Barten en Draai . . .

Foto boven: ‘Barten en Draai’ . . . Ligplaats bij de ”draai” bij Slange. 1965. Rechts Siebe de Vos. (Lange Miente) en Jaap de Groot. (Foto’s © Jaap de Groot)
“Barten en Draai” . . . door Jaap de Groot
“Barten” en “draai” oer de Trigreppel oant omtrint 1974. Sa omtrint 1974 kaam der in nije brêge oer de Trigreppel foar it ferkear nei en fanôf de jachthaven en foar de takomstige rânewei. Der foar wie der ek al de mooglikhyd om fan ôf de Ljouwerterdyk oer de Trigreppel te kommen mar it paad hold der op by de wenning wer’t de fam. Slange û.o. wenne hat. Der leine doe trije barten neist elkoar en oan de úteinen dêrfan sieten oan elke kant twa triangelfoarmige hângrepen om de barten op’e wâl lûke te kinnen of oer in rûne peal wer te plak te skowen. Hoewol it net geskikt wie om der mei auto’s oer te riden koe der wol in hynder mei wein oer en folle mear kaam der ek net lâns want je kamen doe fuort yn it lân. It wie by tiden wol nedich om der mei in boat troch farre te kinnen. Eartiids meast mei in pream mei hea of sawathinne en letter ek mei net al te grutte moterboaten dy’t harren lisplak faak efter de wenningen oan de Ljouwerterdyk hiene. Mear de kant fan de Trigreppel út wiene it meast skouen dy’t der harren lisplak hiene en noch hawwe foar safier’t der noch skouen binne. Leine de barten bytiden wat langer op’e wâl dan koene je rinnendewei oer de “draai” nei de oare kânt komme. Wie der yn in feart fierders gjin farferkear en hoegden der allinnich mar minsken nei de oare kant dan wie in planke oer de feart goed genoch en dy koe der dan gewoan lizzen bliuwe. Mar soe der ek wolris in boat of pream lâns komme dan soe de planke der wei moatte en wie in “draai” folle better. Dy koene je maklik iepen en ticht draaie. By in draai sit, net safier fan ien útein, in skarnierpuntmei mei der efter in tsjingewicht om de draai yn lykwicht te hâlden. In draai sjogge je no net (folle) mear. Jaap.

Heeft U nog vragen, op- of aanmerkingen over dit onderwerp, of een ander onderwerp of heeft u nog iets dat u met ons wilt delen. Wij horen het graag. Alvast bedankt.
Spreekt ons werk u aan, en wilt u ons ondersteunen? Donateur worden kunt al vanaf €8,50 per jaar. Zo kunnen wij ons ‘werk’ blijven doen en kunnen andere bezoekers er ook weer van genieten. Wij horen het graag. Alvast bedankt.
Stiftingakkrumaldennij@gmail.com
