Bakkerss
Over bakkers hebben we in Akkrum en Nes niet te klagen (gehad). Een ieder kon zijn of haar eigen bakker kiezen. Een ‘religieuse’ bakker, een ‘politieke’ bakker, een ‘buurt’ bakker of een bakker uit de familie. En . . . er kwamen hier ook nog bakkers uit dorpen om ons heen.
”Toen de Klant nog Koning was”



Leerlingen en geslaagden voor de garneercursus in Akkrum en omstreken (25-10-1926). ”Al wha mooy yet wol garneere, mat by Stobbe yn de leare”. Uiterst rechts boven Akkrumer bakkers: Johannes Duisenberg met daarnaast Tjipke Zondervan. De derde van links (boven) is Andries Andringa uit Grou.(Sint Pieter)
Wie weet meer namen? Misschien uit Terherne, Jirnsum, Grou of Aldeboarn ?
Enkele oude advertenties van verkoop bakkerspanden in Akkrum






Claes Jentjes, Hûs Jager, Heechein 26

Claes Jentjes, daarna Auke Hindriks (Fennema) . Hûs Jager, Heechein 26.
Yn 1688 wennet hjir in Jelle Jacobs “smid op de bueren”, yn 1711 is eigner Antie Jelles (in dochter), mar dy hat it ferhierd oan Fedde Jacobs (har omke?), wierskynlik ek smid, want yn 1726 is de eigner/ bewenner Joh’s Johannes ek as smid oanjûn. Hjir hat dus in smidte west, mar yn 1733 is it bakkerij wurden, want de eigner, inwenner Claes Jentjes wurdt dan as “backer” oantsjut. Ek yn 1748 (2 skoarstiens) en 1757 wennet dy hjir. Wy kinne him wol beskôgje as de stamheit fan de Hoekstra’s, wêrút ferskate bakkers fuortkaam binne.
Wierskynlik hat Claes Jentses hûs en bakkerij ferkocht oan Auke Hindriks, ek bakker, dy’t yn 1811 de namme Fennema oannimt. Syn soan Hindrik Aukes Fennema kriget yn 1828 de saak oer, neidat syn heit stoarn wie. It hûs wurdt dan beskreaun as “ huis en erve, turfschuur en pakhuis”. Dit pakhús oan ‘e Boarn wie lykwols doe noch hûs en waard bewenne troch Antsje Sytzes Nijdam, Widdo Jacob Machiels (kastleinske fan ‘e Ald Skou?). Yn 1860 wennet der in Klaaske Durks Jager en yn 1880 Antsje Hindriks Fennema, in dochter fan de bakker út 1828. Yn 1889 stjert hja en wurdt it hûs omboud ta pakhús. De bakkerij hie doe 2 pakhuzen. Hindrik Aukes Fennema docht yn 1852 hûs en saak oer oan syn soan Auke Hindriks Fennema en giet sels oan ‘e Boarnswâl wenjen, wêr’t hy in hûs ôfbrekke lit en in nij wenhûs bout (Hilverda). Hy docht de bakkerij mei syn broer Hessel Hindriks, dy’t nei de dea fan Auke yn 1883 de bakkerij fuortset. Hy hat ek in soan Hindrik Hessels, bakker fan berop, dy’t yn 1907 de bakkerij oernimt, as syn heit yn dat jier stjert, mar wy witte net, of dy hjir nei heit syn dea selsstannich bakker west hat. Wy tinke, dat hy de saak oan ‘e kant dien hat en “Stil” wenjen gien is. Wy hawwe him net kend, want hy kaam frijwol noait it hûs út en sil wol in ienkennich en wrâldskou man west ha, dy’t allinnich mei in hûshâldster yn it hûs wenne. Opm. Bekend binne ferhalen, as soe Hindrik finsters swart ferve hawwe, om gjin ynkyk te hawwen. Ek hie hy efterhûs op de boppekant fan de skutting stikeltrie oanbrocht en tarre hy gauris dêr ek noch oerhinne, om te behinderjen, dat bern by him op it hiem kamen. Sels soe it foarfallen wêze, dat as der guon op syn hege stoepe sieten, hy dy fuortjage troch in amer wetter út ien fan de boppefinsters te smiten. J.C. It hûs, d.w.s. de gevel kipet der wat út by de oare huzen oan it Heechein. Yn in stien stiet it jiertal 1846 en yn in oare stean de initialen H.H.F. krast. It is in soarte fan halsgevel; wy ferûnderstelle, dat it hûs yn 1846 fernijd is en doe yn ‘e selde trant as syn foargonger opboud wurde moast, want dizze styl wie mids 1800 gjin wisânsje mear. (Boarne Merten Bakker)
Rechts: Het huis met rode stip was de bakkerij van Claes Jentjes, daarna Auke Hindriks (Fennema)

