Anekdotes . . .

Anekdotes . . .

van en over Akkrum(ers) en Nes(sers)

Wa kin dizze (njonkensteande) man ?
De man op bygeande foto kaam lêsten in persoan tsjin en sei;” Ik kin jo. Ik ha jo juster by de bakker sjoen”. “Dat is wol frjemd” sei de man, “ik bin juster NET by de bakker west”. Dêrom is de fraach; “Wa is dizze man”? It doel hjirfan is moaie lytse koarte ferhaaltsjes byelkoar swylje om te bondeljen yn in boekwurkje mei mear fan dit soart anekdoate’s. Koarte ferhaaltsjes/fiten mei in glimke op ‘e ein. In foarbyld; (Foto rjochs: Appie Kamstra).

Oh ja . . . It moat him wol yn AKKRUM-NES ôfspylje of oer in AKKRUMER-NESKER gean.

By it Café/Herberch fan Meine Pasma (dêr’t earder garaazje Fennema, en no de Poiesz sit) blies de skjinmakker op in fluitsje en dan wist elkenien dy’t op ‘e dûnsflier stie; No moatte we der út. Elkenien gie nei bûten en dan koe de skjinmakker de flier efkes skjinmeitsje mei Dettol. Dernei blies hy wer op it fluitsje en mocht elkenien wer nei binnen. Ja, sa gie dat doe. Kom mar op mei jim smeuige koarte ferhaaltsjes, der ‘t jo op ‘e ein efkes laitsje moatte . .

De Anker-bêrn fermakken harren op it grutte hiem fan de amtswenning oan de krusing Feansterdyk-Grytmanswei. Simmers mei fuotbaljen en winters mei reedriden op ‘e túnfiver foar harren hûs. De famylje Anker krige elke simmer in geit of in bok fan Tjitte/Rigt Jeeninga, om it gêrs koart te hâlden. Yn ‘e hjerst gie de geit wer fuort (en waard er slachte). De oare maitiid/simmer kaam der wer in ‘nije’ Floris. En oft it no in geit of in bok wie, hy waard altyd ‘Floris’ neamd. En it wie krekt oft de geit/bok nea âlder waard, sterker noch, it like oft er hieltiid mar jonger waard

Dy selde geit waard ek wol útlitten. Krekt as in hûn oan it tou. De Ankers (Hans en Wim) wiene al wer wat âlder wurden. Ek stutsen se wolris oan by de kroech en bestelden altyd trije slokjes. Ien foar Hans, ien foar Wim en ien foar Floris. Mar omdat Floris gjin toarst hie, dronken de ‘jonges’ dy sels dan mar op. (Sa is alles begûn.)

Ferhalen en rabberij gean troch Akkrum. It folgjende springt gauris wat hinne en wer, it is in tige persoanlike werjefte fan saken dy’t my en ús yn goed 60 jier Akkrum foarby kaam binne en ferhalen dy’t troch oaren dien binne. Der wienen ek dingen, dy’t ik foarby gien bin omdat dy my wat te folle oer persoanlike saken fan oaren of ús geane, al hearre guon wol by echte doarpsferhalen. By it skriuwen kaam faak by my boppe, hoefolle oft ús libben yn dy jierren feroare is. J.C.

Op de moarn fan freed 29 maaie 1953 smiet Roel Sales, de sânskipper fan Holwert, de sleepkabel fan ús wenarkje los en wy draaiden de Trigreppel yn, dêr’t myn omkes Wytse en Ype al op de kant klear stienen en ús nei it lisplak tsjinoer it hiem fan Klaversma brochten. Us aventoer Akkrum wie begûn, wa hie tocht, dat it mear as 60 jier duorje soe. Yn 1953 wie ús wenarke goed foar in romantyske printbrievekaart.

