam nei ’t tou, de jas kaem nei ûnderen, mar it lange ein fan de panlatten kaem op ‘e sydmuorre telâne, knapte mids twa en de oare helte belâne mei de jas achter hûs by kastelein Koopmans yn ‘e rigele amers en tobben, wat in leven fan komsa joech. Speckman lei yn it gêrs te roljen en stikte hast fan it laitsjen, mar Fokke wie al hiel op ien ein fan gremitigens. Wy glûpten de steechdoar út en frege heit de middies om oar wurk, mar dy hie wol wat yn ‘e gaten en stjoerde ús wer nei ‘t kerwei by notaris Sickler. Gelokkich wie Speckman wer wat bykaam en hie der de lulke bui fan Fokke mei in pear romerkes jenever wer delbêdde.

De Weesmoeder, (Maria de Groot),

 (p. 581.). . . ha ik noait oars as ûnder dizze namme kind. Hja wenne oan de sydkant fan de earmkeamerkes by de Trigreppel en wie in kalme, bedaerde en himmele frou dy’t har net folle mei de oare Boeresteechsters bemuoide. Hja hie trije famkes yn ‘e hûs, sawat fan ús jierren, dy’t d’r altyd kreas en skjin útseagen. Elk frege him wolris ôf, hoe’t soks mooglik wie en hoe hja it dwaan koe fan in lytse fergoeding dy’t hja der foar krige. Sa gau as de famkes fan skoalle kamen waard der in plakje foar harren socht en gyngen hja de wrâld yn.

It wiene bêrn fan in merkereizger, dy’t syn frou hjir te hôf brocht hie. Tiisdei nei de merke wie der mei de “Noorderzon” ôfreizge mei in jong frouminske en liet de gemeente sitte mei it âlde spulweintsje en de soarch foar de bêrn, dy doe ûnderbrocht waarden by ”Moeder Maria” of de “Weesmoeder”. Wy hiene as bêrn in stille achting foar dizze frou hoewol wy net krekt de skiednis fan de merkereizger wisten. Wol fielden wy dat de “Weesmoeder” fan in oar slach wie as de oare Boeresteechsters. Doe’t hja stoar, waard alles oerbrocht nei de rezidinsje Aldeboarn.  

Alde Truike,

  . . . wenne ek yn ien fan de earmkeamers. Hja wie in lyts behindich wyfke, altyd blier en tefreden en omdat hja neat om pleachjen joech en krekt die as of hja der wille om hie, lieten wy har mei rêst. Hja breidde in bulte foar oaren en gyng ek wol út naeijen. Alde Truike libbe har eigen tefreden libben, tankber foar alles wat har temûk ta treaun waerd.

Sake Klok,

(P. 582, 22). . . is in âld opperman, wie it tipe fan de evige oppesant. Hy hie syn byname krigen fan it timmerfolk, omdat ‘r moarns altiten te let op ‘t work kaam, mar as ‘t tsjin itenstiid roun, dan wie hy ien fan de earsten, dy’t risselewaasje make om op te hâlden. It wie in lestige, nijssgjirrigeg keardel en boppedat ferskrikkelik loai (lui). Leafst stie der op ‘e hoeke fan Jan Dokters smidte te beurzjen. De muorre der wie glêd op ‘t plak der’t Sake meastal tsjin oan hinge.  Hy wie stéfest mei elkenien yn ‘e kontrawine (dwars), Sei de iene,: “Wat is’t glûpende kâld hjoed”, dan sei Sake: “ Kâld, wer hast it oer”? “it ie hjir suver smout yn ‘e lijte” Waard op in oared kear oppenearre: “ Moai waer h’n ”It sintsje is der hjoed lekker by”, dan wie Sake syn kommentaer; “ Wer praetst oer,, ‘t mocht wat! It is hjirop ‘e hoeke mar lûkerich”. In tiidland wie Sake ek noch stâlfeint by Moeke Kuiper yn hotel “De Zeven wouden”. Dan wie in útsocht baentsje foar him: net folle wurk, it protte omhingje en no en dan in foai. Hy paste op ‘e hyngst dy der stationearre wie, fersoarche de bear dy’t hja der op nei hâlden en makke fierder de stâl skjin. De bear hie in wat nuvere name. Hy wie fan it feredeld Duits bargeras, en stie, wat yn dekking fermogen oangiet, heech oanskreaun. Yn die tiid wenne der yn ‘t Fean in man dy’t naeimasines ferkocht. Dy kaam hoe langer hoe mear yn ‘e moade en as yn Akkrum immen sa’n ding oanskaffe woe, dan gyn der in boadskip nei’t Fean, en kaam de man sels oer. Om de froulju de earste hângrepen te learen. It wie in kreaze eptige (netjes) man, donker fan úterlik en mei in bûtenlansk aksint. De iene sei dat it in Poal wie, de oare tocht in Rus, mar hy rûn der wol in ein út, sa wie ‘t al. (583) Swi slaen koe der wol en hy fertarde bêst wer’t der kaam. As der yn Akkrum wie losjearre hy by “Zevenwouden”. Mar op in kear wie der samar ôfreizge, sûnder in adres achter te litten, mar mei gans wat jild yn ‘t knipke. Hy liet op de measte plakken, mar foaral yn ‘t Fean in protte skulden êfter en boppedat in stikmannich froulju. Dy’t der de kop gek makke hie. Ek by moeke Kuiper stie der nochal wat yn ‘t kryt. Rinse, de soan reizge nei it Fean, mar syn reis wie om ‘e nocht. De Poal wie fuort en bleau fuort. Rinse hie dyselde deis in bear baerch kocht en liet de oare deis in adfertinsje yn ‘e Hepkema sette: “Beschikbaar by Hotel Zevenwouden in Akkrum de volbloed beer Max Levandofsky”. Dat wie wreak fan Rinse. De bear en Rinse binne allang dea, mar hiel lang hat it bargehok yn de ‘’Zevenwouden”in buordsje hongen: “Max Lovandofski’’ by.

Hjir fielde Sake him thús, op in moarn wie der yn de stal oant faeijen. Rinse de âldste soan seach ús by de iepen doarren fan de trochreed stean en frege: “Siz jonges, kinne jim de âld klok net ris ôfriinne litte?”. Wy hiene it daliks yn ‘e gaten en ik frege om in stikje kryt, wermei ik op ‘e binnekant fan de stâldoar in wizerplaet tekenen, mei de wizers op ien minuut foar tolven en der kaam ûnder te stean: “Sake, het is twaalf uur”. Rinse hie ûnderwilens Sake oan de prate hàlden en kaam no kwanskwiis mei him nei foaren “Hui’’, sei er, ‘’wat moat dit betsjutte”? Sake seach it gefal stean, bestudearre it en loerde mei in skean each nei it winkeltsje fan Fokke Minke oan ‘e oare kant fan de strjitte, wer’t wy stienen en skeat doe as in snoek op ús ôf, de biezem omheech. Tsjitse, dy altiten de lêste wie, krige de earste klap, sadat syn kyle en hier ûnder de kowedrek sieten. Doe sette Sake ús efternei, de klompen út en op hoasfuortling. Op de brede brêge smite der de biezum êfter ús oan. Dy flein in pear kear oer de kop en kaam by Hielke Skuonmakker op ‘e wurktafel telâne sadat de pluggen der nei stowden. Hylke fansels breinroer (woedend), “Bliksumse âld pendule, wat moat dit”? “Wat seisto der”? raaesde Sake. Ast dat noch ris seist sla ik dy mei de biezem op dyn soallearrende bealch. As hoantsjes stiene dy twa tsjin elkoar oer. Rinse hie de measte wille en traktearre ús letter op in sigaer, dy’t fansels daliks yn ‘e brân moast. Mar dat bekaem ús min. It wéwetter rûn ús hast ta de noas út en wy wiene sa mislik as in kat. Der’wie’t him fansels om te dwaan en hy die der Sake in deugd mei. Sytse, fan Jehannes Kooistra goaide by ûngelok ris in stien tsjin ‘e holle. Dat wie net bêst. As in dief naeide hy út en doarste net by Jelle Boonstra lâns, wer ‘t Sake oppere. En dochs moast hy nei skoalle. Hy klaeide him op ‘t Biljert út en swom, de klean yn in pakje boppe de holle hâldend, nei’t swarte hok de Meinesleat oer en kaam sa, de Trigreppel lâns by Fokke Hommes op ‘t hiem, by skoalle.

Sytse rekke letter op ‘e kweek en waard ûnderwizer, mar mei Akkrumer merke kaam er thús. As Sake him dan seach sei er: “Wist noch wol dast my alris in gat yn ‘e kop smiten hast?” Dat wist Sytse fansels noch dealiks skoan. En dy lytse stille wink brocht Sake úteraerd in sigaer en in dûbeltsje foar in merkeslokje op. Sake is winlik mar raer oan syn ein kommen. Op in moarntiid yn ‘e hjerst fûn men him yn ‘e Trigreppel efter syn prevaat besit. Hy skynt de snachts, doe’t der belesting betilje soe oan it kantoar No. 100, misroun te hawwen. Sa roun Sake syn klok yn ‘e nacht ôf, om nea wer te gean.

Dôve Kei,

(p. 585.). Kei wie net troud en wenne by syn broer Wiltsje yn. Wy koene dy oars net as Wiltsje Klaske. Kei wie in sterke groubonkerige keardel, net oer grut, mar wol mei greep yn ‘e spieren. Hy hiette Gerrit Jiskes Zeinstra. Wy ha him noait oarns kind as Dôve Kei, omdat ‘r wat hurdhearrich wie. Hy hie it mier oan wurkjen, mar as it útkaam wie der it leafst yn swier work: “It lossen fan skippen foar ‘t oaljefabryk fan de Hoytema’s of foar de stoamkast” fan van Woerden en Stoorvogel.

Hoe swierder hoe better, mar it moast net te lang duorje. Oerdeis stie der meast by de beurs fan Jan Dokter syn smidte. Hy roun dan sa’n hiele dei hinne en wer, seach even om ‘e hoeke, de Dringelstrjitte oer en pandere dan wer werom nei it stekje ta, sa’n meter of seis, sân. Tsjin ús as jongens koe der soms útfolle; “Papperlepap, sil ik dy ris knipe?” en o wee, as der dan ien yn ‘e hannen krige. It wie krekt as sieten de earmen yn ‘e bankskroef.  Kwea wie der oars net: It wie mear gekheit. As der op ‘e beurs stie, of hinne en wer rûn, gyngen de zwiere kaken alle gedurigen op en del en no en dan kwitste der in striel brún tabaksop om him hinne. De strjitte der wie dan ek altiten wiet, net allinnech fan Kei, mar fan alle manlju, dy’t der geregeld oerdeis op ‘e beurs stienen. 586, p26.  Op in kear, dat Kei der wer hinne en wer roun, hannen yn ‘e bûse en drok kôgjend, kaam Meinte de Groot de Dringelstrjite del op reis nei ‘t fabryk. Op it stuit, dat hy de hoeke omdraeije soe, wie Kei der ek, dy’t krekt syn oertallige sop loaze woe, en Meinte krige de folle laach oer syn baitsje (hemd). Dy oan’t faeijen en pûr lulk fansels en Kei krige hiel wat fan de lytse man te hearren. Doe kaam it kin nei foaren en de hannen út de bûse wylst der feninich op strjitte fliebe sei der: “Papperlepapperlepap, sil ik dy ris even knipe”? Mar sa fier kaam it net, want Meinte seach dat it mienens wie en hie ûntsach foar dy gripers fan Kei. Hy makke dat der fuort kaam. Kei wie ris in wike yn ‘e haeijing by Willem Kalma. Sa as wizânsje (gewoonte)wie, brocht de faem moarns en middeis de kofje en in flaubyt nei ‘t haeijlân. Dan gong de kloft manlju op in rygje sitten, fuotten yn ‘e greppel, komke yn ‘e iene en de brogge yn ‘e oare hân. Kei sit der middenmank (te midden van) en die tige syn bêst, want wat ynnimmen oangiet, stie der syn mantsje. Hy siet lyk as doe faek gewoante wie, yn in donkerblauwe ûnderbroek mei hoasbannen ûnder de knibbel en mei in boubidich breed sitflak deryn, dat breed-út éfter him op ‘t lân útspraed lei. Kalma hold wol fan in grapke en joech de grutfeint in wink. Dy rûn mei in heafoarke efter de rigele lâns en stuts de tinen dwers troch Kei syn broek yn ‘t lân. Troch syn dôvens murk dy neat fan ‘t hiele gefal en soe, doet de kofje op wie, oerein en wer oan ‘e slach. Mar dat wie: Hou! Hy siet muorre fêst en koe earst mar net begripe hoe’t dat kaam. De boer rôp: “Kom Kei, oanmeitsje, net sitten bliuwe man. Mar Kei wie machteleas en sloech mâl om him hinne, om los te kommen. Hy skold, raesde flokte en Papperlepapke, mar bleau fêst mei de hiele eardbol oan’t gat sitten, wer’t d’r siet, doe’t de feint de dryste skuon oanluts en him ferloste en dernei op ‘n draaf útnaeijde, it lân del mei Kei der efteroan: “Ik stek dy dea, smearlap, ik fermoardzje dy!” De boer hat grutte muoite hân om him mei in sigaer en in sûke besocht wer del te bêdzjen en it mei in ekstra bûssint te besljochtsjen.

Kei wie net faek fan hûs, mar op in kear soe der nei Klaske, syn broers wiif, en ien fan syn omkesizzers nei’t Fean. De reis gyng mei de trein wat doe noch wat neis wie want it spoar wie noch net salang lyn oanlein.

Kei sette op ‘t loket ta: “Ik moat in kaertsje fan jo ha”. De sjef frege: “Waar moet u heen”? Kei: “Werhinne seist?  Wol papperlepap, dat giet dy neat oan, Ik moat trije kaertsjes ha foar my, foar Kee en Klaske”. De sjef: “Maar mijn goede man, zeg dan waarheen”? Kei: “Wol foar de dúvel, dat witte wy wol, mar der hasto neat mei nedich! “Nou dan geen kaartjes!” sei de sjef, en gyng nei syn plak. “Wol ferdomd” Sei Kei, dy’t mei oprôlle fûsten foar ‘t loket stie. “Pas op feint, witst wol wa ast foar dy haste”?  Kom do ris mei dy read petsje achter dat lûkje wei, dan sil ik dy pappelepaeije, ik moat trije kaertsjes ha, ien foar my , ien foar . . . “. Klaske besocht him del te bêdzjen en brocht op ‘e hichte, dat hja nei ‘t Fean moisten en sa krige Kei syn trije kaertsjes, mar sei der by: “As ik dy keardel tref sapperlepap, dat sil ik him knipe! Der kin der mar op rekkenje.”

Kei foer ris mei in bok mei modder troch it Bregegat nei de Boarn ta, doe’t krekt in skip fan de oare kant kaam. Kerst Pypke, de brêgewachter warskôge en ek de skipper rôp lûd oan Kei, mar troch syn dôvens hearde dy neat en boomke troch, mei it gefal dat de bok mei in bats tsjin it skip oan kaam, en Kei bûten board rekke, en kopke-ûnder gyng.

De skipper wie gau beret, sprong op ‘e bok en krige Kei te pakken. Doe’t hy wer goed en wol oan board wie, by syn sûp-en-stút kaam, flokte ‘r de skipper út en stie mei de fûsten yn ‘e loft te ketterminsjen. De lêste wurden, dy’t hy de skipper efternei raersde wiene; “Ik sil dy, smoarge earmoedlijer! “It is noch goed beteard, mar as ’k fersûpt wie, dan hie ik dy de harsens ynslein!”

Sinteklaes,

(589, p.29) Eartiids wenne yn Akkrum in sekere Metten Akkerman, mar nimmen koe him by de efternamme. Elk neamde him Sinteklaes: Dit sil wol komt wêze troch syn grutte burd en lang hier. Meastentiids hie in arbeider in koart burdsje mei bakkeburdsjes of allinnech in snor, mar Sinteklaes hie in lang burd dat him in ein oer’t boarst hong. Dy burd wie net botte ûnderhâlden en ek hysels seach der grûzich en súterich út. By ‘t hjersmis as de turfskippers kamen, wie Sinteklaes ien fan de earsten, dy’t frege waarden foar it lossen en sjouwen: Sok work lei him wol en hy wie de guodelike kant it, makkelik en iverich oan’t wurk. Wol koe der ús as jonges op,  syn manier brimstich oansjen om ús bang te meitsjen. Dan rôlle der in kear moal mei syn eagen, die in pear treden nei foarren en dan naeijden wy fansels út. Kwea wie der net, mar dan hie der wille. Hy hie ien soan, Harm, dy allang by de boer kaam en letter nei it poepelân gyng as molkfeint wer’t hy noch betreklik jong yn ‘t krankenhaus (gesticht) ferstoarn is. Sinteklaes syn wiif hiette Swaentsje, dy hie foar it iene each altiten in blauwe doek lâns. Heit sei wol ris: “Swaentsje hat ivich it iene finster ticht” en sa ha ik har altiten kind. Hja hiene in hountsje, ‘’Lot’’ neamd, in rea-bûnt, krolhierrich gefal, wer’t ja tige wiis mei wienen en dat altiten mei te boadskipjen gyng. As jonges Lot pleagen dan waerd it âld minske lulk en koene se mei de stok in wan op ‘e hûd krije.