L. J. de Boer, Boarnswâl

”Bôlekoer-rinsters”


R.O. Dantuma, Bokkumerwâl Nes


Bouma, Bokkumerwâl Nes


Wijga, Kleef

Overwijk, Kleef





K.K. de Jong, Heechein

Glastra van Loon, Heechein

Raap,


J. de Vries, Wiide stege

S. van der Ploeg,

G. Rijpkema, Boarnswâl





H. Zoethout, Dringelstrjitte






Tjipke Zondervan, Buorren





Duisenberg, Buorren,









Boven: Riekje, Geke en Anneke Duisenberg en dochter Kranenborg ?? voor de winkel aan de Buorren. ca. 1966.

Boven: Jan Duisenberg op de gemotoriseerde bakkersfiets.




Oantekeningen makke by de besite oan âld-bakker Jan Duisenberg (*1932) Novimber 2013. Roel Rorije (*1925) hat bakkersfeint west by Johannes en Geeske Duisenberg. Hy wenne op Deelswâl, letter oan ‘e Sitadel. Yn ‘e oarloch bedarre Roel yn in kamp yn Drinte. Hy flechte en dûkte doe ûnder by Johannes en Geeske Duisenberg. Syn broer Egbert dûkte letter ûnder op ‘e Bird. Hy hat de oarloch net oerlibbe. Der waard sutele yn hiel Akkrum, mar elke bakker hie wol syn eigen klanten. Dy klanten ferdielden harren ynkeapen wol faak oer mearder bakkers. Moandeis kaam Duisenberg b.g. oan ‘e doar en woansdeis Rijpkema. Bûtenút stelje koste in soad tiid en ynspanning. Op Aldskou b.g. waard der net allinnich sutele by de rykswei lâns, mar ek by it kanaal lâns rjochting it Tersoalster slúske. Dit hast oan ‘e blikken pleats ta. Der wie doe noch gjin dykje. Je moasten oer de polderdyk. It suteljen op Deelsbrêge hold ek hiel wat yn. Fan Sythuzen skarrele Jan nei it spoar en rûn dan by it spoar lâns nei Deelsbrêge. Der stiene spoarhúskes ûnderweis en by de brêge wie in lyts buertsje. Der lei ek in arke. Letter sette Duisenberg de bestellingen op it stap fan Wiebe vd Berg by de brede brêge, no Adriaan de Jager. Brugt, de molkfarder naam it dan mei. De sneon wie in drege dei. Moarns 2 oere al oan it bakken. Oant let yn ‘e jûn noch oan it suteljen. By de ferbouwing yn 1969 waard de folgjende oplossing fûn: Wenje yn in diakonywenninkje oan ‘e Mounedyk (tusken de Mounedyk en de Polsleat). Jan, Zus en trije dochterkes: Riekje (1959), Geke en Anneke) It wie in gesellige tiid. De winkel ferhuze tydlik nei it pân fan Sjouke de Vries, (oan de oare kant fan de dyk), Buorren 39) De oven bleau brânen op it âlde stee. Jan Duisenberg hie kontakt mei ien dy’t op it gemeentehûs wurke en wist dêrtroch moai gau dat der in nije ynwenner yn Akkrum/Nes kaam. Dan dêr sa gau mooglik hinne om om ‘e geunst te freegjen. Yn ‘e lêste jierren fan ‘e oarloch wie de branje krap. Der waard dêrom besletten om op twa plakken in oven brânende