Akkrum wie foar my in wat ûnwennich plak, dêr’t ik as jonkje mei mem mei de trein hinne gie, om by Pake en Beppe op Nes te sjen. Men prate der wat oars as thús op Snakkerbuorren, men sei: “wjast en wjazen” en in kear krige ik samar in fersierde stôk yn ‘e hân, om efter de muzyk oan te rinnen, mei allegearre frjemde bern. Wol prachtich fûn ik it dat efter op Pake syn skuorre in nêst foar earrebarren siet, dêr’t soms in pear fûgels op stienen te klapperjen. Letter wie it wol in plakje fan hâldoan by fakânsjes en iistochten. Akke wie der in bytsje mear thús, omdat dy der ek omkes en muoikes hie mei wat mear neefkes en nichtsjes fan har jierren, dy’t boppedat mear yn de buorren wennen.

We kamen doch yn Akkrum telâne, omdat ik yn Ternaard gjin promoasjekâns krige en ik by myn sollisitaasje yn Akkrum foaral in pree hie mei de wenarke. Men hoegde ús gjin wente oan te bieden. Wy leinen dus yn de Trigreppel, doe noch meast Trijegreppel neamd. Us wenarke koe elektrysk krije fan in houten peal en ik koe alle dagen in 40 liter molkbus wetter helje by de bûtenkraan fan Klaas en Hinke Mast, de âlden fan Willem, dy’t ferkearing hie mei myn nichtsje Corrie. In brede planke nei de wâl wie tagong nei de dyk lâns it wetter. Dit efkes as ynlieding om sjen te litten hoe frjemd oft Akkrum winliken foar ús wie en hoe’t ik doe nea tocht hie dat der yn Akkrum sa’n bulte ferhalen om gienen. Mar earlik is earlik, de foartekens wienen der fuortdaliks al.

Foar’t wy troch de barte by Slange (no de brêge yn de UT-wei) manoeuvrearren, kamen we lâns in optimmere skou tsjin it sportfjildsje oan. Dêr spatte in finster fan iepen en in rûge skrale kop raasde: “Hooooii”, wylst in frommes mei tizich swart pykhier, mei in glês bier yn ’e hân, it oanfolle mei: “Proast”. Letter by de earste praatsjes mei de buorlju waard ús ferteld dat we wolkom hjitten wienen troch Swarte Roel (Vegelin) en de Prikplank, de doe tsjinstdwaande prostituee fan Akkrum. As sy in klant hie ferdwûn sy dêrmei yn ’e skou en Roel gie salang op it stekje sitten. In moai begjin foar de Akkrumer ferhalen.

Aardiger wie it ferhaal fan âlde Jentsje Kerkhof, dy wenne op de ôfloop fan de terp nei de Trigreppel, no “Om ’e Toer”, yn de slinger fan it wetterke neist de tún fan Welgelegen. Syn húske stie mar in meter fan de feartskant en hong hast in bytsje oer nei it wetter. Buorman Herre Mink sei in kear by heech wetter, Jentsje moat de klompen wer oan it spit sette oars driuwe se fuort.

Jentsje hie jierren yn Dútslân as boere-arbeider wurke en krige no oer al dy tiid in Dútsk steatspensjoen, wêr hy noflik fan libje koe. Syn oerbuorfrou Sjoerdsma oan de súdkant fan de Trigreppel stapte alle dagen krekt foar tolven yn har skouke en lei oan by de wâl fan Jentsje mei in mieltsje waarm iten, jierren lang, “tafeltje dekje” avant la lettre. Soks wie gewoan, “op jins buorlju moat je wat passe, as dy âlder wurde”. Dat gie noch sûnder organisaasje, mar it groeide al dy kant op. In pear jier letter waard Akke liedster fan de “gezinszorg”, in organisaasje mei ien en al gau twa helpen, dy’t húshâldens dêr’t de frou fan út it stel wie troch sykte of sa bystean koenen. Ja we seagen doe wol oars tsjin it maatskiplik libben oan as no. By it sjen fan âlde foto’s besauwe wy ús wol oer ús simpelheid fan doe. Nim no it plaatsje fan ús âldste dochterke, Willemke, hjir in jier en sa’n fiif moanne âld, mei in amer boartsjend efter op de krappe romte fan de wenarke, sûnder hekje of stekje. Wis mem wie tichte by, mar as it flarde it yn ’t sin hie, stapte sy hiel parmantich de loopplanke fan twa posten breed del nei de strjitte en dan wie de grutste noed dat der in fyts oan komme koe. It wie allegearre hiel gewoan, mar neffens my soe no de “jeugdzorg” ús gau ta “ûntaarde” âlden ferklearre hawwe. Tiden hawwe tiden, mar no moat ik wol oppasse, ik wol der net allinne in famyljeferhaal fan meitsje, ik moat mar trochgean mei in earste ferkenning fan Akkrum, sa as dat der yn dy jierren hinne lei.