Ien ding wie lestich: Lot siet geregeldwei efter de teven oan en hie stefest ferkering. Letterlik en figuerlik, mar dat brocht him in kear swier op. It wie yn ‘e merke en Lot frijde my in moaije wite poedel fan van Laten, de baes fan it “gleskespul”. Wer’t der foar in dûbbeltsje sawat de hiele wrâld sjen liet. 590. Dy ferkearing wie Moeke van Laten mar min nei ‘t sin, want Lot wie no krekt net ien my adelik bloed. “Dou met dyn straathonne haar by mien mooie Spaense poedel! Weg, dou, dit is beneden onse stân. Op in jountiid jage se Lot mei in stok fuort en sloech him ien fan syn efterpoaten stikken. Sa rekke de ferkearing út en kaam Lot hinkjende-wei thus by Swaentsje. Mei triennen yn ‘e eagen streak se ‘t earme bist en beklage it: “Och och, stakkert, wat hast in minne merke net?” Mar hoe hja ek nei frege hja koe mar net gewaer wurde wa’t har Lot satramtearre (gemarteld) hie en Lot koe’t har ek net fertelle. Hja gyng mei it hûntsje nei Jehannes Willems, dy’t wol mear mei bisten ommastere, dy beseach it poatsje, knypeage ris en sei doe: “Kom mar ris mei nei de keuken, hy snie in stokje en spalke it poatsje mei in reep âld linnnen wer’t earst wat salve op strutsen hie.” En nou mar sitte litte sei er, dan helet it wol wer”. In hiele tiid hipte Lot sa, op trije poaten de Buorren troch, de stive poat sleepte der efteroan. It wie in potsierlik gesicht. Op in dei kaam Swaentsje wer mei Lot by de wûnderdokter. “Ik wyt net Koopmans it wol net alhiel yn ‘e oarder weze, hy brukt syn poat noch noait en der is al safolle tiid oer ferroun”. “Dan sille wy der ris nei sjen Sweaentsje” sei de âld man. Hy sette Lot op ‘e keukentafel en wuolle it wynsel fan de poad ôf. Der kaam harren in ûnfrisse lucht temjitte en doe’t it linen der ôf wie, foel it poatsje mei it spalkje en al op ‘t théblêd. “It is der finael ôfrotte. Swaentsje koe de triennen net opkeare en Koopmans sei: “Frjemd, frjemd, der moat wat ûnsuverens ynkommen weze, want alle oare kearen as ik it sa dien ha, wie it ôfdwaande. Nou ôfdwaande wie it wol, want de poat miste der ôf. Lot besocht wol, om letter wer mei in froulike soartgenoat kontakt te krijen, mar dit brocht op trije poarten syn beswieren mei. Hy rekke koart dernei oan’t sukkeljen, dat wie ek gjin wûnder, want hy wie al hast 15 jier en hy hie yn syn hûne libben mear swiet as sûr kend. Allinnich dat frijen boppe syn stân wie him raer opbrutsen. Swaentsje hat wol in feans jier yn ‘e rouw west oer de dea fan Lot.

Sinteklaes wie simmerdeis meast by de boer yn ‘e haeijinga ûnder oaren by Sine Kersten, dy’t wol fan in moal fyt hâlde. Op in dei wiene se oan’t swyljen en tiemjen by’t Deel en yn’t skoft waard Sinteklaaes prize om syn kreften en úthâldings fermogen. Twa büsfeinten, Hessel en Bonne setten him tige op ‘t stuoltsje. Fan it ien kaam it oare en op ‘t lêst roun it út op in weddenskip. It gyng om in ryksdaelder, doetiids in hiel bedrach. Der waard ôfpraet dat Hessel en Bonne oan ien kant fan ‘t brede Hop stean soenen en Sinteklaes oan ‘e oare kant en dan soe besocht wurde elkoar mei in jaechline fan ‘e pream yn ‘e feart te lûken. Sintklaes waerd mei de line om ‘e mul (middel) boun en, nei de oare kant oerset en Hessel en Bonne krigen it oare ein. Doe koe’t begjinne. It wie ien tsjin twa mar Sinteklaes wie in dreech man, dy’t de twa jong keardels wol treast wie, sadat dy wol begyngen te ferliezen. Doe moast der yngrypt wurde. In man of trije leinen êfter de reiden en stipen de twa, sûnder dat Sinteklaes der erch yn hie en foar dat hy der op fertocht wie, fleach der mei faasje op’t Hop ta en deryn. Der brûze der hinne, prûstend en flokkend dan wer ûnder en dan wer in hael boppe wetter. Simen Kerstes hie de measte wille en rop oars net as: “Oebleboep, daar gaat ‘ie.  592 p. Doe’t Sinteklaes wer by de wâl oanlanne, smiten de feinten de line del en setten de lannen yn en dat wie harren geraden ek, want de man wie troch alles hinne. It hat in hiele poas duorre eart de boi ôfsakke wie, mar doe’t de boer letter mei in ryksdaelder kaam, saksearre de lulkens alhiel.         

Sinteklaes wie oars net grutsk op syn krêft en roun der net mei te keap. Hy wie de beskieden kante it neist, mar op in kear hat der toch wat sjen litten. It wie yn ‘e merke en by de skoalle njonken de draeimole fan âlde Joazef Kopal rekken twa merkegasten deilis en oant slaen, der kaam fansels hiel wat folk op ta setten en doe t de striid op ‘t slimst wie sei immen: “Metten, do kinst in goune fertsjinje, as’t fan dy twa hoarntsjes in pear wetterhounnen makkest” Sinteklaes stapte nei foarren en sei: “sil it no ris út weze mannen”? Mar doe kearden de twa harren beide tsjin him: de iene sei: ”wat must fan my hewwe”? Luzebosk?” “Dat sil ik dy size “sei Sinteklaes en eart de man dy oars net ien fan in swalker wie, der erch yn hie, gyng der sûnder kantroeren de Trigreppel yn en kroep der aerdich bekuolle en fan ‘e wize oan de oare kant wer út.

Syn maet ûndergyng it selde lot. Mulder, de plysje dy op ‘t tumult ôfkomd wie, seach it spul my nocht oan want mei syn stive skonk hie der dochs neat yn te bringen. Hy roun op Sinteklaes ta en sei: “ Sjonge, jonge, Metten, dat is in sigaer wurdich. Sokke keardels moasten se by de plysje ha!” Sinteklaes stuts de segaer oan, barde syn goune en stapye sûnder praetsjes de merke wer op.

It Joadsje,

(593.) kaam hjir no en dan in âld joadsje mei in karke mei jêrn en bân út Ljouwert. Hy hie in heaze stim, krekt as hie der in rachel yn ‘e kiel, wie tige skillich en ek noch bysjende. Hoe’t de man in dei hier fertsjinne, wie foar elk in riedsel want as ‘r neat ferkocht skelde der elkenien út. Dat wie dan ek de reden dat wy him graach ris narje mochten; sukses fersekere. As der goed los kaam, dan waerd de omstanners grien en blau foar eagen. Slofkjende wei roun der de Buorren del, efter syn karke.

Fiersten te grutte skuon oan, de knibbels nei binnen ta en de fuotten nei bûten wizend. Hy rôp dan: “Geren en band, veters en kant” en sa sjouwde hy fierder efter ‘t karke. Hy rimele wol faker: “Onderbroeken om zomaar an te lûken” of “Lieve, lieve Hitsje, by my koap je foar in bitsje”.  Op in kear stie ús baekster, dikke Gep, mei mear froujlu by de karre en doe sei der: “No skoane juffer, waar ken ik jou mee gerieve?” “Och ferrek do keardel” sei Gep: “ Dou mei dyn ‘juffer,’’ “No sech ik, as je in Eva’s kostuem lope, dan hewwe jou denk ik toch mear fan in juffer, dan fan de stier fan Potter”! Gep wist nea fan de stier van Potter ôf en liet it der mar by sitte. Hja frege: “hwat kostje dy galgen keapman”? Hy sei, “Dy?”, mar hy koe se hast net fine, sa by sjende wie der. Hy frege: “Is’t foor jouself of foor jou man”? Gep wie widdow en net op har bekje fallen. “Wat kin it dy skele foar wa’t se binne”?  “Nou, omdat jou it benne in schelling” . “In skelling sei’t der?, yn gjin tritich jier”, bearde Gep. “In skelling foar dy smoarge dingen”.  ”Ja sien, juffer”, troefde ‘r werom,” dat se smerig binne, kan ik niet helpe, dat is de skuld fan Kommeraris Harinksma. Die het se droegen en hew ik se fan kocht. Ja, se benne fan hoge komaf”. De keap gyng lykwols net troch en doe waerd der kwea en lêbbich. ‘T spyt me foar jou, juffer, mar jou man hat der moai oan kenne hange, as dy syn nocht van jou hat”. Hoe’t hy al wer guod ferkocht is ûnberipelik, want gjinien mocht him lije.

Middeis gyng der nei “Zevenwouden” om in kopke kofje en ried dan syn karke yn ‘e trochreed. Op in kear warskôge Rinse ús. “Jonges, Mous is hjir, kinne jimme syn karre net fêstbine?”. Nou, dat koene wy wol en doe Mous in kertier letter yn ‘e stâl kaam en fuortride soe, wie’t Hou! Wy hearden him prefeljen: “Wat hewwe we nou weer” en sûnder dat d’r ús of Rinse opmurk begyng der te skellen.

Bysjende as der wie kroep der op ‘e knibbels om te sjen of’t der in stien foar it tsjil lei. Mar hy foun neat. “Né, der sit ‘t net ‘’ prottele der yn him sels. Oerein en wer skowe, mar it joech neat. Doe wer by de karre lâns en oeral taste en fiele en ja man, de tsjillen wienen fêstbun mei wol 20 jelne sleepbân. Doe wie de boat al hielenfdal oan: “grutte smearlapen, opfreters fan jimme moers kapitael: Ik hew wel foor tien gulden scha. “Naar de plysje sal ik gaen en betale salle jimme, lûzebosken, bêdmigers!” Skellend en flokken knipte de âld man de bannen troch smiet de eintsjes yn e karre en soe fuortride. Rinse kaem de stâl yn en frege: “Wat nou keapman, is der wat? ’“Mous wie sa oerémis dat der net iens seach wa’t it wie en raesde: “steek dyn ouwe moer de gek mar an, sloeber, “Ik hew geen fijf jaar achter de traljes seten lykas dou, skapedief, flessetrekker, asto biste!”. En sa sette Mous skellende wei ôf. Op ‘e Buorren kaam der Joan fan Lieuwe Ynzes tsjin mei in weide hea, mar Mous joech gjin striebreed romte. Al hoe’t Joan ek warskôge, dat der út ‘e wei gean moast. “Uit de weg? Is die miskien fan dy? Do hest in peart foor de wagen en ik mut douwe. Rijd do maar om my hene slemiel”, en sûnder oan kant te gean, karke der fierder en rôp: “Geren en band, feters en kant!”. Doe’t Joan him by Folkerts Ages foarby ried, sei der; “ ’n Moai spantsje, do en dyn knol. Jim hewwe wel wat fan mekaar. Mooie band en koorde, hang je er an op, dan ben ik frij je te fermoorde. Rood en wit en blauw lint, alles door mekaar, maak er je liefje een strik fan in ’t haar”.

Op in oare kear stie der by Melle-Antsje en meat mei de jelnestok in stik wite bân ôf. Wy stienen der ek by, mei Melle de soan fan Antsje en bouden de âlde joad nei: “Da’s drie el min in fandel”. “Né sei der : “Das drie el met in fandel” en joech Melle in opdonder mei syn jelne stok op ‘e noas, sadat it bloed der út spatte. “Nou, nou, sei Antsje ferheard: “ Jo hoege myn joch net te slaen!”. “Oh “sei Mous, “Is dat ien fan jouwes? Dan mut der noadig naar het “Ferbetringsgesticht!”. “Och keardel” snibbe Antsje, “rin nei de hel dou!”. Mar Mous ferblikte net en sei: “Nee juffer, das my te feer. Dy’s trouwes niet boud foor joaden, mar foar kristenen!”.  Willem Wierda, Dy’t sels in lapkewinkel hie, sei’ ris tsjin him: “Ik begryp net, hoe ‘t jo foar sa’n leech priiske dwaen kinne. Jo kinne wol konkurearje”. Mous antwurde beret: “Dat sa’k je sêgge. Winkellui koope dy spullen en betale se of se betale niet. Maar ik hew der myn mantsjes foor of steel se self. It kost my niks en 596.  “Dat is’t ferdeligst. Mut jou noch mear wete”? Nou, Wierda frege net mear: dy wie takocht.  

Swarte Jehannes, 

(597.) . . . wie in swabber, dy ’t mei de merke yn Akkrum kaam en mei syn wiif en twa jonges yn in lyts spulweintsje altiten tusken de hege iperen beammen om ‘e toer by ‘t Núnderpaed stie. Hy siet rûch yn’t burd en wie goar en súterich, dat men syn bleate fel net mear ûnderskiede koe. Hy hie him yn gjin jierren wosken. Yn Ljouwert wer hja syn domisylje hienen, neamden men him Paug en ek wol Paugpukel. Werom hy dy namme krigen hie wist nimmen. Griet, syn wiif wie in grou en tsjok en ûneachlik frommes fan rikelik 200 poun. Mei de merke song sy de Buorren lâns altyd it selde lietsje, mei skelle hége stim en mei lange úthalen:

Screenshot

“Oh, grote God, waar mag myn minnaar wezen” oh grote God waar zal mijn minnaar zijn” en Paug gyng dan mei it sintebakje by de doarren lâns. As wy, as jonges, har nei songen, dan waerd ja lulk en beguon te skellen: Mar dan kaem Paug, sloeg syn hannen om har fleizige skouders en treaste har: “Ik sal dat addergebroed wel krije, hjer, sjong do mar, myn kanarievleugeltsje. As wy harren dan efternei rounen, dan krige d’r syn kramme klompen en smite dy ús éfternei. Hja namen it der goed fan; mei moai waer syt it gesin bûtendoar te brea-iten: dan stiene wy op in ôfstan der nei te sjen. De kofje komkes wiene wat grúzich, mar de kofje like goed en der kaam in protte sûker yn en in flinke skeut reamme yn, dy’t hja moarns by Kobus Liebe, in koomelker op,’e Leppedyk, helle hienen.

Doe’t de jonges te grut waerden en net mear yn’t lytse wenweintsje sliepe koenen, kocht Paug in fleiskrat fan Wytze Adams, dy’t foar rûnom Rondu slachtte, beklaeijde it ding mei in pear stikken doek, helle by Wybren Weinmakker in pear karretsjillen mei in as en sette sa in sliepgelegenheit foar de jonges yn elkoar, dy’t êfter de wein oanbongele. Ien fan de jonges, Hindrik, wie letter feedriuwer op ‘e merk. In gewante oersterke kearel, dy’t de lulkste bollen wol foar syn rekken naam. Yn letter jierren rekke Paug ferlamme oan de skonken. Dan skowde Griet him yn in karke de stêd troch en skoaiden hja sa tegearre de kost op. Hja wennen hja al net mear yn harren weintsje, mar hiene har thús yn ‘e Butterhoek.

Doe’t hja ris mei’t weintsje mei de merk in Akkrum stienen, hienen hje in houn, dy’t Speer hiette. Like fies en goar as de baes en de frou: hy hie altyd trienjende etteriche eachjes en nimmen soe him oanhelje. Hja seach wat melankelyk de wrâld yn, as wie der fertrietelik oer de ferdoarumens fan de minsken. Mar as Griet him aeide, want hja wie tige wies mei Speer, en him oer de bealch struts, dan sei hja: “Best hondsje hur, best hondsje, hy past best op ‘e frou he”? Nou dat wie wier, want yn dy dagen kamen der fry wat klachten by de plysje oer dieverij en de dieder(s) koen men noait efterhelje. Dat wie Speer syn work want dy wie der op ôfrjochte. Alde Mulder wie mei pinsjoen gien en wie opfolge troch Reiding, dy’t de eagen better iepen hie. Op in moarntiid seach Reiding de houn rinnen foar by Hylke Skuonmakker mei in heal pûn bûter yn ‘e bek. Speer hie in hekel oan glêdde knopen en sette de sokken der yn. Reiding him efternei mar by’t tsjerkhof waard Speer wei tusken de merkeweinen. Nei wat sykjen fûn Reiding him ûnder de wein fan Paug. Speer hie noch mear triennen yn ‘e eagen as oars en seach him oan, as woe der sizze: 599. “doch my alsblieft neat, man fan de wet! Reiding kloppe op ‘t trepke en mefrou Paug kaam yn nachtkostuum yn ‘e doar. It hier wat yn’e tiezen, noch net yn bad west en it jak fan boppen wat iepen omdat it yn ‘e wein sa benaud wie. Nou, dat rûkte Reiding wol. ”Wer is dat healpoun bûter bleaun, dy’t de houn yn ‘e bek hie”? “Butter?   Butter…? Ik weet fan geen butter. Wat bedoele jou plysje?”. Doe die Reiding it ferhael; In pear poun tsiis by Sytze Visser ut de keuken in stik fleis by dûmny Vledder, ek ut de keuken, in mieltsje pankoeken út it éfterhus by Auke Griet en sa wie der mear. Sa nyskes hie der de hûn sels rinnen sjoen mei in heal pûn bûter yn ‘e bek. Griet hie alles my ferwûndering oanheard: hja sloech de hannen yn elkoar, seach mei’t wyt fan de eagen foar nei boppen en sei: “De Heer is myn getuge, dat ik nergens wat van af weet ma r dit wi’k jou wel sêgge plysje, dat hondsje hat geen skuld an allles. Siet dy derút dat ie stoalen het”?  Neé, dat koe Reiding net size doe’t der it lijerige bistje sa earmoedich ûnder de wein sitten seach. Hy sloech it oanbod, om yn de wein te kommen mar ôf: De stank dy’t him út de wien fan Paug temjitte kaam wie genoch, omder mar fan ôf te sjen. Hy hiette har lykwols de houn fêst te lizzen oan ‘e kjetling. It waerd gjin kjetling, want dat hienen hja net, mar in foech eintsje tou, dat fansels de oare deis trochbiten wie en Speer wist de oare moarns betiid al in heale rollade by kromme 600. Hylke yn ‘e wacht te slepen. Fokke Pif stie al ier en betiid by Jan Dokter syn smidte om syn weagerij wer yn oarder te bringen en seach Speer mei de rollade yn ‘e bek om ‘e hoeke kommen.

Hy skopte syn klomp út en smiet dy de houn efternei, dy’t ‘m krekt op ‘t efterein krige en fan skrik de rollade folle liet. Fokke der hinne: hy fage him it spul wat ôf en sette dernei op hûs ta, dizze merkedei sette bêst yn, foun der. Tryn, de hûshaâldster van Kromme Hylke beklage har by Reiding, dy’t fansels oan de houn fan Paug tocht. Mar dy siet al wer oan’t tou en wat Reiding doe te hearren krige, wie net moai mear. Hja sweerde by heech en by leech dat de houn noait los west hie.

600.  Huite mei de seare eagen, dy’t oargeldraeier wie en mei syn wiif altiten wer oan deselde merke sang: “Adam had schuld er aan, hij nam fan Eva, de appel aan, enz.”., kaam der as tsjûge by en ferklearre plechtich: “dy houn hat de hiele nacht fêstsitten en hat net los west”. Reiding moast wer belies jaan. Yn dyselde merke hat Speer moarns betiid faek syn slach slein, mar as men by him kaam, lei der oan ‘t tou ûnder de wein. “Och, it is soan braaf hondsje, soan lief beestje!”. Griet hâlde wol fan in slokje en is op ‘t lêst oan de drank rekke. Hja is noch raer oan har ein kommen. Op in moarntiid fûnen de plysjes har op ‘e kop yn in lansleat., de skonken omheech, stikt yn ‘e blubber. Hja wie by in daem, in eintsje bûten Ljouwert del rekke. It fleske mei jenever, heal leech, siet noch yn ‘e broeksbûse.