te hâlden. Dêr koene alle bakker dan bakke. Dit wiene de bakkerijen fan Zondervan (Buorren tusken brede brêge en fermanje) en Zoethout (Dringelstrjitte) Yn 1960 wiene hjir 8 bakkers. ( Gerrit Rijpkema, Jan de Vries, Glastra van Loon (spesjalist yn roggebrea), Zoethout (letter Stoker), Zondervan (letter Ale Zijlstra), Duisenberg, Douwe de Vries (spesjalist yn schuimgebak. Healwei de jierren ’50 wurke Douwe al by Vroom en Dreesman. Syn frou Boukje hold de winkel oan, mei guod dat bakt waard troch Sipke Bouma fan Nes. Yn 1961 ferkocht Sipke de boel en wie it dien mei beide bakkerswinkels), Sipke Bouma. Oant 1952 hie Ferwerda bakkerij op ‘e Kleef. Ek kamen der noch 2 Boarnster bakkers fanwege de kleur. (Bethlehem, read, gebr. Vd Wal, van Woerden klanten) Spesjaliteit: Boarnsterflutkoeke. Op de earste diajûn fertelde Sjoerd Mud dat bakker Bethlehem hjir ek klanten hie, trochdat er Boarnster flut-koeke ferkocht. De bakkers hjir hiene dat net. It resept waard geheim holden. Dit die ek bliken yn ‘e tiid dat Jan Duisenberg yn oplieding wie by bakker Piersma fan Aldeboarn. Hy bakte wol koeke, mar de yngrediïnten stiene klear yn amers. De bôlepriis waard lange tiid bepaald troch it regear. Bôle moast sa goedkeap mooglik wêze yn dizze earmoedige tiid. Yn en om ‘e oarloch makken de bakkers út dizze omkriten ek ôfspraken oer de prizen fan it oare guod. Oars soene se mekoar it fel oer ‘e earen lûke. Dizze bakkersgearkomsten ferrûnen net altyd freedsum. Jan Duisenberg syn heit, Johannes, wie skriuwer fan dizze groep. Jan sil de papiereboel nochris opsykje.


Duisenberg, Ljouwerterdyk,

Boven de broodboutiek aan de Ljouwerterdyk waar Willem Duisenberg het septer swaaide.

Boven vlnr: Jan, Zus, Willem en Geesje Duisenberg in de nieuwe winkel aan de Buorren in 1969

Boven: Kermis 1967 met Anneke met haar moeder Zus Duisenberg


Wouter de Jong, Buorren



Kl. Stoker, Dringelstrjitte





Zijlstra,








Elgersma, bezorg-bakker,


Joh. Woudstra, bezorg-bakker

Marten Boonstra, Buorren

Krant artikelen boven en rechts: Leuwarder Courant september 1996.





Pieter Talsma, New York, bij S&C


Allerlei . . .





Heeft U nog vragen, op- of aanmerkingen over dit onderwerp, of een ander onderwerp of heeft u nog iets dat u met ons wilt delen. Wij horen het graag. Alvast bedankt.
Spreekt ons werk u aan, en wilt u ons ondersteunen? Donateur worden kunt al vanaf €8,50 per jaar. Zo kunnen wij ons ‘werk’ blijven doen en kunnen andere bezoekers er ook weer van genieten. Wij horen het graag. Alvast bedankt.
Stiftingakkrumaldennij@gmail.com