Dy Trgreppel foldie ús tige, ik wie dan ek ferwûndere, dat ik de opdracht krige om in plan te meitsjen foar it dempen fan dit wetter fan efter Welgelegen oant de Polsleat. Opdracht fan boargemaster Thalen sei myn baas. Ik woe der net oan, mar soks moast ik dat dan sels mar oan de boargemaster fertelle. No, dat die ik, en ik wiisde op it ûntbrekken fan it nut en fan opbringsten om de kosten te dekken en it ferlies fan it moaie doarpsgesicht. Middeis, wylst wy sieten te iten fytse de boargemaster by ús del en letter ûntbea er my op syn buro. De opdracht waard ynlutsen, ik krige gelyk. Dat bepaalde wol mei myn posysje.

Letter by in treinreis nei in Ministearje fan Wettersteat, fertelde de boargemaster my, dat hy dêrnei syn oandacht wat op my fêstige hie, omdat er doe al socht nei in nije direkteur fan gemeentewurken. Myn miening oer de Trigreppel en it feit, dat ik hiel handich in showtekening makke fan it nije begraafplak yn Boarn, dy’t hy brûke koe om de riedsleden te oertsjûgjen, hienen him sterke yn de miening dat ik genôch fantasij hie foar dy funksje. Ik wie krekt sûnder sollisitaasje troch de ried beneamd en sa foar in skoftsje sawat de jongste direkteur fan gemeentewurken yn it lân. Ik fertelde him myn fernuvering dat ik by in pear gemeenten fan de selde grutte sollisitearre hie nei sa’n funksje, mar fan Diever sels net iens in oprop krigen hie. “Nee logysk”, sei er doe: “ik hie dy boargemaster al belle dat wy dy beneame soenen. As hy witten hie fan dyn toanielspyljen, woe hy dy fêst ha foar syn Shakespeare iepenloftspullen!”    

No earst mar gewoan fierder mei de Akkrum-ferkenning.

Efkes fierder as Jentsje wie efter in heech swart skut it boartersplak fan de bewarskoalle en hjir tsjinoer op de hoeke fan it Boerepaed stie de grize houten bargeskuorre fan slachter Willem Pieters Koopmans. Beide hawwe wol ferhalen oplevere, mar fan de bewarskoalle ha ik net folle oars heard as dat de bern elke wike in stoer mei nimme moasten en dat der ek wol guon wienen dy’t dat ûnderweis al opmakken oan snobbersguod. Ien dêrfan syn âlden hienen sels in winkel dêr’t sok guod wol te keap wie. Hûndert jier earder hie dit noch de iennichste doarpsskoalle west, en letter de Frânske Skoalle, foar fuortset learen, sadat de ferneamde Folkert Kuipers (Coopersburg) aardich syn talen koe.

Op Willem Pieters komme we wol werom. Dy houten skuorre stie op de hoeke fan it hiem fan in pleats, dy’t nei de oarloch jierren brûkt waard as berchplak en wurkplak fan gemeentewurken, fierders waard it foarein bewenne troch trije húshâldingen, Boetje, Rorije en De Vries De lêste wie de fuorman fan de gemeente, mei syn wyt hynder foar in platte wein, sutele hy alderhande gemeentespullen fan hjir nei dêr. Dizze pleats wie boud foar it gebrûk fan in lange strook tsjerkelân, oan it Deel ta, dat earder troch de pastoar en dominy fanút de pastorij bewurke waard. Yn de pastorijtún binne by graafwurk noch wol âlde fûnamintresten fan Fryske moppen fûn, nei alle gedachten fan in stâl of soks.