Kuitert,

(601, p. 41.) . . .  wie ek ien fan de fêste merkegasten. Hy wie in lyts bienmiterich mantsje, wie, sa ‘t men sei, fan goede komôf, mar wie wat oan leger wâl rekke, troch de drank. Tongersdei  mei ‘t hurddraven, wie der presint, in jockey-petsje op, in grúzige board om en in ljochtgriis jaske om ‘e smelle lea. As de hynders by de kastleins foar de gêrskrêbbe stienen, wie Kuitert der ek en dan socht der de bêste dravers út, want hy hie in goed each oer de draverskwaliteiten en oer de boeren, dy’t it rejaelst wienen. Hy makke dan sabeare kennis mei de eigners en krige dan meastal opdracht, om op de bisten te passen. Hy tikke dan selsbewust oan ‘e pet en sei dan: “Komt in orde baas!” dan krige der de happe by de bek en draafde der mei de baen lâns, krektlyk mei de knibbels steigerjend as it hynder. 

As it begyng te reinen en elk in goed hinnekommen socht, bleau Kuitert by de hinders, al plakten him ek de klean fêst op ‘e lea en like der mear op in fersopen kat as op in hear; want hear bleau der altiten. Sels as der yn ‘e oalje wie, bleau de netsjes en kaam der gjin raer wurd oer syn lippen. “Het meeste valt by mij neer, als straks de zon schijnt, droog’t wel weer op!” sei der dan en bekloppe blier en trouhertich de hapkes. As de draverij dien wie en Kuitert syn beleaning yn ‘e bûse hie, bleau der sa’n hiele joun op ‘e merke omhingjen. Hy krige fan de boeren of fan de kastlein in flaubyten in traktaesje. Dan waard der drok en beweechlik mar wie nea lestich, want hy hie altyd in fleurige dronk oer him. As der dûnse waard, dan krige ‘r in stoel en walste der mei sweefjend de seal oer en dernei gyng der ta fermeits fan de oaren op in tafeltsje stean sette de wiisfinger tsjin de kiel en, die syn petsje ôf en begyng dan te joadeljen. Dat koe der perfekt al waard syn stim stadichwei alle (602). jierren wat minder.

It lêste wie altiten: “Tantelogie” mei in hiele lange ‘úthael’. Hy krige dan ek dy namme fan ús. As it safier wie waard ‘r by ús oan ‘t tafeltsje noade en moast der syn libbensskiednis fertelle. Dat gyng dan sa: “Ja jonges, mijn pappa was dominee, een eerwaardige man, die prachtig preken kon. Hij preekte zo mooi, dat de protters van ‘t dak vielen. Ik moest ook dominee worden en pappa stuurde mij naar de universiteit, maar ik had één gebrek of liever gezegd twee: ik kon niet afblijven van de drank en niet van de vrouwen. Dat was mijn ongeluk “Wijntje en Trijntje hebben het gedaan, maar alla, ik leef nog en ze zullen later wel zorgen dat’n goed plaatsje onder de zoden krijg ”Fi – tante – logie”.

“We nemen der nog maar een op jonges!” Sa wie Kuitert altiten op ‘t skik en elk mocht him wol. As der jouns de Ljouwerterkant wer út gyng, mocht der mei de boeren meiride en krige der by de ien of oare kastlein wol in miel ieten. Hy hearde der no ienkear by. In jiermannich letter is der yn in sliepsté yn Ljouwert stoarn en krige dêr syn plakje ûnder de soaden.

Anne Abes,

(603. p. 43.) . . . hie foarhinne boer west op in buorkerij by ‘t Leenhûs by Ald Skou, mar hy rekke fan it pleatske ôf en waard karrider op’t Fean. Trije kear yn ‘e wike. Ek dat koe net út en dernei suttele der by de streek lans mei bakkersguod fan in breafabryk út Ljouwert. Hy wie wat in noartsk mantsje, wat protelich en ôfgunstich útfallen. Omdat hy bakkeburdsjes hie en dertroch min-of-te-mear op in aep like, neamden wy him net Anne Abes mar Anne Aepke. Letter waerd dat Anne Stoomstut, wat him nea sinnige. Hy wenne op’e leppedyk en hie jûns syn breakarre oan ‘e kant yn ‘t gêrs stean. Moarns healwei sânen moast der by de earste trein wêze, om ‘t spul op te heljen en omdat de jonges jouns wol gauris mei de karre op stap gyngen, wie Leijen gauris yn lest. Doetiids tsjinne as masjinist oan it oaljefabryk fan Smilda in Kerst Simens.

In earste büsfeint, dy’t hiel wat fiten úthelle en somtiden oeren út de nachttsjinst wei. rûn, om op ‘e strún te gean. Hy liet dan it work oer oan Egbert Vogelvang, dy stoker wie. Op ’n nacht makke Kerst in strieën poppe en die dy in broek en jas oan. Sette him ‘n pet op en ried de karre fan de stoamstút troch de swarte hike, wer’t hy de poppe efter sette. n eintsje de Leppedyk fierder op. Moarns, it wie noch wat skimerich, kaam Anne by it stekje by syn hûs út, mistte de karre- en gyng protteljende wei oan ‘t sykjen. Kerst hie al op’e loer lein stien en rint op him ta en sei: “Anne, dy kweajonges wer mei jo karre útnaeijd, de Leppedyk in ein út. Dat moat no ris út wêze. “Hjir neam dit leaden piip mei en jou se ris flink op ‘e donder, dan learese it wol ôf”. De Stoomstút roun der yn en sette pur razend de Leppedyk út. Hy sjocht in jonge by de karre 604. stean yn ‘t heal tsjuster, ûnderhellet de piip en feecht deryn. De pet fljocht ôf en de jonge falt sûnder in gjalp te jaen lang út oer de dyken bliuwd der roerleas lizzen. Anne lûkt breinroer (woedend) de karre oan en set ôf nei hûs wer’t Kerst him opwachtet. Anne keardel, dit is te hurd oankaam, jo kinne him wol deaslein ha. Hy bliuwt stokstiif lizzen man, hy jout gjin lûd mear. Dit liket net bêst!”  Anne seach ris om him hinne, loek wyt wei, snufders senuweftich en stammere: “Wat seiste dea? Soe der dea weze? Dat soe net bêst wêze! Hoe moat dit no?” Syn wiif Japke kaam der ek by: “Wat ha we hjir?, wat is der? “Anne sei: “ Hâld dy stil!, hâld dy stil! Ik ha in jonge deaslein. Oh Kerst sis it noait dat ik it dien ha”. Mar Japke sei: “It komt sa as it komt, mar wy moatte derhinne.”, en sa setten hja mei syn trijen nei’t plak fan de moard. Der lei iot earme slachtoffer noch langút. “Wittejo wat sei Kerst, Hoe stiller hoe better. Gean jim mar nei hûs, dan kom ik jim wol efterneien sille we sjen, of’t we him wer wat opnappe kinne”. Sa sein, sa dien! Japke helle wat wetter út ‘e bak, krige in pear handoekenen die de blinen ticht. Anne siet for wezen en fan ‘e wize stil yn in hoekje, Der kaam Kerst oan de doar kaam op ‘n kieren yn ienen fleach it lyk oer de tafelhinne en belâne by Anne op ‘e knibbels sadat hy ûnderstboppe rekke. Japke fan skrik oars net as de Leave Hear oanroppe en sloech de hannen foar de eagen. It duorre lykwols net lang, doe’t hja yn ‘e gaten krigen, dat Kerst harren te fiter hân hie en doe waeide der wat fansels. Anne kaam in trije kertier te let by ‘t stasjon om syn stuten.

Kerst Simens,

Dyselde Kerst Simens, wie der altiten op út om oaren foar de kroade te spannen en mâlle grappen út te heljen. Sa hat d’r ek ris in kear de âlde Nachtwacht ”Haite Knijpstra, dy’t wy “Kneip” neamden, te pakken hân. Kneip wie yn wêzen in ienfaldich en guodlik mantsje, dy’t wynliken wat lang útfallen wie. Botte geskikt as nachtwacht wie der miskien wol net, mar och, slimme dingen barden snachts doe net safolle. Yn ‘e tún fan âlde Oate (Widdow van der Meulen) wer’t no Piet van Woerden wennet, stie in túnhuúske weryn in útsnien houten soldaat stie, dy troch Heit kreas opferve wie.

Op in nacht helle Kerst de soldaat út it túnhúske. Brocht ‘m nei de Wide Stege, en hong him yn midden fan de Smelle brege. It wie stil waer en yn’t skimerljocht fan de petroalje lantearne dêrre, skommele de earme soldaet stadich hinne en wer. Kerst kroep gnyskjend yn ‘t steegje efter it hûs, wer’t letter Jan Speerstra jierrenlang wenne en wachtte ôf, wannear Knijp syn rounte die. Yn de fierte kaam der oan klossen. Doe’t der healwei de Wide Stege wie, by Durk Sinnema seach der yn ‘t skynsel fan de lantearne dêrre, faeg in lyk yn ‘e brêge bongeljen. Hy bleau stean. It hert sloech him acht-en-tachtich. Hja tocht: “In selsmoard!?” wa soe dat wêze kinne?? Hy waerd wat dryster en hoewol him de kiel hast tichtknypt wie, doarste d’r in pear stappen nei foarren te dwaen en der ûnduts der dat it in soldaat wie. Sels hie der ek ûnder tsjinst west, en alhiel fan ‘e wieze rôp der: “Werda!” en doe ‘t der gjin antwurdt krige nochris: ”Werda!”. Mar hy krige gjin antwurd. It bleau angstich stil. Doe betocht der dat deaden net mear harkje kinne, lit stean fan prate. Mar hoe moast dat nou”. Hy moast Reiding, de plysje, warskôgje, mar dy wenne oan ‘e oare kant fan de brêge, yn’t hûs fan Dôve Bartle op ’e Leppedyk. Mei triljende skonken en it swit op ‘e faorholle dûkte der as in snoek ûnder ‘t lyk troch. Reage de plysje út bed en die syn ferhael. Reiding snapte der wol neat fan, mar skeat de klean oan en mei syn beiden setten hja op de brege ta. Reiding foarop en Kneip der skrúten efteroan. Reiding murk, dat hja de dupe fan in grap wie. Hy naam it mes en fike it tou troch, doe kaem de soldaet nei ûnderen, boppe op Kneip, dy’t fan de alteraesje fan syn stokje gyng, sadat Reiding him thúsbringe moast. De oare deis waerd de soldaat wer yn syn túnhúske brocht en goed stevich festspikere. It nachtelik aventoer wie oars stil bleaun, mar Kerst soarge wol dat it wrâldkundich waerd.

Kerst hie ek in dûbelloops gewear en wie in tûke skutter en . . . streuper. Meastentiids gyng hy der jouns of yn de nacht op út en in bulte êfter de einen oan. As der guozzen wienen, wie der net te hâlden. Op in kear gyng der oer’t iis de Polsleat út, en skeat in grauwe fette goes oan, dy’t him lykwols ûntkaem en oer’t iis fuort wjokkele.

Kerst der efter oan mar de fûgel wie him te fluch ôf en belanne êfter it skipke fan Sjirk de Boer, dy’t te skutjassen west hie en krekt de loopplanke oer soe. Hy die in greep, krige it bist te pakken en doe wie it: Floep, yn ‘e komboef ! “Dy is no fan my, Hy hat hjir in goed thus”! Wol-te-resten, sei er en skowde it lûk ticht. Kerst koe raeze en skelle, mar hy hie de goes ferspile: Dy kaem by Sjirk yn ‘e panne.

Boonemmer, 

(607.) Sa bytiden kaem yn Akkrum in opkeaper út Grou dy’t Boonemmer hjitte, mar hjir meastentiids Boonamer neamd waerd. Op ‘n moaie simmerdei stapte d’r by Kobus Prinsen yn om in hertfersterkinkje”.

Hy trof der in aerdich selskip oan om ‘e roune tafel en rekke dermei yn petear. It praet kaam op ‘e nije tiiden, de nijste útfiningen op allerhande gebiet. Boonemmer, dy wat swetserich en ropperich útfallen wie, bearde dat langer neat mear ûnmooglik wie en dat de wittenskip njonkenlytsen foar neat mear stie. Vegelien, dy’t oan de stasjonswei in molkfabrykje hie en in daglikse klant by Prinsen wie, knypeage dy ris ta en sei: “In rountsje foar my hearen, mar ik bin it mei de sprekker net iens. Der bliuwe dingen dy’t ûnmooglik bliuwe en der’t de wittenskip neat oan dwaan kin”. Boonemmer woe dat bestride en it kaem safier dat d’r Vegelien útdage, om mei bewizen te kommen. “Dat sil ik jo size” andere dy,” Ik ferwedzje twa ryksdaalders, dat it jo net slachje sil om in protter yn in flesse skite te litten. Dat liet Boonemmer net op him sitte. De weddenskip gyng oan: De oare deis soe der werom komme en yn ‘e Jimmen oer de Boarn mei in flesse rinne en as’t him slagje soe, de protterstront der yn op te heinen, dan hie der twa ryksdaelders fertsjinne. Hiel Akkrum waerd op,’e hichte brocht fan it eksprimint de oare moarns wie elkenien, dy’t om ‘t work mist wurde, by de Jimmen, om Boonemmer yn aksje te sjen en om him oan te moadigjen. Ek Kerst Simens hie fanôf it oaljefabryk, wer’t der wurke, in moai útsjoch op ‘e Jimmen en op ‘e meneuvels fan Boonemmer. Hy brette fansels wer it ien of oare fyt út. Doe’t dy de moarns oankaem, waerd der oer de Boarn set, fersjoen fan (708.)  in lege flesse en in stoel, om no en dan efkes út te rêsten. Doe begyng der it lân op en del te rinnen, mar frjemt wie it, de protters dy’t oars graach de “zegen” op ‘e klean delkomme lieten, fleagen altyd fuort as Boonemmer yn oantocht wie. It like wol dat men harren warskôge hie en it der om dienen, om him te pleagjen. De moarn fleach om, sûnder dat der in greintsje protterstront yn de flesse telâne kommen wie. Boonemmer fage him it swit fan ‘e holle en joech him op de stoel del, dy’t hy midden yn ‘e Jimmen oan ‘e kant fan de sleat del setten hie.

Hy die it him oan tiid om op syn gemak om syn brogje op te iten, dat der meinommen hie, werby it geastryk focht, dat Prinsen him mei jûn hie, ryklik oansprutsen waerd. Mei moet sette der doe wer út ein. It moast al mâl rinne, soe it de middeis net slagje. En sa fleach der fan de iene ein nei ‘t oare mei de flesse foarút, as de earne in protter seach. Kerst hie him mei folbehagen draven sjoen: doe’t Boonemmer mei oandacht en iver oan dy ferdomde protters oanjage, slûpte Kerst mei in lange line efter Pool syn dykje lâns, sprong oer de sleat, bûn it iene ein fan it tou om ‘n poat fan ‘e stoel en joch him doe oan’e oare kant del yn de reiden. Boonemmer waerd njonkenlytsen wurch en stie ek net mear al te fêst op ‘e skonken en makke wat faker gebrûk fan ‘e gelegenheit om út te rêsten. It hie de hiele middei ek al hast duorre en it wie om mismoedich te wurden, want de flesse wie leech en bleau leech. Op in stuit, dat der wer even útpûste woe, waerd der mei in fikse hoart oan ‘t tou de stoel him ûnder ‘t gat wei skuord. Hy ferlear syn evenwicht en gyng kopke ûnder yn ‘e sleat. Der gyng in gejuich op. Under ‘t  609.  einekroas en blabber krûpte der wer by de wâl op. Kerst der fansels fantroch mei de line en tweintich meter der efter oan de stoel. Boonemmer waerd troch Prinsen oerhelle, krige droege klean en in miel iten en Fegelien soarge dat der mei twa ryksdaelders nei Grou werom reizgje koe. It hie in kostlike foarstelling west. Ja, dy âlde Akkrumers koene der wat mei. Letter hjitte Boonemmer net Boonamer mear mar krige ‘r de earetitel fan : “De Flesseskiter”.

Famylje Knukkel,

(610.) As ferfolch op ‘t foargeande moat ik noch fetelle, dat Boonemmer letter yn ‘t âld mannehûs te Grou telânne komd is en dêr syn ein fûn hat. Wy soene ‘t it earmhûs neame mar soks lei de Grousters net.  Van der Spoel der joech in krantsje út, “Frisia” neamd, (wy seine hjir smeuljend “It Suffertsje”, mar dat sil wol ôfgunst west ha) weryn geregeld rymstykjes fan ús Freon Boonemmer stienen. Ryk is hy der net fan wurden want doe’t ik letter ferfwurk yn Grou hie, seach ik him as âld mantsje mei in stok rinnen en hearde, dat hy yn ‘t âld mannehûs opnomd wie. Hy sil doe sawat 90 jier west ha en is koart dernei stoarn. Mar doe ‘t ik him rinnen seach, kaem by my “de Flesseskiter” wer yn ‘t sin. Ut myn oantinkens oan ‘e bernetiid komme my ek noch twa âlde lju foar de geast, dy’t op sneon foar Palmsnein út Grou wei hjirre hinne mei de karre kamen, op ‘t Nunderpaed

in plak sochten. Hja hienen yn ‘e karre in stikmannich klear makke palmtûken en hienen fierder der yn útstald: flagjes, palmtûkjes, stikken Grouster koeke, figen en oranje –appels en roune stokken, dy’t yn in bosk bijenoar boun wienen. Alders dy’t gjin tiid of nocht hienen, om ‘n palmbeam te meitsjen koene hjir ien keapje foar 15, 20 of 25 sinten. Mar men koe de atributen ek los keapje. Wy hellen alle jierren ús palm sels fan âlde Jan túnman. Plakten de flagjes sels en sierde de palmbeam thús fierder op. Alde Jan túnman hâlde sneontemiddeis foar palmsnein stéfêst útdieling fan palmtûkjes troch it stek fan de ringmuorre, dy’t op Suster van der Vegt tún hinne stie.