Noch wat fierder as it brechje nei de Boerestege fyn je ek no noch in stikje âld Akkrum, mei in restant fan in buorkerijterp en sels mei in âld foarhûs fan ien fan de eardere Andringa pleatsen. Dy Andringa’s hearden ta de doarpsadel. Om 1900 hinne wie de pleats al lang sûnder lân en is de skuorre ôfbrutsen. It foarhûs is bewarre bleaun as wente en ek op de foarste muorre fan de skuorre, ûntstienen trije wentsjes. Neist de pleats rûn in reed en dat waard in strjitsje mei oan wjerskanten wat bebouwing. In stikje efter de pleats is ôfgroeven en as terpmodder ferkocht, of faaks al earder útriden oer de meagere landerijen yn de polder op nei it Deel ta. It buertsje krige fan Willem Jehannes Koopmans de namme Finkebuorren omdat in keppel finken en mosken ôfgryslik tsjin inoar yn kwetteren.

Yn ien fan de lytse wentsjes yn de âlde foarein, spile ien fan de ferhalen, dêr moat om 1885 hinne in arbeider Coert wenne hawwe mei in húshâldster, dy’t ek yn it doarp te wurkjen gie. It wie in rite fan kâlde winters en de beide sochten wat waarmte byinoar, mar dat hie wol wat gefolgen en yn de hjerst kaam de frou yn it kreambêd te lâne. Dat wie in situaasje foar Coert dêr’t er hielendal net op ynsteld wie, mar hy warskôge de dokter en by it bedstee ljochte hy him sels by. Doe’t de poppe der wie soe Coert him gau mei syn ljochtsje weromlûke, mar dokter rôp him werom: “Hier blijven, er komt nog één”. Coert skrok en sei: “No, dy kinne Jo wol hâlde foar de drokte”. Sa’n útspraak tsjin in dokter, bleau fansels wol yn de folksmûle hingjen.

Oan de oare kant fan Finkebuorren wenne âlde Lou Schouwstra mei syn dochter Swaantsje, dy’t juffer oan de bewarskoalle west hie. Doe’t ik in kear in oare auto kocht, in “Lilk eintsje” sei buorman Hindrik Geertsma tsjin my, dat âlde Lou in lúkser model hie: . . . in Swaantsje.

Ek in bekend doarpsfiguer fan Finkebuorren, wie Dine, dochter fan in oare Schouwstra. Jierrenlang brocht sy in ploechje bern feilich troch de buorren nei de bewarskoalle yn in lang tou om har team byinoar te hâlden. Dine hie in handicap oan ien earm en koe dêrmei in bulte wurk net dwaan, mar hie op dizze wize doch in ferantwurdlike posysje yn it doarpslibben.

Yn hiel âlde tiden rûn it Akkrumer Rak hjir oan de eastkant fan de terp, dêr’t Finkebuorren ûnderdiel fan is, út yn de Trigreppel en oan de oare kant fan dat Rak lei wer in soarte terp mei in pleats derop. Dizze pleats is dêr om 1850 hinne boud as ferfanger fan in pleats dy’t rjocht foar it Heechein stie op it “pleintsje” dat no tsjinoer de Fermanje leit, neist Dringelstrjitte 1. It foarein fan dy pleats yn de Buorren, waard in hiel skoft brûkt as smidderij en op it plak fan de skuorre kamen de wenten dy’t no noch oan de westkant fan it Leechein stean. Dat hiele Leechein bestie trouwens net, dêr wie in opfeart nei de pleats, mei in reed nei it lân oer de Trigreppel. Dy opfeart is al gau damme en sa koe der oan wenne wurde en dêr waard yn 1852 in nije skoalle boud, dy’t yn 1885 al te lyts wie en ferfongen waard troch de skoalle dy’t hjir oan 2005 noch stien hat. De lêste 50 jier allinne mar as berchplak en wurkpleats fan de gemeente. By de oanlis fan it djiprioel yn de 70’er jierren kamen de âlde wâlbeskoeiïngen fan de opfeart noch foar it ljocht.