Dit wienen samar in pear herinneringen fan eartiids, mar nou gean wy nei de famylje Knukkel. Hja leinen mei in âld skipke yn ‘e Polsleat; mêst en swurden misten der ôf. Dy wienen al opstookt. Hy wie in koart, hast fjouwerkant mantsje; Hja wie wat spjochtiger en ek wat kweader. Har namme wie Foekje van de Woestijne, mar wy neamden har “Knukkels Foekje”. Hja hienen twa soannen, Hein en Louw: de earste wie evenwichtich, bedaerd en súnich, mar Louw hie wyld hier yn ‘e nekke, koe’t thús min úthâlde en tekene foar de East as “Koloniael”. Alde Knukkel hie foarhinne fearn op in botter te Enkhúzen mar nei syn trouwen joech ‘r it fiskjen deroan en begyng in hanneltsje yn koal, hjerringen, bokkings, stokfisk en sa mear. It smite net folle op en doe’t der op in kear yn Akkrum lei, wie it farren mei it skipke net mear fertrouwd en bleau der hjir lizzen. Hy wie net fij fan in slokje en as der in sneetsje yn ‘t ear hie, waerd der sintimenteel en brocht der it petear op Louw, dy’t yn ‘e East wie. Dan beklagen wy him en fertelde ‘r fertrouwlik : “Ik seg tegen hem: “Louw, Louw, heb je nog geen berouw?”. Dan waerd it moed him fol, de triennen rûnen him oer syn ynfallen wangen en de reade bûsdoek kaem út de bûse. As wy der om begyngen te gnizen, dan kearde it bledsje om en begyng der te tieren: “Bliksumse kwajonges, moete jim de gek hebbe met ien ongelukkige vader?’ Dan kamen de klompen kamen út en roun de skellend op sokken ús êfternei. Mar ien kear pakte dat ferkeard út. Hessel Theunis fûn de klompen en hongen dy yn de lantearnepeal. Knukkel kaam werom, miste syn klompen en seach dat se yn ‘e peal hingjen en begyng op ‘e nei te razen. Hy besocht wol om de peal op te klimmen, mar glied ieder kear like hurt wer tebek. Der kaam Tjitse Bramapoetra oan: “Sil ik dy klompen ( 612.) d’r foar dy úthelje Knukkel?”. En mei-ien kear kladdere hy yn ‘e peal op en oerhannige klompen oan de âld man. Hy seach net iens wat de ûnbaatzuchtige helper wie, mar hy ûnderhelle syn hân en ear’t Brama der erch yn hie, krige r in mep om ‘e earen. “Dêr aep, die’s foor dij, do hest se der yn hongen!”. De pet fleach Tsjitse fan ‘e kop en dat like net sa moai, want hy hie in slim seare holle en wie net frij fan selskip op syn knikkert. Doe wie de beurt oan Tsjitse om te skellen, mar Knukkel wie der dôf foar en skraske nei syn skipke. Myn broer Merten en ik wienen in kear de Feansterdyk útgien. De sleatten leinen fol snie, want de sniejacht hie se fol stoud. Der kaam Knukkel de dyk del, de kuorren oan ‘t jok, op ‘e weromreis fan Haskerdiken, wer’t hy de fisk útsútele hie. Wy gyngen yn ‘e barm, tusken de strûken en wachten him ôf, mar hy hie ús al sjoen. Verdomde smeerlappen, as jim it wage, sla ik jim de hersens in!”. Mar ear’t der útpraet wie, hie der de earste sniebal al yn ‘e nekke. Hy wachtte de twadde net ôf en mar smite jok en kuorren ôf en sette op ús ta. It seach der foar ús net bêst út, want hy wie dúfelsk. Der wie mar ien útwei: oer de sleat en foar jonges is snie net sa beswierlik as foar greaten. Wy rekken der oer hinne, mar Knukkel sakke ta de middel yn ‘e snie wei en mei de klompen troch it iis. Der siet der, in maklik doelwyt foar ús snieballen, en hoe mear Knukkel raesde en flokte hoe mear kûgels doel trofen. Op ‘t lêst wrotte hy him los út ‘e snie, mar de klompen wienen stykjen bleaun en hy moast der op ‘e kop yn ‘e snie om dy wer op te djipjen. Doe krige syn ûnderein, dat boppe de snie útstike, fansels de folle lading.

Op in kear doe’t Knukkel oansketten wie en oer de strjitte lawearre, waerd hy lykas wenst wie, beselskippe troch in sliert bêrn, dy’t him yn optocht nei ‘t skipke brochten.

Moeke Knukkel kaam mei de holle ta it rûfke út: “Kom, is ‘t weer zover met het drankorgel? Blijf der maar en laat die kienders opdondere!”. Hja kaam de rûf út en bearde dat hja ús mei de biezem efternei soe. Knukkel gie oer de waring lâns en rekke knoffelich yn ‘t foarûnder en moeke skowde de kape der oer hinne. Sa, dy wie feilich binnen; mar Knukkel wie dwers; hy smite de kape wer iepen en stuts syn goare kop der wer troch nei bûten. Dat wie Foekje min nei’t sin; hja krige de biezem wer en joech de omkoal der in trewinkel mei op syn raep, dy’t der net om liigde. En Knukkel mar raeze: “ Moord, moord, se vermoorden mij!”. Foekje smite it lûk wer ticht, mar Knukkel wie der daliks by, om it wer iepen te goaijen. Dan kaam syn kop wer nei bûten en raesde ‘r : “ Moord, moord!”. As foekje de biezem dan wer op him delkomme liet, dûkte ‘r nei ûnderen, mar kaam fuort dernei der wer út, krekt as in dúfel yn in doaske. Knukel moat fêst in hurde kop hân ha want hoe mear Foekje taraemde ,, hoe flugger hy syn kop wer nei bûten stuts. Op ‘t lêst fleach de biezem fan ‘e stok ôf, de Polsleat yn en doe wie de tiid kommen om mei de stok de bêrn efternei te gean. Wy wachten fansels de charges net ôf en wiene al oer de barte, ear’t Foekje fan board wie. Foekje sútele mei kuorren by de húzen lâns: wat hja yn negoasje hie, wyt ik net mear. Hja hie de gewoante, tsjin elke húsfrou, “Buurvrouw” te sizzen. Ryk of earm, jong of âld elk wie foar Foekje:” Buurvrouw. (614.)

Har soan Hein stie mei de merke, doe’t hy trouwd wie, mei in karre mei fan alles en noch wat op’t Núnderpaed. Hy ferkocht dan Appels, parren, krúsbeijen ensfh. Meastal oan de bêrn foar in pear sinten. Winterdeis hie der in slide mei in pear kuorren der op en in tafelslaad mei twa dobbelstiennen. Wy koenen dan dobbelje foar in sint: ûnder de acht of boppe de njoggen. De priis wie dan faaks in sinasappel. Yn ús eagen doe in hege priis. Hein wie in handige baes, dy’t graach nifelje mocht. Sa make hy ris in pear skouwen, In grutte en in lytse, Dy’t der simmerdeis ferhierde foar 10 of 8 stûren foar in middei oant 8 oere ta. Doe’t wy wat rommer yn ‘e bûssinten kamen te sitten, hierden wy wolris in skou en foeren dan nei de poel. Hy hie der in mêst en túch by. Op in snein-te-middei hienen wy mei syn trijen in boat hierd en sylden dermei de Polsleat út. Djipsleat en Deel troch en sa it Akkrumerrak yn, wer’t wy troch de wyn moasten. Sjoerd siet oan ‘t roer, ik soarge foar de fok en en Greuld de Vries paste op swurden. Hy siet mei ‘t gat op ‘e boeisels, in sinterse sigaer yn ‘e holle en seach stil genietsjend om him hinne. Mar doe’t wy it Rak ynsylden, en it seil omgyng, krige ‘r ûnferwachts de giek tsjin ‘e holle, en dy raemde him it wetter yn.

Der hong ‘r, de skonken binnenboard en de kop yn ‘t majem. Sa brobbele ‘r neist it swurd, heal boppe, heal ûnder wetter, in ein mei. Wy wiene beide slap fan ‘t laitsjen en koene him in earst oan net helpe, mar op ‘t lêst krigen we him dochs yn ‘e skou. It like krekt in trochwiete fiskotter mei in eintsje segaer yn ‘e bek, in fersopene pet op ‘e kop 615.  en it baitsje as in kletswiete snotdoek om ‘e strotte. Wy hienen net om it roer tocht yn ‘e alteraesje en bats, der stowden wy mei faert by’t bûtlân op, sadat alles bûgde en kreake. Mar Greult wie rêdden en koe skuonmakker bliuwe, dat wie it fernaemste. Maitiids hierden wy foar it aeisykjen in skou fan Hein, want oars koene wy net oer’t Deel komme. Wat Klondyke foar de goudsikers wie, wienen de Bûtlannen mei de muldykjes en hichten foar de aeisikers.

Greate Lieuwe en Minke, 

 (616.) . . . wennen yn in lyts hoekhúske mei in reade esterikken flier en in lyts toanbankje. Greate Lieuwe wie, lykas syn heit, Gerrit Lieuwes, op ‘e helling, mar der moast wat by fertsjinne wurde en sa ferkocht hy under oaren Dimter koeken. Dy wienen soms wol tachtich tomme lang en faek útdroege, mar dat lette ús neat. As wy út te aeisykjen gyngen, waard wat kâlde thé of kofje meinomd, dan spielden wy sa Lieuwe syn koeke wol troch’t kielsgat. Sokke dagen moat men net te krekt sjen. Moarns yn ‘t skimer setten wy dan ôf. Wienender gjin aeien te finen, dan fansels krieke brâne, sadat de  Terkapelster boeren wiken lang mei seare eagen rûnen en de bargen net mear frette woenen. Lieuwe foer yn ‘t drokst fan de skipperij, as der op ‘e helling net folle work wie, wol ris foar in deihier mei de iene of oare skipper mei. Sa kaem der ris yn Snits en seach, boomkjende-wei dat se mei in tsjerke oan it bouwen wienen. Lieuwe frege oan in opperman dyn op de kade omskarrekle: “Wat stiet der yn ‘e stien op ‘e foargevel maet?”. “Sjogge jo dat net?” wie it antwurd: “Der stiet Eaben Haezer”. “So” sei Lieuwe: “en wat betsjut Eabe Hazze ear?”. It oppermantsje ruts de rêch en wiisde nei boppen: “Tot zover heeft de Heer ons geholpen”. “No” sei Lieuwe; “Dan hat der jim moai sitte litten, want de pannen lizze der noch net iens op”.

It hûs, wer’t Lieuwe wenne op ‘e Leppedyk hie de namme fan “De gouden flie”, want foaral simmerdeis hipten se op de muorre en as de sinne der op skynde, by seksjes. Heit bewearde teminsten dat de lju mei in bôge om it hûs hinne rounen, by dat fan 617. âlde Fokje lâns, bang dat de bistjes by’t pasearjen oerhipten. Letter wenne der Epema út Drachten. In nijsgirrige keardel, dy’t ek bakkersguod te keap hie en dêr mei sutele. De kisten, weryn hy it spul thús krige stienen meastal tsjin it stek by âlde Fokje, wer’t wy in heap boarten en . . . ûntigen. Mar, O wee, as Epema thús wie, dan koenen wy in wan op ‘e hûd krije mei de stok. Myn broer Merten wie in jonge fan sa’n jier as njoggen, tsien en dy mocht graach ris yn dy kisten omslaen. Op in kear kroep hy in ien dêrfan en krekt kaem Epema om ‘e hoeke, dy’t alles sjoen hie. Hy smite it deksel ticht en sette de pinne op ‘e izeren skoattel. It jammerende lûd, dat út de kiste kaem, wie net om oan te hearren, mar Epema die krekt as hearde hy it net en gyng yn ‘e hûs. De buorlju ha myn broer ûntset. Dy wie by nei stikt en hat letter noait wer yn ‘e kiste boarte.

Famylje Hoeben,

(618.). Op ‘t selde streekje wenne ek Durk Hoeben in “Ketellapper”, Wy soene size: “koperslager”. It wie in núver mantsje. Koart fan stik en tige rûch yn ‘t burd. Syn frou waard altiten “Keetlappers Tryntsje” neamd. Moarns as de kofje brún wie, dan kaem hja de doar út en rôp oan de fjouwer jonges: “ Piter, Anne, Wytse, Gerben, kofjedrinke”, mei  in lange úthael en in heech lûd. As dy net kamen, wie it ek goed; hja hiene har warskôge en dermei wie it ôfroun. Anne en Wytse trouden en ferhúzen; Nei heite- en memme dea bleaun de beide oaren Piter en Gerben yn ‘t húske by de Boarn wenjen. Piter hie wat féhannel, benammen wrak fé. Hy wie in trou lid fan de Roomske tsjerke en roun alle sneinen, waer of gjin waer, fêst nei de mis yn Jirnsum. Piter is op ‘n kear ôfgryslik kjel wurden. Hja hiene it húske, krektlyk as safolle Akkrumers (De Akkrumers ha der de name “Skytstuollen” oan te tankjen) yn it bleekje op ‘e Boarnswâl stean.

It wie yn ‘e iere moarn, dat heit mei Ulbe, de feint, nei de ferfwinkel gyng, dy’t oan de oarekant fan de Boarn stie. Op it dakje fan de W.C. fan de Hoebens siet in grouwe Boarre te sintsjen: It wie ien en al rêst om de Smelle Brêge hinne. Mar doe’t heit, dy’t it mier oan katten hie, poeke sitten seach, wie it mei de rêst dien. Ut de doar fan ‘t ferfhok wei smite der in heale klinkert nei poes. Mar de stien kaam krekt op ‘e pannen fan no. 100 telâne. Poes makke in Salto Mortale en kaam midden yn de Boarn terjochte, mar tegelyk stowde de doar iepen en stowde Piter ferheard fan ‘t húske ôf mei de broek noch mar heal omheech. “Heare, heare, wat bart hjir?”. Hy seach noch wylder dan de kat, dy’t nei de wâl ta swom. “Och, heden, earm  619.   Bist. Bistou ek sa kjel wurden? kom hjir mar poeke!” Hy helle de kat út de Boarn, hyste syn broek wat op en ferdwûn alhiel ferbouwereard yn ‘e hûs. De buorlju seine letter dat Piter yn gjin fearns jier op ‘t húske west hie.

Op in Roomske feestdei kaam Piter ris fan Jirnsum ôf rinnen en trof op Meskenwier, by ‘t Witte huis, Hidde Koopmans, dy’t mei de karre mei fleisspul nei Terherne west hie. Op útnoeging fan Hidde om mei nei Akkrum te riden, gyng Piter graach yn.

Hidde op ‘e iene kant fan ‘t bankje en Piter op it oare ein en sa pratende-wei gyng it op hûs yn. By it hûs fan âlde Petrus lykwols krigen de beide hounnen in kat yn ‘t fersier dy’t yn ‘e beam siet. Hja namen in draei en skeaten der op ôf. Hidde sprong fan de karre, grypte nei’t hânsel en miste dat en der gyng Piter hinne, efter de kat oan. Hy hâlde him mei beide hannen oan it bankje fest mar rekke op’t lêst ûndersteboppen yn ‘e karre mei de skonken omheech. It gyng moai op ‘e Boarn yn, mar gelukkich lei der in stienbult dy de karre kearde. Dy hie lykwols sa’n faert dat der alhiel omtearde en mei de tsjillen omheech kaam te lizzen. Hektor rekke los út ‘e beage en it ramt en sette de kat nei. De oare houn lei heal ûnder de karre, lykas Piter, dy’t oars net rôp as: “Wat is’t raer, wat is’t raer!” Doet Hidde arrifearre koe dy de karre wer op’e tsjillen krije en waerden Piter en de houn ferlost, mar it seach der mâl út. It tsjerkepak siet uûnder de plakken, in knibbel út ‘e broek en de pet wie fuort. Alhiel fan de wiis stroffele Piter op hûs yn, en as immen him oanspruts, seider oars net as: “Wat in ûngelok, wat in ûngelok!.”

Alde Petrus, 

 (620.) . . . wie dykwurker oan de Rykswei. Hy wie in soan fan “Sabelbeentje” en âlde Kee en ried in bulte mei stiennen, werfoar meastal in gewoane heawein brûkt waard. Hjir wenne yn dy dagen in sekere Haaije Thysen, in betûfte aeisiker dy’t men meast ‘Haaije de Dea’ neamde, omdat hy by begraffenissen en de toerklok lette. Hy brocht faak mei in karre brea en koeke foar Hessel Fennema nei Jirnsum en doe’t hy op in reinige dei ôfsette nei Akkrum yn, neidat hy syn fracht ôflevere hie, ried Petrus him mei hynder en wein êfterop. “Do kinst wol meiride!” sei Petrus. “Wol, dat jout net safolle want op dyn wein reint it likegoed”. “Dat is sa” Sei Petrus,” mar as wy dyn karre efter de wein bine, en do krupst deryn, dan bliuwst moai droech”.  Ja Haaije moast mei stimme dat der wol wat yn siet. Petrus boun de karre efter de wein, Haaije kroep der yn. It lit kaem ticht en om de feiligens die Petrus de pinne op ‘e knip fan ‘t deksel. Hy sei: “Dit is wat feiliger, no kin dy neat oerkomme, As’t dy goed foldocht, moast mar rope, dan wyt ik it dat it yn oarder is”. Yn ‘t earst gyng it goed mar doe hja de Skouster brege oer wienen, sette Petrus it hynder wat oan.

It wie in âld hurddraver fan Fetze Koopmans en al gauw naeide it der út as spoar. Fan gefolgen begyng de karre te slingerjenen te stjitten en dat wie net noflik. Haaije krige skjin syn nocht en besocht Petrus te warskôgjen troch lûd te roppen, mar dy hearde neat of dy die mar sa. It gyng hoe langer hoe hurder. It roppen ward raezen en op ‘t lest âljen, mar Petrus ried troch, By it Marmooltsje tocht’r,  wat wurdt it stil. Hy stoppe en die it deksel fan de karre iepen. Der lei Haaije, in earmoedich protsje minske, mei pûden oan ‘e  621. holle en alhiel kniesd en êfter de pûst fan ‘t raezen. Hy snaude: “Bliksemse fint, hast my net roppen heard?”. “Ja,“ sei Petrus, “jawis wol, mar wy hiene ôfpraet dast roppe soest as it goed gyng en derom tocht ik, dat it yn oarder wie!”  “Ferhip do“sei Haaije, hy makke it karke los en stroffele mei in pynlike lea troch de rein op hûs yn.

Greate Wouter,

(p. 621) Op Aldeskou wenne earder Greate Wouter, dy’t lykas Haaije in earsten aeisiker wie en wat in hekel oan dizze lêste hie. As Haaije mei de karre nei Jirnsum west hie, sette der dy del yn ‘e barm by de Aldeskou en gyng dan maitiids in pear ûren it fjild yn te aeisikjen. Hy rûn dan oer in planke dy’t oer de barmsleat lei. Wouter wist hjirfan en op ‘n kear seage hy de planke op in lyts streekje nei troch. Doe’t Haaije wer werom kaam fan jirnsum en oer de planke soe en it lan yn, bejoech dy him en foardat der’ ‘t wiste lei der langut yn ‘t kikkertdrinken. Der siet neat oars op, it einekroas mei de wiete brut en ûnder ‘t einekroas nei hûs efter de karre. Dit wie fansels te moai om stil te hâlden en Wouter krantte it rounom oer oan elk, dy’t it wite moast. Sa kaam Haaije it ek te witten en dy sinde op wraek. Wouter siet noch al faker ris yn ‘e Skouster herberge oan in slokje en op in lette hjerstdei ried Haaije de karre ta oant Roel Bos, de dykwachter en slûpte doe werom nei de Skou.