De pleats fan 1850 op it nije terpke, mei in eigen brêge oer de Trigreppel, hat yn 1945 soarge foar in hiel driigjend ferhaal. Yn july ûntstie hjir brân, dy’t oersloech oer de Polsleat en oer it stikje Trijegreppel, dat efter de Buorren noch oan de Feansterdyk troch rûn. Oer brân yn it algemien letter mear.

We binne mei de brân al efkes oer de Trigreppel hinne wipt en oan it hert fan it doarp ta kommen. Logysk, dat oan dat part ek de measte ferhalen ferbûn binne, hoe mear minsken en hoe tichter opinoar, hoe mear rabberijen en ferhalen en dy sille ek in haaddiel fan it fierdere wurde. No fine wy dat moaie, sterke ferhalen, mar as men it romantyske gerdyn efkes oan kant skood, is der ek in bulte earmoed en fertriet dat der út sprekt.

Dat houten brechje nei dy pleats wie by ús kommen al ferfongen troch in daam mei dûker, dy’t liede nei in strjitteplan foar de útwreiding fan Akkrum. In part wie troch it gemeentlik wenningbedriuw al beboud en hie de namme Sinnebuorren krigen. Ien fan de earste Fryske strjitnammen yn Fryslân en dêr wie noch al wat opskuor oer, sa sels dat de rie besleat ta in dûbelde namme: Sinnebuorren / Zonnebuurt. De nij boude huzen hienen fan foar nei efteren trochrinnende keamers en dat wie wat nijs: “doorzonwoningen” en ek wie dat in griis. Soks waarm stoke koste wat!! Guon bewenners timmeren in skut oerdwers, dan hienen je wer smûke hokjes, as earder yn de steechjes.

In slachje fierderop de polder yn wie noch in stik strjitte oanlein, dat yn de takomst oanslute moatte soe op de Ulbe Twynstrawei dy’t al oanlein waard fan de Feansterdyk nei de fabryk fan dy namme. De strjitte westlik fan de Polsleat waard alfêst ek sa neamd, want it moast ien gehiel wurde, dat trochrinne soe oan de Ljouwerterdyk ta, om de smelle Buorren te ûntlêsten.

Ien fan myn earste opdrachten wie om it ûntwerp te meitsjen fan it ferbinende stik, tusken beide mei in fêste brêge oer de Polsleat. Ik moast yn myn earste dagen al de boel opmjitte om it plan op papier te krijen en melde my by de eigner, boer Fokke Aukes de Jong, dy’t ik trof op ’e dongbult, dy’t moai midden yn it trasee lei. Hy sei: “Bêst Calsbeek Jo mjitte mar, it sil noch wol hiel wat jierren duorje ear’t hjir in dyk en brêge komt”. Histoaryske wurden, de dyk leit der foar in part al 40 jier, mar in brêge moat der nei trije ûntwerpen noch komme. Wol wie om 1960 hinne it strjitteplan yn de Trigreppel (DE BREGE LEIT DER NO ‘AL’, 2016)

Sietze van der Heide (2e fan rjochts, op ‘e knibbels) wie strjitmakker by de gemeente Utingeradiel. Hy wie mei syn maten oan it straten oan ‘e Terhernsterdyk. It sil  grif waarm waar west ha. Doe kamen der in pear jonge froulju lâns, se hiene net folle om it liif. De twa “jonges” wiene noch mar krekt bedutsen. Mar ek net mear as dat. Sietze seach it, gie stean en begûn te hânbûtsen. En sei, ‘Wat is it kâld net’?

No earst noch mar wat oer de Trigreppel. Dy rûn oan de eastkant fan de Polsleat fierder, hast oan it spoar ta en bûgde dan om nei it suden. Dat stik hat fan âlds de wetterferbining foarme fan de Huygis-Galama stins dy’t dêr oant yn de 17e iuw stie. It stik fan de Galamaleane oan de Feansterdyk wie yn 1951 tichtmakke foar de oanlis fan de bredere Kanadeeskestrjitte. It stik lâns de Galamaleane is dat der noch wie yn de 60’er jierren ticht gien. It fersmoarge part tusken Polsleat en Feansterdyk gie om 1970 ticht en is no de ûntsluting fan de parkearromten. Oan de iene kant wienen de efterhiemen fan de bebouwing oan de Buorren, oan de súdkant de tún fan Evert Schouwstra.