Hy wist, dat de timmerlju mei it brechje foar Wouter syn hûs oan’t meitsjen wienen. De sydleuningen misten der ôf, mar de middelste pealtsjes der fan stiene der noch. Dêr spande Haaije in tou dwers oer hinne en roun doe op de herberge ta, smite de doar iepen en 622. raesde mei oerslaende stim: “Brân, brân by Greate Wouter yn ‘t efterhûs!”. En fuort wie der, it tsjuster yn. Kastlein Pijper en Wouter stouden de doar út. Wouter fleach de barm lâns en soe mei fart oer it brechje, mar stroffele oer it touen, kaem op ‘e kop yn ‘e stjonksleat telâne, wer’t Pijper him mei lijen  út ferlosse koe. Wat der doe loskaem, is hjir net te beskriuwen, mar Haaije wie lyk mei Greate Wouter.

Famylje Bramapoetra,

Ik ha it al ris earder hân oer Tjitse Bramapoetra, mar yn wezen neamden wy de hiele hûshâlding fan Rimmert en Elske by dy lêste namme. Rimmert wie Akkrumer, mar hy hie in tiid in komelkkerijke hân yn Noardwâlde. Doe’t dat net opgyng, kaem der yn it âlde doarp werom en stie dan leafst yn ‘e Buorren wat te praten mei de hannen yn ‘e bûse, want oan wurkjen hie der it mier. De bêrn hiene yn Noardwâlde it krûmpraten oanleard en op in kear fertelde Willem, de  âldste ús: “In Noordwolde harren wij wel in fiiftig kippen mit in mooie hène, dat was in Bramapoetra-hène!”. Fan doe ôf waard de hiele famylje sa neamd en as wy Tjitse fan hûs ôf hellen, rôpen wy “Giet Brama mei? Rimmert fûn dat prachtich en lake derom. Yn syn eagen wie it in soart fan eare titel. As jonges wiene wy by’t skimer wol ris oan ‘t glêsketikjen. In spjelde yn ‘e stopferve, der in hânbreed in stientsje oan in eintsje jern, en fierder in lang ein tried. Wy sochten in plakje om in hoekje en dan mar hinne en wer lûke, sadat it stientsje tsjin it rút tikke. Foaral Rimmert moast it ûntjilde. Sa dy dan yn ‘e doar kaem en der wie nimmen, dan gyng der protteljende wei wer yn ‘e hûs (P.623.)  en koe it tikje wer begjinne oan’t salang hy it yn ‘e gaten krige, wa’t him dat levere. Dan kaem der ús mei great misbaer êfternei.

Ek hellen wy wol ris in grut stik glês by heit út it glêsfet, dat net mear brûkt waerd, sloegen dan op it rút by iene of oare en lieten it stik glês falle sadat de lju yn ‘e hûs tochten dat in rút ynslein wie. Syn eigen soan Tjitse wie der dan ek by. Rimmert wie pûrrazend en kaam ús op hoars fuotling êfternei. Wy it Heechein út. It hie dy deis flink reint en oeral leinen op strjitte greate dobben, wer’t Rimmert troch hinne batste, wat him noch lulker makke. Ynnhelje koe der ús net, mar doe’t wy de tsjustere reed fan Hette Kerstens yndraaeiden, rekke der it paed bjuster en kaem mei de kop yn ‘e stikelhage telâne. Wat hat dy earme Tjitse Brama it letter thús swier te ferdjuorjen hân.

Rimmert hie noch twa broers. Rindert en Hindrik. De lêste neamden wy altyd Hindrik Age. Hy bebuorke in pleatske oan ‘e Ljouwerterdyk, tsjinoer de finne der’t letter Coopersburg op set is. By de pleats wie in kampke lân, wer’t no de skiphuzen stean mei de helling en dat no brukt wurdt foar sportterrein.

Ek yn ‘e Marren hie der wat lân lizzen. Hy wie krektlyk as syn broers: It bekje siet op it goede plak, mar de hanne bleaun mearstal yn ‘e bûse. Der wiene twa dochters yn ‘e hûs, Lipkje en Klaske, dy’t letter, doe’t hja de fjirtich al passearre wiene noch oan ‘e man rekken. Yn Akkrumer feint koene hja net krije, dy wiene net sa sljocht op dy twa, al siet der wol wat modder oan ‘e kloet, mar dit lêste sil de manlju fan utens wol oanlutsen ha en  p. 624. sadwaande rekken hja op ‘t lêst noch oan de man. De mem, Atsje, stie ek net sa bysûnder yn ‘e gunst by de doarpslju, want dy wie ek net yn har earste ljeagen smoard. Liege koe se as in deagraver en as hja yn petear wie gyng elk op in ôfstand stean fanwege de mot rein dy dan loskaem. De paraplu mocht der wol by op, sa stoude de flibe jo om’e earen. It wie in echte rabbelskûtel, p.624 dy’’t it mei de wierheid net sa krekt naam. Hja hie der de slach fan, om oare bêrn oan te hâlden en frege dan fluensk : “Och leave, soe hy (of sy) even in boadskip foar my dwaan wolle ? Hy kin in sint fertsjinje hear! As men dan mei de boadskippen werom kaem, wie it stéfêst: “Och hea wat spitich, no ha ik gjin losse sint, mar ik sil it ûnthâlde hear!” Dy sint kaem fansels noait in kear en op ‘t lêst woe gjin bêrn mear foar Antsje boadskipje. Doe’t hja te hôf brocht waerd, wiene der ferskate jonges en famkes de lykwein nei eagen en tochten: “Der gean ús boadskip sinten.” Hindrik Ages hiette eigenlik Hindrik Willems Eenshuistra en syn frou Antsje Ages Dykstra, dochter fan de kastlein Age Dykstra, mar yn ‘t doarp neamden him altiten Hindrik Ages nei syn skoanheit. Hy hie in krolhierrige murdehoun wer’t der no en dan mei út te murdejeijen of mollefangen gyng. As der dan in kear wer ris gelok hân hie, dan kamen de ferhalen los en hie der oars gjin ferhalen as oer murden. As jonges neamden wy him dan ek meastal Age Murdsje. Hy hie yn ‘e Meinesleatpolder in stikje lân wert hy altiten oer’t set by de fellebleattery moast. Yn ‘e sleat by dat lân stienen yn’t foarjier geregeld in stikmannich einekuorren: Der lei in planke yn ‘e sleatswâl, dy’t hy brûkte, om elke dei de aeien op te fandeljen.  P 625.  65.  Dit wie ús, jonges, net ûntkommen, mar hy hie de eagen goed iepen en as der jonges by de kuorren omstrúnen seach, jage hy de houn der op harren ôf en makken dy, dat se fuortkamen. Soks freget fansels om wraek. Op in Woansdei-te-middei hurt ite, de reed by hette Kerstens del, it brechje oer de Trijegreppel oer en by de felleboatery fan ven der Ende lâns nei Hindrik syn einekuorren. De planke kaem oer de sleat: Wy hellen in koer fan de strampel en namen dy mei nei in greppel. Hessel Theunis waerd oanwiisd, om de mis út te fieren. Dy stroepte de broek del, gong boppe de yngong fan de koer sitten en liet behindich it miel fan de foarige deis der ynglide. De koer waerd wer te plak set en de planke waerd wer in de sleatswâl dellein. En doe mei syn fiven op ‘e polderdyk fan de Meinesleat oan ‘t mâltjirgjen. Hindrik kaam nei syn knipperke nei bûten, sjocht de jonges en tinkt daliks oan de einekuorren. Hy ropt Beike en set it lan yn: de planke komt oer de sleat; Yn de earste koer in aei, yn de twadde neat, yn de tredde . . . . . . . Fiif jongeskoppen rize mei in freugde gjalp efter de polderdyk wei oerein en fiere útlitten in soart yndianedûns út. It wie slagge. Dêr stie Age Murdsje en seach ferbouwereard nei de brúne substânsje, dy’t oan syn hân siet.  Doe hearde der it segefierjende jûchei fan de jonges en begryp alles. Grimitich roun der mei útstrutsen earmen op ‘e sleat ta en spielde der it ‘kromme aei’ ôf. Bijke begriep de baas net, want dy flokte hûndert út en skop sels nei him; mei de stut tusken de poaten slûpte der fuort. En die ferdealde jonges mar rope: “what stjonkt mear, Hindrik of in murd?”en mar dounsje en útlaitsje, it wie om duvelsk te wurden. Wy doarsten fansels it selde paed werom net te gean en makken in hiele omwei om de 626. Polder hinne en kamen sa wer út by Fokke Hommes lâns by de âld skoalle.

It hat wiken duorre, ear’t wy it wer weagje doarsten, by hindrik Ages syn pleatske lâns te gean, de Ljouwerterdyk út. Hy wie what rêd yn ‘t praten en de lêste wurden fan elke sin helle der what heech út. Doe’t op in middei Atsje mei de beide dochters it flierkleed oer de line hienen, frege Klaske, de jongste: “Kin heit ek efkes helpe?” Mar Hindrik seach tsjin it kleedklopjen oan en sei; What seiste? Ei, kom, kom, trije frouljuyn ‘e hûs, kom, kom, kom, rêd jim jim, rêd jim jim! Ik moat nei de marren!” Hy naam de skeppe oer’t skouder, rôp de houn en sette de dyk út. By de brêge slûpte der by âlde bregewachter Wybenga yn ‘e hûs en bleau der in pear ûren sitten te wiispraten. Doe’t der letter thús kaam seider: “Raer sa’n mollen der binne, fan ‘t jier. Raer. Kom jim ha it kleed al wer lizzen sjoch ‘k”. Hy hie in kear heechrinnende rûzje hân me lytse Harm, in modderskipperke, dat gjin maklik hearskip wie. Elk mijde him, want men hie him samar op ien ein. “Ik krij dy wol wer, hie der tsjin Hindrik sein en hy sinde gedurich op wreak, mar der soe in foech jier oer ferrinne, eart him derta de gelegenheid foar die. Op in maitiid lei der yn ‘t Slachtegat by Jinshúzen te modder lossen, doe’t der Hindrik oankommen seach. Dy wie yn earsten aeijsiker en koe it net litte om sels yn ‘e ferbeane tiid noch it lân yn te gean, om aeijen te sykjen. Net fier fan skipper Harm foun der in broedsje, dat yn ‘e pet kaem. Harm hie alles sjoen, mar sei neat, lykwols, Flierman de plysjeman, hie fan de Terhernsterdyk ôf, alles meimakke en de jouns sei der tsjin Hindrik, dat der in bon P. 627. krigen hie foar it aeisykjen yn ferbeane tiid. Dat stie der net te best foar him fansels en hoewol’t hy by heech en by leech bewearde, gjin aeijen meinaem te hawwen, kaem der in wike letter in “dagvaarding” om foar de rjochter yn ‘t Fean te ferskinen. Socht der Harm op en sei: “Do kinst wol tsjûge dat ik gjin aeijen meinommen ha. Do moast mei nei ‘t Fean. Ik jou dy in daalder en betelje dyn reiskosten”. Harm ûnthjitte him, dat der mei nei ‘t Fean gean soe. De dei fan rjochtsitting bruts oan. Hindrik kocht in treinkaertsje foar Harm en betelle in daalder, traktearre op in segaer en in slokje en prate ûnderweis hûndert út. De saek kaem foar en Hindrik ûntkinde alles, what him ten lêste lein wie. “Dizze man kin tsjûge dat ik gjin aeijen meinomd ha!!” sei der tsjin de rjochter. Harm moast foarkomme en him waerd frege: “Hebt u ook gezien, dat de beklaagde op donderdagmiddag 7 mei eieren geraapt en meegenomen heeft?”.  “Jawis en donders, edelachtbare, hy hat in broedsje ûnder de pet dien”.”What seisto smygt watte. Hy liigt Edelachtbare, sa wier as ik hjir stean, hy liigt!”. Hindrik gappe fan lulkens nei siken, mar Harm sei bedaerd: “Ik ha ik wol sjoen rakkert, de hiele middei hast der omstrûnt om aeijen. De twa rekken hast slaende deilis (ruzie)  sadat de boade tuskenbeiden komme moast. Hindrik krige f.5,00 boete en Harm hie in bêste dei.

Wy hienen as jonges in grouliken hekel oan lju dy’t mei koaejen molken (nep eieren) en der wie Hindrik ien fan. Op in middei founen wy twa jirpeltsjes yn in nest. Wy stutsen dy yn de bûse, leinen in stik mannich skiepedropkes yn ‘t kûltsje en leinen der in stikje fan in itensklodde by, werop skreaun wie: “Murde aeijen”. Spitigernoch binne wy nea te witten kommen, hoe de reaksje fan Hindrik wie, doe’t hy de aeijen foun.

Ype, (it âld fel)

(p. 629.). De âlde fellebloaterij wie eartiids eigendom fan minhear van der Ende, Dy’t op ‘e Kleef wenne, mar in feint oan it work hie, dy’t Ype hiette. Syn efternamme wisten wy net mar wy neamden him altiten “It âld fel: dit sil wol fanwege syn work yn ‘e bloaterij kommen wêze. Hy koe gjin jonges útsteanen fan ‘e werom stuit wy him net. De bloaterij wie in swart tarre hok, wer’t sinneblinen foar hongen, om de wyn romte te jaan, der troch kinne te blazen. Maitiids wy it dak op om protteraeijen, mar soks moast barre ûnder iten of sneins, as Ype der net wie. Yn ‘e Driegreppel lei tsjin de wâl in boatsje, wer’t minhear van der Ende yndertiid in bulte mei te fiskjen gyng, mar dat nou al jierren ferwaerleaze en heal ûnder wetter tsjin de wâl lei. It skouke hie in wat nuvere name, dy’t troch syn baes fêst ûntliend wie oan in refrain fan in doetiidsbekind merkeferske: “Pak de leuning”. Dy boat noege ús as it ware út, om der mei út farren te gean: hy lei der mar rinteleas hinne en gjin minske seach der mear nei om. Allinnech fansels “It âld fel”, mar op in woansdeitemiddei. Doe’t Ype oan it iten wie, makken wy de skou los, eazgen mei in âld amer it measte wetter derút en setten de Driegreppel del nei de Meinesleat ta. Ype hie de riemen opburgen, sadat wy mei in polsstok boomkje moasten. Doe’t wy in eintsje fearn hienen sei Hessel Theunis: “Wy fersûpe aenst: dat ding lekt as in tsjems” Dat wie ek sa, it wetter kaem der mei gjalpen yn; wy nei de wâl. It êferein ward op ‘e wâl lutsen en it skouhúske waerd mei klaei tichtstampt. Dêrmei wie it mankemint sa goed as kwea ferholpen en koenen wy wer fierder farre. Wy hiene in prachtige middei en in hearlik besit, dy’t ús gjin jilt kostte! Wy wachtten acht ûre ôf, dan wie ‘t “âld fel” wol fuort en koenen wy de skouwer te plak bringe, mar dat pakte oars út. ( P. 630). Al by de Meinesleat spatte der efter it iisklubhokje wei en drige ús mei in stok. “Hjir dy skou smearlappen, ik sil jimme! Ik slain jim allegearre dea! Hjir dy skou!” No, dea woenen wy gjin ien fan allegearre en dêrom bleauwen wy mar wat op ‘n distânsje. Ik rôp: “Wy ha permisje fan menhear van der Ende”. “Dat liichst smearlap!!” raesde d’r, mar ik rôp werom: “Wol wier ik ha him sneon-te-middei frege en hy woe ‘t wol lije!” Ype begoun te twifeljen. “Ik ha him sneon-te-middei yn de skearwinkel frege”, sei ik, “Freegje him der mar nei!” , “Ik sil der nei fernimme” wie Ype syn boadskip” mar no earst de skou wer op syn plak!” Wy kamen der goad foar wei, mar ik fielde my neat net noflik en seach der as de dea tsjin de sneon op. Myn swaeger Hessel van der Leen hie in skearwinkel en dêr kaam van der Ende elke sneon om skeard te wurden. Ik moast de middies en jûns helpe mei ynsjipjen en krige dus úteraerd ek menhear van der Ende ûnder hannen. Wy koene it oars skoander mei elkoar fine, mar destemear spruts myn gewisse en ik seach doe ek hoe langer hoe mear tsjin de sneon oan.

As ‘k oan it ynsjipjen wie, moast ik op in stove stean, oars koe ik de hollen net berikke, mar ik hie sterk it gefoel dat menhear van der Ende my ûndertusken mear oanseach, sadat ik hast fan myn stove of trille. Einliken wie it syn beurt en doe’t ik begong te ynsjipjen sei der: “giest noch wolris te fiskjen Durk”? Dê,r ha jo it al tocht ik en mei in kop as fjûr sei ik “Jawol menhear”. “Dan moatte jim mar ris nei de Poel gean, der sit fisk genoch, size se!” “Ja” stammere ik “mar we kinne net oer’t Deel komme”. “Och” sei der mei in glimke” Jimme kinne dochs wol in boatsje krije net?”. Hy lei my kreas op de pynbank, want  631. myn sweager wie wat de klanten oan ging, fier fan noflik en dy krige yn’t snotsje, dat der it ien as oar bart wie, dat gjin ljocht ferdrage koe. Oars wie van der Ende noait sa praetsk en no hie der samar in hiel petear mei de lytse piccolo. Dêr stieke wat efter, “Ja soms wol ris” wie ‘t ienigste dat ik size koe. “Ei-nou, sei mynhear van der Ende”nim dan mar in skou sûnder freegjen, dat doarst wol net?” Hy glimke en knypeage my ta en ik fielde my stikken ferromme. Hjir sit in man, dy’t it goed mient, fielde ik en ik doarste te sizzen ”Jawol mynhear, mar it is wolris riskant!”. Hy lake en sei doe:” Dan seist mar dast permisje hast, dat sparret in wan op ‘e hûd mei in stok!” Ik wie sa bliid as in protter en fertelde dat de jouns oan myn maten. Allegearre founen hja mynhear van der Ende in bêste man. Mar de boat lei te-nei mei in keatling op slot: der hie’t âld fel wol foar soarge. Wat wie dy Ype yn wêzen dochs in pestkop!    