Om oan de nedige wentebou plak te bieden waard nei it folmeitsjen yn 1960 om Sinnebuorren hinne, it útwreidingsplan op Akkrum East ûnder hannen nommen. Dat wie al foar 1952 fêststeld tagelyk mei Sinnebuorren en koe dêrom sûnder behindering fan de pachtwet oankocht wurde. In oar foardiel wie, dat hjir it klaaipakket sa stevich wie, dat in bulte wenten sûnder pealfûndaasje boud wurde koenen. Op ien plak oan de Jokwei ferrifele ús dat, dêr kamen we de loop fan in âld sleat tsjin en moast ûnferwachte in blok ûnderheid wurde. By it neigean fan âlde kaarten waard dúdlik, dat hjir sprake wie fan in hiel âld stikje wetterloop dat skean troch it ferkavelingspatroan hinne rûn hie. (Mooglik sels wie it ek noch in begjin fan de Trigreppel, want by de oanlis fan de nije rykswei in pear jier earder wie neist de efterein fan it begraafplak ek in spoar oantroffen en de westlike grins fan it hiem fan de direkteurswent fan de FCE rûn ek sa skean fuort en paste krekt yn deselde rjochting).

De grûnslach fan de strjitten yn dit gebied waard foarme troch sân dat frij kaam by it ûntgraven fan it kunet foar de nije rykswei, ek guon legere stikken fan it bouterrein waarden oanfold mei oerstallige grûn fan dy wei. De bouterreinpriis koe sa ridlik leech bliuwe en dat wylst wy de strjittebreedte grutter makken om yn de takomst plak te bieden oan ferwachte autoferkear. Boargemaster Anker woe dêr earst net oan, mar lokkich krigen wy byfal fan de direkteur Epema fan de FCE, mei ferhalen oer Amearika en Ingelân. Dat joech de trochslach, al skodde de boargemaster syn holle, hy prakkesearre noch net oer in auto.

Omdat it ferlet oan bouterrein de kommende jierren bliuwe soe, waard ek de grûn oer de Boarn tusken de saneamde “stoomkast” en de spoarline oankocht, dat koe no ek moai alfêst mei oerstallige grûn ophege wurde. Hjir lei ek in bestimmingsplan op, sadat it oankocht wurde koe. Yn de âlde notariële omskriuwingen stienen dizze twa stikken oantsjut as “kostelijk weid- en finland” sadat de nije strjitnammen Weidlân en Finlân foar de hân leinen.

Beswierlik wie wol dat hjir in ûntslutende brêge boud wurde moast. Soks drukte te swier op it betreklik lytse tal wenten dat hjir plak fine koe. Alles skode no oer elkoar hinne, de Smelle Brêge wie te licht foar it bouferkear en de Wide Stege te smel. Foar it tanimmend rekreaasjefarren wie de Boarn yn it doarp ek te smel, al hie de beropsfeart him dêr iuwen mei rêden. It draaide út op in omlizzing fan de Boarn en in brêge fan de Kanadeeskestrjitte nei it nije bouplan.

Dat soe in fêste brêge wurde, mar omdat de omleine Boarn sa gau net klear koe, moast der tydlik mar in beweechbere brêge komme. De provinsje hie noch wol in âlde brêge lizzen foar ƒ 1.-, mar de gemeente moast wol meganisaasje en oanpassing bekostigje nei har winsken en de brêge mocht trije jier draaie. Resultaat in brêge dy’t hiel stadich iepen gie en wol hast 30 jier funksjonearre, doe’t de omlieding al lang klear wie en de wyk folboud. As wenplak seach men wol wat yn dizze wyk omdat der in bulte plak wie foar de eigen boaten. Yn oare plakken hie men it wol smeulsk oer in jachthaven mei wenten. Ek oan de súdkant fan it doarp wie der noch wat romte tusken spoar en Feansterdyk. Hjir oan de Ombocht kaam ek de nije Mavo-skoalle.