Rindert Eenshuistra,

 (P 632.) . . . wie in broer fan Rimmert Bramapoetra en fan Hindrik Age’s. Hy sútele yn ‘t doarp en omkriten mei stalen fan Klaas de Groot, brocht krûdenierswaren fuort, hie in hanneltsje yn tsiis en aeijen, ek kocht hy by hjerstmis by de boer appels en parren op, dy’t hy dan útfinte. Hy wie yn syn dwaan en litten wat traach en yn syn prate wat langtriedderich. As der by de doar kaam wie’t earste wat d’r sei: “Sil ‘k jo size” dat lei him yn ‘e mûle bistoarn. Hy brimde dan even, wachte in poaske en sei dan wer: “Sil ‘k jo size” en kaam dan mei syn boadskip foar it ljocht. Hy soe by de doar nea fan “FOLK” roppe, mar stuts de meager kop om ‘e doar en dan: “Is sy deryn?”. Dêr komt by, dat hy de “R” net size koe en tige brijke. As “sy” dan by de doar kaam, dan wie ‘t : ”Moarn frou” Sjoch, sil ‘k jo sizze, hm hen, sil,’k jo sizze. Ik ha noch in tsyske, hm, hm,’t is net alhiel: wat je noemt, hm, hm, geef, mar lekker is’t wol. Ik hie, hm, hm, sil ‘k jo size by van Woerden in stikmannich fan dizze tsyskes kocht, hm, hm, se binne oars djûrder,

mar omdat se wat miterich binne, sjoch, sil ‘k jo sizze, doch ik se foar wat minder. Sa’k jo siz, hm, hm, se binne lekker en allinnich mar wat oanset, hm, hm, nou pittich binne se, sa’k jo siz” en sa eamele hy mar troch. Hy sei noait earder de priis as wannear men der om frege. Hy waerd yn‘t lêst min op ‘e gongen roun meastentiids mei in stok yn ‘e iene en in koer yn ‘e oare hân. Hy is letter wat núver oan syn ein kommen. Op in kear fielde Rindert him net rjocht by de tiid en moast nei’t húske. It duorre in hiele tiid en hoewol Styntsje, syn wiif, wol wat went wie yn dat opsicht, sil’kj jo size, hm, hm, dat hy mei alles wat lang work hie, duorre it har dizze kear dochs te lang. Hja gyng op ûndersyk út en rôp” “Binne jo der noch Rindert?” Hja krige gjin antwurd, en de twadde kear ek net. Hja die de húskedoar iepen en jawol der siet, sil’k jo size, hm, hm, foaroersakke mei de bril op, dea op ‘e bril. Hy hie, misskien wol f oar ‘t earst yn syn libben, der ris fluch by west.

Taheakke . . .

(Dit is in oar ferhael, net fan heit ôfkomstich). Op in kear hie Rindert in bestelling opkrigen fan Piters Jitske, in boerinne fan Jirnshuzen,dy’t de oare deis kofjedrinkers krije soe en it ien en oare yn hûs ha woe foar de besite. It wie oerdei gleonhyt waer, brodzich en benaud, en dêrom stelde Rindert it boadskip ut oan ‘t de jounstiid, want it wie in hiele rin, alhiel nei Jirnshuzen en uteraerd wie Rindert mei syn manke skonk net sa hurt. Doe’t hy de boadskippen op tafel útstalde, bearde Jitske mâl, want der bliek de sûker ûntbriek. Hy krige ‘r tige it leksum want no siet hja sûnder swiet foar de besite de oare moarns. Jitske wie in goede klant en Rindert, lykmoedich man as der wie, sei ta, dat de sûker noch bringe soe, Sil ’k jo sizze, hm, hm hy futtele yn ‘e waermte werom nei’t doarp en hoewol ‘t der ûnwaer drige, gyng de reis nei Jirnshuzen foar de twadde kear oan, dizze kear mei in poun sûker.

De boerinne soe tefreden weze, hm, hm.!  It wie yntusken al wat skimerich wurden en doe’t hy it hiem oproun dat alles al op bed en yn djippe rest lei. Op syn roppen kaam gjin beskied en eintsje beslut lei der de kladde mei sûker mar op de reinwetterbak by de keukendoar, dan foun men de oare moarns fansels wol, en sa sette Rindert, sil ‘k jo size, hm, hm, tefreden yn’t healtsjuster op hûs yn.Hy kaem even foar ‘t losbarsten fan de uûnwaer, dat de hiele jûn al drige hie, thuús en joch him wurch mar foldien neist Stientsje del. Fan de fûle wjerljocht, de tongerslagen en de stjelpende rein murk Rindert neat, in wûnder, want it kaem mei amers fol fan boppen. Doe’t de faem de oare moarns by de reinwettersbak kaam, foun ja der in trochwjekke pûde mar de sûker wie fuortspield

De blauwe lyster . . . 

(P. 635, 75). . . wie fan oarsprong in “Poep” langlidich, hast twa meter yn ‘e hichte, brânhout meager, mar mei in grutte holle, wer’t it hier wyld en pikerich om hinne floddere. It wie ien en al bonken: de skouders stutsen hast troch it jaske, dat oan’re koarte kant wie fanwegens syn abnormale lingte, hinneen de broek wie navenant. Dy bongele him om ‘e smelle skonken as in fûgelferskrikker en de boksen kamen hast healwei de knibbels. De fuotten winen ek ekstra lang fan stik, sadat hy de snúten út de skuon snien hie, om de teannen wat mear romte te jaan. Wy hienen altyd nieget oan dy lange teannen, dy ta de skuon útstieken., want de sokken en de hoazen wienen net nijen dus net alhiel ticht. Fuotwaskje die der net syn trapers spielden wol skjin as it reinde. Sa swalke der fan it iene doarp nei it oaremei syn harmoanika, dy’t der yn in blauwe pude mei tôge. Simmereis gyng dat wol, mar it is foar ús altiten in riedsel bleaun wat der winterdeis útheefde. De sinten dy hy simmers oprûn, waarden meastal direkt opmakke, sadat der foar de winter gjin reserve weze koe. It wie in singeliere ferskining. Op syn wangen en noas sieten blauwe plakken, gefolch fan it skot hagel dat syn broek him yndertiid nei syn sizzen yn ‘e kop jage hie, by ûngelok fansels der hie hy syn name ‘’de blauwe Lyster’’ oan te tankjen. Hy song nammentlik by syn harmonica, en as hy him der goed yn útlibbe, dan like ‘t wol, dat ‘r yn trance wie. Dan skuorde der de mûle safier iepen, as der’t kaken net fan elkoar krije koe, de holle kaam op ‘e side en de eagen seagen nei boppen. Hy hie dan meastal lieten as : “Ich hatt ein Waffenbrûder” en mear fan soksoarte en al wie der it Nederlansk goed meester,  yn syn sankjes bleau der it Dútsk trou. Hy libbe meast fan tsiis en jenever. As der wat bûssinten oproun hie dan socht der Sytse Visser open kocht in poun tsiis, hoe âlder en skerper, wat lekkerder en dan wie de loop nei Schilstra, dy doe in kroegje hie, wer’t letter Klaze Fetsje wenne.

Der oer de toanbank hinne sloech der in pear efter de kiezzen, iet in hompe tsiis open sette dernei wer ôf. Myn swager Hessel kaem ris de stege del, doe’t de lyster krektby Jouke Schilstra de doar útkaam en him skiljend mei de rech fan de hân de mûle ôffage. “Wol”,  sei Hessel “smaakt ‘t nog?”. De lyster seach him oan, smakte mei syn tonge, aeide himself oer de wangen en sei mei syn heech famkesachtig heech lûd: ”Ich soll trinken so lang die himmel blau ist”. “No”, sei Hessel “dan hoopje ik om jo en de kastleins, dat wy noch mar in bulte moai waer en in blauwe loft krije”. De lyster wie guodlik en nimmen hie lêst fan hym en hoewol ‘t wy it in núvere stûthaspel fuonen, soenen wy him noait pleagje. Nachts sliepte der meast yn’e herberge of as der oppers yn ‘t lan stienen, dan kroap der yn in hea opper en sliepte der de ”Slaap der rechtvaardigen”. Op in kear hie der even ten suden fan Ljouwert say ‘t lân oernachte, doe’t de boer moarns by ‘t opstekken fan de weide, him mei de gripe yn ‘t gat stuts. De boer hie nearne gjin euvel moed yn, mar hearde ynienen in gjalp, seach de opper hea omheech rizen en der stie temidden fan ‘t út elkoarsteade hea in dúvel foar him mei in wylde prúk en wyld wyld hinne en wer slaende earmen, dy’t rauw bearde en flokte, om der bang fan te wurden. (Pag. E 637-77.) De boer besaude him, liet de foarke los en naeide út, sa hurd at der koe. En ûnderwilensbleau de lysyter stean, mei de foarke yn ‘t gat, te razen: “Sie ferwarten mir, sie fermoarden mir !”. Doe’t in hoart letter de boer mei in pear buorlju werom kaam en skrúten by de opper hea op ynspeksje gyng, founen hja der in gripe werfan oan de skerpe útein it bloed fan de lyster noch siet. Lang hat it ferhael gien, dat de boer de dúvel deastutsen hie, want dy wie ferdwoun, mar oan de foarke wie syn bloed bestjurre en men koe it der net mear ôf krije. Dat wie gjin wûnder, want dat wie fansels it gefolch fan de tsiis en de jenever. It wie krekt as waard de blauwe lyster troch it needlot éfterfolge. Op in Jirnsumermerk wie der by it hurddraven en helle dêr mei syn oandwaenlik sjongen sinten op. Letter gyng der by de húzen lâns mei ‘t wyt fan de eagen foar syn heegste liet. Dertroch seach der neat fan de drokte om him hinne, en waerd der oanriden troch Doeke Postma mei de tilbury, sadd der salang as der wie, yn it diske fan pytsje-patsje- poe telâne kaam en de hiele útstalling snústerijen wit wer hinne stoude. Dy fansels skelle, sa ha no net, en it wiif die noch mear har bêst. Doe’t de lyster wat bekomt wie fan ‘e skrik en oerein skarrele, hie der it pipedrop en de sûrstallen yn it hier sitten en moast der meitsje dat der fuort kaam en al sei der ek hûndert kear, dat der ûnskuldich wie, mar oars koe der in pak op syn donder krije. Op in hjerst ha wy him foar it lêst sjoen. Ik tink dat it him gien is as de lysters; hy hat yn de Heimat in stil plakje opsocht en sil dêr stoarn wêze.  (E 638- 78).

Jelle Boonstra,

 . . . Wie timmerman fan syn fak, mar wie tagelyk ek koumelker en hie in krúdenierswinkeltsje. Boppedat hie ja faak kostgongers: Foaral ûndermasters leinen by Jelle yn ‘e kost en it koe der wol wat lije, want de jongelju hiene derin protte frij. Jelle hie ek in skou, wer mei de masters wol ris te farren gongen en op in kear wienen der twa yn ‘e kost, dy in kollega útnoegen om mei harren it wetter ris op te gean. Dy hie der wol earen nei, want master Kleinbeitink kaam út de Achterhoek wer ‘t net folle wetter wie. Dit wie foar him in útsje, wer’t der tige nei útseach om der thús letter oer op te skeppen. It wie in wat deftich him foardwaand persoan lang en meager en meastal klaaid yn in lange pândjas. Hy joech hjir Franske les, wie wat eigenaerdich en wie blykber it bûtenlibben net wend. Der waard ornearre, master Heinbentink soe de Meinesleat lâns de skou lûke yn ‘e line oan ‘t Deel ta en dan soe ien fan de oaren de lange alve foar syn rekken nimme. Sa kaam master yn ;e line en stroffele de poderdyk lâns oer hekken en stekken hinne en it moat sein wurde it gyng him net min ôf, mar o, weesawat heal wei krigen in stikmannich hokkelingen him yn’t fi zier en kamen hobbeljend efter him oan. De oaren yn’e skou krigen der nocht oan en stjoerden mei opsetsin dy in ein de feart yn. En master mar lûke, sa fûl as der koe: hy rûn súver foaroer mei de noas hast op ‘e grûn en skuorde fûleindich oan de line, om de bisten foar te bliuwen. Nou en dan stroffele d’r, foel en kladdere wer oerein. Dochs forlear der terrein; de bisten kamen tichterby, de sturten steilrjocht yn ‘e loft en hy hearde it hymjen en stampen deun êfter him. It makke him stjerrend-benaud foar dy kringen en op’t lêst wist der gjin útwei mear en sprong fan ‘e wâl yn ‘e feart, onnoazel nei-eage troch it jongfé. Of stiene se him spytgnyskjend út te laitsjen? De oaren yn ‘e skou raesden: “ Line beethâlde! Wy lûke dy wol oan!” Der kaam der oanbrûzen. Heal ûnder en heal boppe wetter.

Doe’t hja him binnenboard hyst hienen seinen hja: “werom lutst de skou ek net oan? Mar master Kleinbennink hie de opset fan de twaskarlanen net troch en sei: ‘Ik probeerde het wel maar dat ding wou niet. Ik dacht beter en nat pak dan op de horens van die koebeesten. Mar út farren hat der net wer west. Sa’k al earder ferteld ha, holp ik myn swaeger Hessel sneons en sneins mei it ynsjipjen  yn ‘e skearwinkel. Hessel hie ‘t aerdich oan ‘e gong en kladdere moai de wâl op en sadwaende wie der tûk op ‘t behâld en it oanwinnen fan klanten. Ik moast fdn ek tige oppasse, it de klanten nei’t sin te dwaan, want in klant fan trije sinten yn ‘e wike foar it skearen woe der net graach ferlieze. Myn fertsjinst bestie út ien dûbeltsje yn ‘e wike en derfoar moast ik sneons út skoalle wei nei de skearwinkel al, healwei-alven en sneinte moarns fan sân oere oant sawat healwei-tsienen. Foar it ynsjipjen brûkte doe noch gjin kwast mar it moast mei de hân dien wurde. Jûns wienen my de hannen dan ek sa rau as spek fan ’t rossen op dy hurde burdstoppels fan in wike âld of langer.

As der gjin klanten wienen moast ik wettersjouwe, flierskrobje, boadskipje en sa mear en moast boppedat de rabbelemintsjes fan Hessel opfrette, want it wie noait goed. En dat foar tsien sinten yn ‘e wike!. Jelle Boonstra kaam ek alle sneontejûns en as ik him ynsjippe, dan die der mar noartsk en lulk, krekt as die ik it net goed. Dat wie as net as gekheid en mear bedoeld as in lytse pleagerij. Sa wie der no ienris, mar ik krige it stadichei yn ‘e gaten en troefde wolris werom ta great nocht fansels fan it omsittende folk, want it siet der sneonte juns altiten fol yn ‘e skearwinkel. Op in kear doe’t ik him wer ûnder hannen hie en mei in klodder sjippe yn ‘e hân dwaande wie, snaude der ûnferwachts nei my, lykas in houn, dy’t bite wol. Ik waerd kjel en wie sa feraltereard, dat ik him it sjipskûm yn it gesicht kwakte. De noastergatten en de eagen sieten fol en Jelle prûste en blaesde as in brúnfisk. Hy stowde en fage him mei in bûsdoek ôf en kettere: “ Bliksemse kweajonge, wa tinkst wol dast foar haste?” Mar ik krige help fan oaren.  Douwe Boonstra slachter sei: “sju sa . . . dat hast knap dien, it kam de rjochte oer. Wat docht der ek altiten mei syn flauwe keunsten ûnder it ynsjipjen en oaren seinen; “Do heist him dit hiele bekken op syn âlde kop leegje moatten, dy âlde dúvel!”. Jelle bekaam wat, mar drige” as it hjir sa moat dan gean ik wol nei Jentsje Soelebau”. Dat besoarge my letter fansels in skrobbearing fan myn swaeger, want krekt dy wie tige nearingsiiken in fêste klant fan trije sinten yn ‘e wike ferlieze, dat wie net best. Trouwens, Jelle hat my noait wer pleage. Jelle waerd by’t âlder wurden slim rimmetikich. Hy roun mei in stok en koe de iene foet hast net foar de oare krije, mar de streken bleaun deryn. Doe’t der ris in eintsje fan hûs pandere wie stútele wie, mei men wol sizze kaam der in jongfaam him foarby. Hy bûgde him wat, doe’t se sawat by him wie, griep sabeare nei har kûten en blafte as in houn. Earst skrok se wol, mar hja koe Jelle en bleau stean. Dy wie lykwols oer de side teard en koe net wer oerein komme. Nei wat geskarrel slagge it him op de knibbes te kommen. Mar fierder kaam der net. Hja sei: “Moai sa dat ha jo derfan. No moatte jo jesels mar rêdde. En Jelle moast as der no woe af net, op ‘e knibbels nei hûs krûpe . Doe’t Jelle 78 jier wurden wie, rekke der op bêd. Dokter hie al tsjin syn wiif sein: “Anne, het loopt af met Jelle!” en sa leider op ‘t einte wachtsjen yn de bêdsté yn ‘e keamer. Jouns kaam de buorfrou even  om te freegje hoe ’t it like. “Och” sei Anne “it liket net sa bêst, mar kom der mar yn: jo kinne wol even by him sjen”. De bêdsdoar waard súntsjes iepen dien: Anne struts Jelle mei de hân oer de meager foarholle en sei mei triennen yn ‘e eagen: “Men kin wol sjen dat it nei ‘t ein lûkt!”.  Jelle lei mei de lûken ticht mar ynienen snaude’r fan siden nei de hân dy’t him aeike en sei “Hwam!” De beide froulju bestoaren it súver, sa kjel waerden hja. Buorfrou biwearde letter: “Dy âlde smearlap gnysde ek noch”. (P. E 642- 82).

Greatte Lubbert.

Yn ‘e Driegreppel by de skoalle lei in lyts snikskipke weryn Greatte Lubbert mei syn wiif Antsje wenne.

It wie wat behelpen want Lubbert wie lang fan stik en siet altiten mei in kromme rêch yn ‘t roefke, omdat der te min romte wie om rjochtop te sitten. As der nei binnen gyng dan gyng der earst op de knibbels lizzen, skowde de kape safier mogelik iepen, stuts dan ien foar ien de lange skonken en liet him dan mei skeuken en tearen omslachtich nei ûnderen sakje. Hy roun no en dan mei in kuorke mei wat negoasje mar folle make dat net út. Farre dienen se ek noait. Want Lubbert wie gjin skipper en boppedat wie der dêr ek fierstende maklik foar, om mar net te sizzen loai. Lubbert wie zegene mei in almeugend greate noas. Ik ha yn myn hiele libben noait in minske moete dy’t sa’n greate noas hie. Ek syn mûle wie navenant, mar de eachjes stiene djip yn ’t antlet en wienen wat oan ‘e lytse kant útfallen. Ik “Schoonheid” koe men Lubbert net neame, mar dochs hat der fest wol sex-appeal hân, want Antsje wie syn tredde wiif. De frouljus kinne wol smjocht op him weze en as wy de gek mei lubbert syn útsjoch hienen sei ús mem altiten: “tink der om: Een grote gevel siert het huis!”. Mem hie sels ek noch al in flinke gevel, dat sadwaande. It kaam Lubbert trouwens fan pas. Hy mocht der wol oer dat de froulju graach nei him ta kamen, want dan koene dy foar him it work dwaaan en foar it húshâldjilt soarchje. Blykber joech men yn dy tiid net sa folle om in ûnsjoch úterlik en seagen hja net sa krekt. Antsje sels wie oars wol in himmel wyfke, dat deis út te arbeidzjen gyng en er in swak hie mei de bolkoer rûn. Lubbert hâlde him dan faak healsiik en bearde, dat der in swak gestel hie, mar hy hie de namme dat der in soene iter wie en wynlik nea sêd koe. Op in kear wie Lubbert wer ris siik. Hessel, myn swaeger, frege Doe’t Antsje mei de bolkoer by ‘e doar kaam hoe it mei Lubbert gyng.

“Och” sei’t sloof” Van der Leen, it hat in lijen west, mar fannemiddei hie ik in kop grauwe earte stean  mei flink wat útbred spek der by, en dat hat der lekker oppluúze. Dat hy sil no wol wer gau opknappe”. No dat kaanm ek út want de sneons kaam der al wer yn ‘e skearwinkel mei in stikelburd fan trije wiken, sadat der mei de hânskrobber ynsjippe wurde moast.  Lubbert hie foar syn snikje in raer plak útsocht, deun by de skoalleen fansels koene de jongens it pleagjen net litte. Wy wisten mar al te goed dat Lubbert net sa fluch út is roefke komme koe. As wy dan mei de klompen op de lûken bounsden en de âld kop kaam ta it roefke út dan wie it: “Lubbert ha jo ek foar in dûbeltsje snotkokerfet?”. Jelle Snip foun in kear in âld matte yn ‘e Driegreppel, dy’t der nei Lubbert ta sleepte. Jelle doarste wol wat oan en sei: “Lubbert wolle jo in bytsje in sneinse bûsdoek keapje? Der kin gâns wat yn, as jo ferkâlden binne”. Wy ha in kear yn ’t skimers it skipke ris losmakke en sa dreau Lubbert sûnder erch in ein de Polsleat yn. Mar dat bruts ús sûr op. De oare moarns, doe’t wy yn skoalle sieten, kaam master Smilda de klasse ynstappen. Doe wisten wy, wat ús te wachtsjen stie en de kleuren gyngen ús op en ôf.  Master Smilda hie in fine noas as it der om gyng, út te finen wat de dieders fan alle kweajongens streken wienen. Hy boarre syn eagen djip yn dy fan de dilinkwint, lúts syn rûge eachbrouwen op, sei neat, mar rûn dat rislut op him ta. Sa gyng it no ek. Hessel Theunis wie it earste slachtoffer. Dy waard út de bank lutsen, master draeide him de ear om , sadat d’r mei syn êfterein nei him ta kaem te stean en sa krige Hessel syn earste aei- en net in sêfte-fan de skoech fan master tsjin syn sitflak. “Dit is er één van” sei der tsjin Lubbert, ”Soa” sei dy “soa, dat sil t wol! mar der wiene mear”. En sa warden wy ien foar ien ûnder hannen nommen en sieten nei skoaltiid mei ferdraeide earmen en pynlike sturtbonkjes, útlake troch de oare bêrn, iverich te skriuwen oan hûndert strafrigels: “Ik mag geen kattekewaad uithalen”. Fiif bandieten, Hessel Theunis,Tsjitse Bramapoetra, Jelle Snip, Tsjitse fan Greate Aant en Durk Bakker, dy’t oars neat dien hie as greate Lubbert in eintsje driuwe litte. Dat frege fansels om wraak. Jelle Snip wie datoangeande nochal finningryk. Hy klaude’r ris op ‘e kop, seach foar him út en sei doe ynienen: “Ik wit wat.

Wy bine de roef tichten sit de “Greate” op sletten”. Mar wa soe dat plan útfiere? Der mocht om lotte wurde. Jelle en Brama waarden de dupe. Hessel hie in mes en dêrmei snienen in droechline ôf fan Theake Pet syn linepeal. Op sokke slûpten de twa UNDER (E 644.) Op de snikke ta en hoewol Lubbert oars tige wach wie, slagge it dizze kear om ûngemurken de kape fan it roefke fest te binen. Om njoggen ûre wie’t ljocht ûtdraaid en wienen Lubbert en Antsje op koai gien. In kertier letter wie ús karwei êfter de rêch. It moat de oare moarns moai spile ha. Hindrik Bilker de jirpelskipper, fertelde de oare deis: “By/Sy harren fannacht myn buorman Lubbert en it wife yn ‘r roef opslúten. Met een touwwaer de kape fastkomen. Ik dacht soggens, wat bliksum benne Lubbert en Antsje deilis? Ik der henne, en wat sien ik? Lubbert sloech as in gek teugen ’t roef aan en skreeuwde: Maak open, maak dy kape open. Verdomd jongkie, Ik heb him lossneden, Wat waer de grote duvels!”. Wy wienen al benaud, dat Lubbert wer nei master Smilda gean soe, mar gelokkich ha wy der letter noait wer wat fan heard.   ( E646)

Poepe-teltsjes fan pake Jehannes.

Pake fan memme-kant stamme ut it boerelaach fan de Kooistra’s, út de konterijen fan Wergea. Hy hat ûo op de Froskepôle wenne, ferfear letter nei Burstum op ‘e tsjerkepleats en bebuorke yn ‘e 70er-80er jierren (1870-1880) de mânske Lycklama’s pleats oan ‘e Ljouwerterdyk fan 180 pm. It hat him te mânsk west. Like as safolle boeren út dy jierren waerd hy boer ôf, ferhúze nei it doarp en sette in winkel yn krúdenierswaren, klompen ensa mear op. Deis gyng hy meast de boer op mei syn boadskippen en die beppe meast de winkel. Doe’t it work him te swier waard, waerd de winkel ferkocht en krigen hja by ús yn de Wide Stege in rêstich keamerke; hiel lang hat Pake it net mear makke. Beppe hat him noch jierren lang oerlibbe. Pake wie oer’t generaal in tefreden man, dy’t him, sa’t it like yn syn lot skikte. Men soe him nea klaeien hearre of kritysk oer oaren útlitte. De Rimen en Telsjes koe der súver hast út de holle en de lieten út de Fryske lieteboeken, benammen it âlde, song der graach, as myn broer en ik yn’t skimmer elk nis op in knibbel sieten. Spytich dat safolle fan dy âlde lieten en opsizzerkes forlern gien binne: “It âlds wyfke fan Parregea en Hans Heinrich hat ein bokking, fet unt groot gekocht für sieben senten by Leip d’augurkenjood”. Sa wiene der wol mear. Ien is ús altiten bybleaun en dat is letter wer oergien op bern- en bêrnsbern dat is dat fansels fan: “der wie ris in âld wyfke, dat foun mei it flieroanfeijen in duitsje”. En dan koe pake smaekelik fortelle fan de Dútske Hannekemaaijers. In pear fan dyn forteltsjes hat mem ús letter oerlevere en lit ik hjirêfter, om sa foar forjitten to bewarjen, Folgje:

1. Heinrich en August hienen har work by de boer foar dy simmer dien en sa as wisansje wie, krigen ha foardat se nei hûs ôfreizgen in greate boerenageltsiis mei. Dy moast fansels yn twaën en by’t trochsnijen foal de iene helte wat greater út as de oare. Mar it earlikste wie, dat men mei omstean in kar dwaan koe. August soe omstean en Heinrich frege: “Wie soll ‘t grosste haben?”. “Ich” sei August. “Nah” sei Heinrich in bytsje spytich, Do bist auch immer so glückich!”

2. It twadde telsje is fêst ek wol by oaren bekend en hannelt oer trije poepe-mieren, dy’t jouns yn ‘e doarps herberge wat ryklik fan ‘e”schnapps” preon hie en doe’t hja oer de tille nei de pleats rounen, de moanne yn ‘e feart skinen seagen en dy foar in “kase” oanseagen. Dat fortuntsje wie net te forsitten, mar hoe koe men de grutte tsiis út it wetter opfiskje? It problem waard troch Hans oplost. Hy gyng oan ‘e brêge hingjen, Heinrich liet him der by del sakje en hâlde him oan de skonken fan syn maet fêst en doe kaem Agust nei ûnderen. Krekt doe’t hy de tsiis gripe woe, waerd it gewicht Hans te folle mânsk en dyn rôp fan boppen: “Effen in die hände spoegen” en alle trije gyngen fansels kopke-ûnder.

3. Op in jountiid kamen Hans en August by it tserkhôf lâns en seagen yn’e klokkestoel de beide greate klokken hingjen. Nou koenen dy twa klokken harren neat skele, mar de touwen wer ‘t dy mei let waerd, hiene hja wol belang by.  P. 648. – 89   Hans klom hiel forsichtich yn ien fan de touwen op en doe’t der boppe wie, snie der it touw boppe him troch, mei’t gefolch dat der dermei in smak nei ûnderen trûzele. “Das wahr gans mis, jungen, “Ich weis besser”, sei August, dy doe yn oare touw op kladdere. Doe’t hy boppe wie, naem der syn knyft en fike it tou ûnder syn fuotten ôf, sadat ‘r net falle koe. It forhael seit net, hoe’t hy der letter wei kommen is. (E. 649 –91)

Oer teltsjes oer âld-Akkrumers. (wier bard).

Hindrik kaem fan skoalle ôf by de skearbaes yn ‘e lear. It wie net in jonge, dy’t  by de boer paste en heit en mem ornearren, dat baes Gerrit, dy’t in jongmaetsje frege, om it skearen en hierknippen te learen, in útsocht plak wêze soe foar Hindrik .en boppedat koe der in fak leare en in lytse ynstruiing by’t hûshàldjilt wie altyd wolkom. It biguon fansels mei ynsjipjen en de beukers it hier millimeterje en hjir en dêr in handtast dwaan, mar Hindrik wie goed fan oan nimmen, hie it bekje op ‘t geode plak, yn ‘t fertsoenlike dan, en foe by de klanten goed yn de smaek, sadat it net lang duorre, dat de baes Gerrit him nei klanten der op út stjoere doarst te stjoeren, dy’t forhindere wienen troch siekte of oare omstannichheden, sels te kommen. Op in goede (of sa’t men sei; kweade) dei, wie oan de Leppedyk earne by ‘t âld Syltsje,

Der wie in âld boer stoarn en kaem der fan ‘e húshâdster berjocht, dat de âld man ôflein wie enof baes Gerrit even komme woe, om de rûge stoppels ôf te skraebjen, ear ‘t de boer te hôf brocht wurde soe. Baes koe op dat stuit min út de saek mist wurde, mar wie koart fan beried en tocht dat Hindrik dat kreweike nei iten wol even opknappe koe. Dat like net best en Hindrik makke yn’t earst wol beswier mar fan ‘e baes kriger ‘r oars net te hearren as; “de jongste bidler moast hjoed de sek mar drage” en dêrmei wie’t út. It skearspul waerd yn in doaske dien, dat waerd op ‘e fyts boun en de baes rôp him efternei, dat der de húshâldster mar om in kûmke hiet wetter freegje moast en sa sette Hindrik mei lead yn ‘e skuon op hûs ta. It iten waerd neat, hy koe gjin jirpel troch it kielgat krije. (Pag. E 650 – 92).  al hoe’t mem him der ek dêrta oanfitere. Dy ornearre, it soe wol fan it waer komme, want it wie al dagenlang brodzich en broeierich west. De earste tongerkoppen kamen al oan ‘e loften dêrom siet hja der op oan, om syn work te dwaan. Hindrik fytste stadich de Leppedyk út en tocht ûnderweis wat him te wachtsjen stie. Hy hie yn syn jonge libben noch nea in lyk sjoen en no soe der foar it earst mei konfrontearre wurde en moast der in deade boer fan syn lêste burd ôfhelpe. Hy switte fan ‘e agitaesje en doe’t der by de pleats wie doarste dr net ôf te stappen en fytste troch. In eintsje fierder kearde dr tebek en tocht: “Nou moat it wêze’.Alles by de pleats wie stil: der wie gjin minsk te bekennen en alles like útstoarn te wêzen. Doe’t der by de reed nei’t hiem wie sonk him de moed wer yn ‘e skuon en wer fytste Hindrik troch, nou de kant dêr der wei komt wie. Hy tocht oan de deade, oan syn baes en wat him opdroegen wie en kearde de fyts wer. By de homeije stapte d’r resolut ôf en bleau der in skoft stean yn ‘e hope dat, dat Janke, de húshâldster him sjen soe, mar it bleau stil om hûs hinne. Doe lúts ‘r de dryste skuon oan en roun it hûs mei de fyts oan ‘e hân om, bleau by de bûthúsdoar stean, betocht him en stapte doe op ’e mulhúsdoar ta, wer’t der “Follek” rôp. In werom wie net mear mooglik. Hy hearde Janke oankommen dy’t him freegjend oanseach.

Hindrik sei, sa goed en sa kwea him dat ôfgyng, dat de baes sels net komme koe en hy de boer nou skeare soe. It hege wurd wie derút en dat joech him moed. “Kom der mar yn jonge. Dêr is de keamer der’t de boer leit, Ik sil dy wat waerm, wetter bringe en dan kinst dy fierder wol rêdde nou?”. Hja fottele nei de koken; Hindrik knope syn doaske mei skearark fan ‘e fyts en sette ta op ‘e keamer, dy’t him oanwiisd wie. Janke kaem al gau mei in kûmke waerm wetter en sette dat op ‘e tafel del.”Sje sa!’’ sei hja”dit is it lêste dat wy foar him dwaen kinne. Hy wie in bêste man, ek foar my. Moarn wurdt der begroeven en dan is ‘t ôfrûn, foar altyd”. It sloof waerd wat oandien en dat makke it foar Hindrik der net better op. Hy socht syn ark byelkoar: de hannen trillen him wol, mar dat woe der net wêze. It rûkte yn dy stjerkeamer neat net fris en der hearske in skimerich tsjuster. Soe der it sa sjen kinne“?” frege hja, “Ik ha de ramen fan ûnderen opskowd en de blinen yn ‘e midden op in kier set, dan kin it wat trochluchtsje, oars is ‘t hjir net út te hâlden. Soe der it sa sjen kinne. Soe ‘t sa gean? Hindrik sei, dat it wol gean soe en doe liet Janke him gelokkich allinnech. Hy seach ris om him hinne. Der ware in ûnwêzenlike stilte troch de keamer en it hiele hûs. Hy koe de rest en de dea om him hinne fiele en beseach de âld boer ris, dy’t der fredich rjocht út yn ‘e kiste foar him lei. It wie krektas woe der size: “To, jonkje anwersear no mar, want moarn bin ik der net mear!”. Hindrik die wat sjippe oan ‘e kwast, make in smeuich sopke en beguon mei swit op ‘e foarholle en triljende hannen de âld boerekop yn te sjipjen. Hy die der net te lang oer, mar krige it skearmes, om de earste stoppels der ôf te heljen, doe’t yn ienen de mûle fan ‘t lyk op ‘n kier kaem en der in lange sucht ûntwykte, sadat it skom witwersanne stowede . Hindrik skrille tobek, seach eangstich en oerémis nei it fuort dwarreljende skom, smite it skear mes oan kant en skeat as in snoek ûnder it raemen tusken de blinen troch. Hy krige de fyts en riid as in wyld werom nei de baes dy’t him danich útfoetere en dernei sels it kerwei mar opknapte. De waermte hie by ‘t lyk gassen frijmakke, dy’t in útwei socht hienen, mar Hindrik hie de yndruk krigen dat de boer de sliep úthie en in hekel oan skom om ‘e mûle hie. Dat sadwaende.

Hindrik syn folk, Meindert en Joukje wennen yn ien fan de húskes oan it Rogmounepaed in stege oan ‘e Leppedyk dy’t ôfroun nei de Boarn ta.

Foar hûs in smel bleekje mei in stekjeen derfoar in stiennen goate, dy’t it spielwetter nei de Boarn ôffierde. Dêr wie ek in bjinstap en it mienskiplike “húske”lykas der safolle oan de Boarn stienen en wheroan de Akkrumers harren byname fan “Skytstuollen” te tankjen hienen. Boppedat wie der boppe de goate noch in saneamde”nau-ta“ (pis-hoekje) tsjinoan spikere. Twa opsteande planken heaks tsjin elkoar oan stienen en as’t ware in iepen trijehoekje foarmen ta gerief fan ‘e manlju, dy’t lêst fan heech wetter hienen, of sa as de folksmûle seit: de geit fersette moisten. Oer dizze “nau-ta” giet it relaes fan Hindrik.

Meindert wie koekrider by Twijnstra, yn ús eagen fan nou winliken in hounebaen. It féfoer, koeken en moal waerd nachts op ‘e koekeweinen laden en mei dekkleden ôfdutsen en stienen dan de oare moarns klear as de riders dan ien foar ien opdaegjen kamen om ‘t spul yn ‘e provinsje of dêrbûten by de féhanneler en boeren ôf te leverjen. De riders foar de fierste routes wienen faeks moarns om in ûre as fjouwer al ûnderweis en kamen dan jouns wit-hoe-let wer thús. Binammen winterdeis wie it kjeld lijen, wanted lju sieten ûnbeskerme foar op ‘e bok en hienen harren dan ek tsjok yn grauwe duffelse jassen of jekkers ynpakt, dy’t mei rein of sniejacht fansels trochwiet waerden en as lead om ‘e lea hongen. By’t tsjuster hie men oan elke side fan ‘e wein foaroan in petroalje – of kears- lantearne, dat wie de hioele ferljochtingen mei mist of rein hie men der ek al net folle oan op ‘e iensume tocht yn ‘t donker.  It hynder by swiere frachten brûkte men twa –  roun nea hurder as “stapvoets” sadat de reis op syn alve-en-tritichst folbrocht wurde moast. Hjir en dêr hie men fêste pleisterplakken- nou soenen we sizze “sjauffeurs-café’s”mar doe wienen it meast doarpsherbergen, wer ‘t de ‘hoppe’ hwat fan de meinommen hjouwer ta part waerd en de foerman syn tromke mei iten oansprekke koe by in mok waerme kofje foar trije of fjouwer sinten en him wat by de kachel opwaermje koe. Ien fan dy pleisterplakken wie op’e werom reis wie it herberchje fan Moeke Toering fan Beets hwer de koekriders as bern oan hûs wienen. It barde ris in kear, dat Meindert en Tije, elk ris mei in wein mei foer, it easten fan ‘e provinsje, sels oan mearum en Grinslân ta, betsjinje moasten.

It hie de hiel tiid reinich en ûnlijich waer west, mar op ‘e werom reis wie’t slim beguon te spielen en hja wienen bliid dat hja Beets te pakken hienen en even by Moeke Toering op ferhael komme koenen. Dêr foelen hja mei de noas yn ‘e bûter. It hiele hûs wie ferljochte der waerd songen en dounse en de beide koekriders waerden hertlik ynhelle. It bliek, dat der brulloft fierd waerd omdat Moeke Toering safolle jier troud wie en fansels wienen alle fêste klanten tige wolkom. Dit wie in meifaller, dy’t de dei goed make, hwant it hald dizze kear net op mei in bakje kofje, mar der kaem frijwat mear en sterker guod op tafel. De beide trochwiete mannen waerden biklage en tige forwend en sadwaende duorre it opûnthâld langer as yn ‘e bedoeling lein hie. Lykwols, der is in tiid fan kommen en fan gean en op’t lest rekken hja beide mei de stipe fan oare gasten wer op ‘e bok en setten sjongende-de reis nei Akkrum yn. De hinders wisten it paed nei hûs wol, de swipe en de leien hoegden gjin tsjinst te dwaen en auto’s riden der doe (noch) net. Boppedat, mei dit hounewaer wei der dochs gjin minske op ‘e dyk. It sjongen waerd stadichwei minder en it duorre net lang mear, of it waerd op ‘e foarste as op de êfterste wein stil. De golle traktaasjes fan Moeke Toering dienen harren útwurking. Hja kamen lykwols feilich en sûnder ûngemakken by’t fabryk oan, sei it dan ek in pear ûre letter as berekkene wie en sette dernei op hûs ta. Joukje hie al in hiele tiid in prakje foar har man op ‘e kachel waerm hâlden en hie Hindrik de Buorren al ris ynstjûrd om heit yn ‘e mjitte te rinnen, hwant hja waerd ûngerêst. Mar Hindrik kaam werom mei it buodskip dat Teije ek noch net thus wie en dat joch op dat stuit wol wat gerêstens. Meindert wie fan Mearum ôfwol ris faker let thúskomd, mar it wie dizze kear dochs wol wat hiel let. Der foel in pak fan’t hert, doe’t hja him yn ‘e doar hearde en hja naam daliks syn iten fan ‘e kachel en sette it op syn plak by de tafel del. Hindrik seach yn ien eachopslach, dat it sin op min waer stie en knypeage mem ta, dy de lytse wink begriep en neat sei oer de lette thûskomst. Meindert reage it pantsje mei syn prakje oan kant en  bearde: “Hâld dat mar, ik ha genoch hân. Nou dat wie Joukje wol dúdlik, mar hja wie in frou mei gefoel foar “takt” en sei: “ No juh, lûk earst dy wiete brut út, en gean even te sitten bekommen, sok waer ek!”. “Bekomme, bekomme? Der is neat te bekommen! Ik moat earst myn wetter kwyt” en Meindert gyng der wer út nei bûten en socht by de Boarn syn pishoekje op. Joukje tocht oan de Boarn en oan Meindert syn ûnwise gong en sei tsjin Hindrik: “Sjochris even of jim heit by’t pishokje stiet!”

Dy kaem werom mei it berjocht dat hy heit yn ‘t tsjuster stean sjoen hie. It hie misskien sa’n fiif minuten duorre en noch wie Meindert net werom, dat Joukje sei tsjin Hindrik dat der heit freegje moast, of dy hast klear wie. Yn ‘t skynsel fan de petroalje lameop ‘e wal fan de Keakelstege seach ‘r syn heit noch altyd  by de “nau-ta” stean en frege: “ Mem freget as heit noch net klear is”. “Hwat ha jim in gedonder mei my. Siz mar dat ik noch dwaende bin.” Joukje suchte en wist net wat hja der fan tinke moast. Hwat soe dy man dochs dronken ha  dat hy sa’n wetter loaze moast? Unbegryplik! Sa ferroun der wer in tiidsje en doe waerd Hindrik der wer op útstjûrd. Hy roun no oan syn heit ta en frege bidêst: “ Is heit noch net klear?” Meindert wie der blykber sels ek foarwûndere oer, dat it wetterjen mar trochgyng en sei: “Ik begryp der neat fan. It hâld mar net op en rint oan ien wei mar mar troch. Soe ‘k dan noait leech reitsje?” Doe gyng Hindrik in ljocht op. It reinwetter, dat út ‘e goate yn ‘e Boarn roun, hie Meindert de yndruk joun, da hy noch altiten oan ‘t pisjen wie.

Jan Sipkes en Meinte.

Jan Sipkes Steegstra wurke winterdeis oan it fabryk fan Twijnstra en wie simmerdeis, as der net folle work wie, lyk as de measte arbeiders der, by de boer yn ‘e haaiinge of te  greppeljen en hekkeljen. It wie wat in prûstich en wiis mantsje, dy’t graach in oar yn ‘e bek hongen altiten miende, it better te witten as in oar. Mar yn’t wurk wie ‘t in fûle wrotter, dy’t leafst in oar in reed foarbleau. Oan in frjemd makke ‘r him bekend as Jan Sipkes, Thyskes, Pieters, Aukes, Trinus Steegstra wermei der dan tagelyk syn fiif bêrn foasrsteld hie en as sadanich wie der yn ‘t doarp meast bekend. Meinte de Groot wie fan Terherne nei Akkrum ferfearn omdat hjir mear oanslach te finen wie. Lykas Jan Sipkes wurke ek hy oant fabryk en simmerdeis by de boer.

Meinte wie wat mear in evenredich man, joech net folle drokte út, wie lykas Jan wat koart fan postuer mar stie yn ‘t work syn mantsjeen woe net graech foar in oar ûnder dwaan. Op in kear hie der him fersliept: hy seach op ‘e wekker, fleach fan bêd ôf en iet sûnder te omklaeien gau in hap brea en spielde dat mei in swolch théwetter troch it kielsgat. Syn trompke mei itenen syn wurkbaitsje hie Sijke, syn frou de jouns al klear lein: hy skeat yn ‘e klompen en sette op ’n draef mei’t trompke ûnder de earm de steech út, nei’t fabryk ta, wer ‘t der op slach fan fifen oankaem. Hurd ferstrûpte ‘r him yn ’t klaeilokaal en sette noch heal yn ‘e dodze nei de oare arbeiders fan de ploech ta, dy’t lykwols mâl opseagen. Yn ste fan de wurkbaitsje hie Sijke jouns tofoare har nachtjak klear lein en Meinte hie dat mei syn soezige holle en yn haest oanlutsen. Der is dy deis hiel wat ôf lake en Meinte hat frijwat hearre moatten oer syn platte boarsten ûnder’t jak. (P. 657. 99.)

Op’n kear hiene Jan en Meinte fan ‘e boer in stik bûtlân oer ’t Deel oannommen. Hja hienen harren de moarns mei de skou oersette litten en hienen iten en drinken foar in pear dagen meinommen want hja woenen de snachts mar oerbliuwe yn ‘e mieretinte, om gjin tiid te ferliezen. It wie sok moai en útsûnderlik moai hea waer en de boer hie der harren op oansitten om avansaesje te meitsjen. Hy woe, as;t koe it hea graach droech yn ‘e skuorre ha. Dat sa dwaande!  It meannen foel net ta. De raeijen stienen frij heech en ‘t ûndergêrs lein troch de dauwe plat foar de seine, sa dat it op ‘e bealch oankaam mar mei dat de sinne kleau, gyngen de swéën makliker troch ‘t skerp. Hja wurken neist elkoar, lyk op; de iene wol net foar de oare ûnderdwaan. Praet waerd der net ’n folle dien, each foar de wûndermoaije wrâld fan fûgels en blommen om harren hinne hiene hja net. Ek nei de kofje en de brogge gyng it wurk wer op ‘e selde foet troch yn ‘rt selde rythme, rjochts- links, rjochts-links:

sa no en dan waerd de strikel oer ‘t mes helle, ek tagelyk want oars soe de iene foarkomme by de oar. Tsjin iterstiid sei jan: “Ik sil ús prakjes even opwaermje, dan kinsto seine harje. Astou dan aens de brij riere wolst, sil ik dy fan my op ‘t harspit lizze”. Meinte foun dat bêst, hy hie skjin syn nocht en switte as in oandrager. Efkes letter siet d’r plat op ‘t gat mei de harhammer te bikjen en doe’t it oan de brij ta wie, krige Jan syn beurt op ‘t harspit. Nei’t iten joegen hja yn ‘e skadige tinte even de waerme lea luis. De sinne stie heech oan ‘e loft, der stie gjin sigentsje wyn, de fûgels swijden en rounom wie ‘t stil. It waerme miel en it krûdige gêrs makke harren wurch as hja wienen slieperich en slûch en ûngemurken rekken de twa ûnder seil. P 658- 100. Hoe lang hja sliept hienen wisten hja net mar Jan waerd ynienen wekker, seach troch it gat fan de tinte en sjitte syn maet oan: “Wy ha ús fersliept, Meinte; wekker wurde! De sinne sakket al” Meinte skrok wekker, fearre oerein en seach om him hinne. Ut byld fan Sijke út syn dream forfage en makke plak foar de werkelikheid, mar alles kaem him sa ûnwezenlik foar. “Marre, marre . . . dat is de moanne!” rôp der. “Wat seiste?” raesde Jan, dy’t út de tinte kroep, “Do hast de sliep noch net út!, Oant work, siz ik dy, oars komme  wy net “klear” en hy gryp nei de seine, om syn work te ferfolchje. Meinte koe der net by: ”Marre, marre, it is folle moanne! I t is nacht, wy ha de hiele middei ferdien mei sliepen!”. “Skytmerakels rôp Jan, man stean op. It is de sinne, wy moatte tsjin de joun noch in slach dwaen!”. Meinte iggewearre tsjin: hy wie der feêst fan oertsjûge dat it “marre de moanne” wie, mar hy koe Jan langer as hjoed en wist dat der nea ûngelyk bekenne soe. Nou, toe dan mar moanne of sinne, der moast meant wurde. En sa wurken de twa midden yn’e nacht troch, beskynd troch in laitsjende moanne en oanfitere troch in hastige en pûrgekke Jan Sipkes, oan’t yn ‘e iere moarn de sinne opkaem en Jan ûngelyk bikenne moast.  (E 458- 101).

Bello,

Yn de Lege Gëean neamde men him Jan Elektrys, mar dat sil in ferbastering weze fan Jan syn twadde name: Alexis. Hy moat ynskreaun west as: Jan Alexis van Houten.

Mear bysûnderheden oer syn ôfkomst, berteplak, en oare antisedinten binne ús net bekend en werom hy syn byname te tankjen hat, witte wy likemin. Der gyng wol it praetsje, dat syn mem fan goede komôf wie, mar op de iene of oare wize oan ‘e sels-kant fan’t libben bidarre wie, en oant swalkjen rekke mei har soan. De iene spruts fan in doomnysdochter, in oar hie it oer ûnecht bêrn fan in adelik hearskip, mar it rjochte sil altiten wol in mistearje bliuwe. Wy ha it âld-minske noch kind, as hja mei Jan, dy doe al folwoeksen wie, mei de “huifkar” fan doarp nei doarp reizgen. Wa’t har seach, krige ûnwillekeurich oanstriid, om in eintsje om te rinnen, want in “schoonheid” wie hja allerminst. It hier stie alle kanten út as fan in reagebol, de tearen fan har antlit wienen swart en joegen de yndruk , dat sy yn gjin jierren mei wetter, lit stean mei sjippe, yn oanreitsjen west hienen en de fodden, dy’t ha rom de lea hongen wien alike goar en fiis. Of hja ea troud west hat, is net bikend, mar Jan waerd ek al meast ferslite foar in oannaem bêrn Dat mei har it Noamaden-bistean dielde. Miskien hat de namme “Bello” , dy’t men har joech, wat in ironyske bitsjutting, al soe it dan nei us betinken leaver “Bella” wêze moatten hawwe. It feit wie lykwols dat de jeugd har “Bello” neamde, dan skeaten de kraeleachjes fjûr en wie it saek, sa gau as men koe, út te naeijen, want it bleau net by skellen en drigen allinnich. Dan wie hjai ‘n “fury” wer’t elkenien bang foar wie. Wer’t hja bilanne is witte wy net, marop ‘n goede dei kaem Jan ynpleats fan mei  (P. E. 459-102.) syn mem, mei in eigen wyfke oanriden yn ‘t doarp, wer’t der meastal de huifkar parkearde oan ‘e oare kant fan de Meinesleatbrêge.

Hjir stean wy wer foar in ehtysk riedsel; wie der troud of wie der sprake fan “húzje“? Nimmen wist it, mar it wie wol sa, dat syn “libbenspartner in” der hiel wat oannimliker útseach as syn mem, fan wa’t hy de namme “Bello” by de lju oerkrigen hie. As Jan arrivierd wie wist binne de koartst mooglike tiid it doarp derfan en teach mennichien de Ljouwerterdyk út om op distânsje syn byvak te bewûnderjen. Jan wie trouwens alhiel net skrúten, om mei elkenien, dy’t by him kaam, in praetsje te meitsjen. Hy wie de guodlikste kant it neist, makke nea rûzje en liet maklik alle spot en krim kâld by him delglide. Dat wie de ferstannichste wize, om kontakt mei de minsken te hâlden en al gau bilune de nijsgjirregens en waerd Bello aksepteard as in âlde-kunde, dy’t ien of twa kear yn Akkrum op syn reis troch fryslân mei in besyk ferearde. Kwea of dieverij ha wy noch nea fan heard en hoewol neat dúdlik wurden is wêrfan de húshâlding libbe en oan de kost kaam witte wy net fan dingen, dy’t yn striid mei wet of moraal wienen. Bello wie in earsten”flierefluiter” dy libbe fan wat de wrâld him joech. Wurkjen hie der blykber it mier oan: dat die der allinnech as hja mei de “huifkar” it lân trochkrústen: hy yn’t stok ramt lûke en hja der êfter triuwen. Bello wie in stevige kante keardel, ruch yn’t burd, in âlde pet op, wer ‘t it steile hier soms trochhinne pike, wat smoarch en goar om ‘e troanje en klaeid yn in âld jaske en útsakke broek, mei hjir en dêr in lape.  (P. E.   460- 103)   Hja (Japke) , úterlik en ynerlik. wie navenant en fan it oarspronkelike jeugdlik oansjen wie net folle mear oerbleaun. Yn ‘e rin fan de jierren beguon hja hoe mear hoe langer op har skoanmem te lykjen, úterlik en inerlik.  Hja rounen meastal op bleate fuotten, al koe men hast net sjen, dat hja gjin sokken of hoazen oan hien en. It mearderjend tal bêrn joech fansels problemen. De “huifkar”waerd te lyts en waerd trouwens ek te brekfallich. Dat begreatte de Legeaensters, wer’t Bello meast syn domisylje hie. Sa koe de húshâlding de winter net yn. Der waerd in kollekte hâldenen mei stipe fan de gemeente krige de famylje Bello in spulwein mei mear romte en gerieven en doe’t hja it jier derop troch Akkrum rieden, hienen hja sa wier in kedde foar de wein. Jan fielde himde kening te ryk en boude mei nije moed oan de foarmeardering fan syn gesin. It sil wol altiten in riedsel bliuwe, hoe’t de famylje oan iten en drinken kaem of oan jild, om wat oan te skaffen. It is bekend dat de lju yn de Legeaen him tige tagedien wienen en dêr sil harren ek wol it measte taskikt wêze en fierder sil op de reizen troch Fryslân by boer en boarger wol wat opdien wêze. Wol is bekend dat hja it fan iten en drinken it der goed fan namen en har net lije lieten. As der hjir en dêr wat te rê dden wie, merke of folksfeesten of sad an bleau Bello wat langer hingjen. Op in kear die der mei it Akkrumer korps, dat mei in stikmannich muzykanten de feesten yn Langwar oplústere, in harmeltslje. Foar de symbolyske priis fan in goune kocht der in pear hoarnen oer, dy’t met mear goed wienenen út de sirkulaasje nomd wienen. Hy foarme mei syn soantsjes in orkest, en dy trije besochten op harren manear der wat lûd út te krijen, wylst Bello de sinten ophelle. It sil de earste ”popmuzyk”wol west hawwe,   (P 662 – 104)   dy’t de Langwarders heard ha. Bello wie trouwens tige wiis mei it Akkrumer korps.

Doe’t der in kear forlet wie fan in tromsjouwer, bea Bello him oan. Hy krige de trom op ‘e rech, mar de tromslagger bleau op distânsje want Jan hie nuchal wat lyts fé by him en by elke tromslach rûgelen se by seksjes oer de strjitte. Yn Tersoal wienen in kear folksspelen op’t lân. It waer wie min en no en dan kaem in boi it lân oer en socht it folk biskûl yn ‘e festtinte. In ploegje leden fan it Akkrumer korps soarge foar wat fleur en wie ûnderbrocht yn in apart tintsje. Bello wie ek fan de party en wie net by de Akkrumers wei te slaan, mar as dy by harren yn ‘e tinte kaam, skikten hja leafs twa  fan him ôf nei de oare kant, sunder dat hysels der euvel noed yn hie. Lykwols doe ‘t nei ôfrin in optocht troch it doarp hâlden wurde moasten de loft wer drige, waer de bn de reinjassen foar ‘t ljocht helle en oanlutsen. It wie net altiten “moai waer en lange dagen” foar de muzikanten, as hja ôfhierd waerden. Ien fan harren hie syn jas yn ‘e doarpsherberge lizze litten, mar Jan wie daelks ré om de jas op te heljen en sa koe de optocht trochgean. Doe’t hy de jouns let thús kaam en by de frou op bêd kroep, koe der de sliep nimmen tepakken krije. De frou sei op’t lest nijsgjirrich: “wat hast dochs? Do leist mar te skeuken en te skreabjen “Hy sei: “It jûket my sawat oeral. Ik moat it himd mar ris oer de kop ha!” Hy stapte fan bêd en ja man! Der kamen de lytse oerrinners fan Bello foar it ljocht.  (P. E. 663-105.)  Hoe’t it fierder mei Bello en syn wyfke ôfroun is, witte wy net. Syn neiteam moat noch, nimme wy oan, yn libben wêze en hooplike ha dy wat mear gelengenheid krige , om yn de wrâld fan no in bestean te finen. Dochs bliuwd Jan Alexis, alias Bello yn ús oantinken as in man, dy’t op syn wize dan, lykmoedich en soargeleas it libben trochlibbe as in echte “Flierefluiter”.

(Dit is het einde van de Dorpstypen, welke door Marten Bakker zijn beschreven. De verhalen waren van zijn ‘Heit’ Dirk Bakker) Zie ook de inleiding.