Tusken Feansterdyk en Polsleat, hie UTD ferlet fan wat bedriuwsromte, mar hjir siet de pachtwet yn it paad, omdat it bedriuw gjin grûn keapje koe want dat hie in agraryske bestimming. No wie dat lân foar it grutste part fan de Herfoarme Gemeente. Dy woe dat besit wol yn jild omsette, mar dan wol it hiele stik oan it feartsje it Spikerboar ta. Der siet neat oars op as it hiele stik dan mar as yndustryterrein te bestimmen. Dat op de kaart tekenje wie gjin toer, mar in ferantwurding skriuwe gie minder. Yn dy tiid stie op it Rykswegeplan noch in trochlûken fan rykswei 50 fan de Jousterrotonde nei de oerwei súdlik fan Akkrum om dêr oan te sluten op rykswei 32 nei Ljouwert. As dat trochgean soe, wie it in wichtich ferkearsknooppunt en de Polsleat in goed farwetter. Mei dy yngrediïnten wie yndustry bestimming ferantwurde fierden wy oan en de provinsje hapte ta.

UTD hie lykwols mar yn beheind stik nedich en ek oare bedriuwen stienen net te springen. Lokkich kaam der stadichoan mear loop op en is alles no sawat beset. As wy dat tsien jier letter losprate moatten hienen wie it net sa kommen, ik krige doe fan myn nije kollega’s by de provinsje dêr hiel wat krityk oer te hearen, krekt as oer de hichte fan de silo fan UTD. Mar och, dan hienen se der mar better om tinke moatten by it goedkarren fan it bestimmingsplan. Ja, dy silo fan UTD, in lânmerk! As men fan it Fean of de Jouwer kaam, wie út ‘e fierte al te sjen, dêr wie Akkrum. Dat wie dy legere âlde wite silo ek al yn myn jeugd as wy mei fakânsje op de Poel wienen en dat hat de foargonger, Hoytema’s oaljemûne grif in heale iuw earder ek west. No is er fuort en ik mis dat ding, krekt as de drokte fan wol 100 wurknimmers, oanfierende frachtskippen en ôffierende frachtauto’s.

De bou fan dy silo levere noch wol in moaie rel op. De bou wie gund oan it boubedriuw Friso, mei oan it haad de skoanheit fan UT direkteur Pot, de âlde Van der Zee. Wy hienen op gemeentewurken de betonberekkeningen fan de fundearring krekt krigen en Jan Vrielink siet noch midden yn it trochrekkenjen. De goedkarring en tastimming ta betonstoarten, wie noch net ôfjûn. It wie Goedfreed, foar de gemeente in frije dei en ik wie efterhûs yn de tún dwaande, doe’t it geraas fan in leegjende betonauto klonk. Dat moast by UT wêze, ik sprong op ‘e fyts en wâlde mei lange stappen dwers oer de wurkflier. Dêr raasde Baas Van der Zee, dy’t sels foar dizze bysûndere kear de lieding nommen hie, my ta: “Wat mutte jou daar? Gaan weg. Binne jou metsler?” Ik sei him, wa’t ik wie en dat it stoarten fuort stopje moast. De berekkeningen wienen noch net goedkard en wy hienen de wapeningen net kontrolearre. Hy raasde dat hy neat mei my te meitsjen hie, mar syn deistige útfierder lei de boel doch stil en doe kaam de UT direkteur der ek by. Ik wiisde him op de feiten en hie ek al sjoen, dat de dûbelde wapeningstêven boppe de peallen fergetten wienen. Pot sei: “ik denk dat het beste is Pa dat U maar even met mij naar het kantoor gaat en misschien wilt U ook wel even mee mijnheer Calsbeek”. De oare wike is de saak ynoarder makke en koe der stoart wurde.

Ja, hoefolle ferhalen spylje der sa yn Akkrum? ik kin net by alles stilstean. Oer guon is al safolle praat en skreaun, dat ik dy allinne mar efkes oprop. Nim no it grutte ferhaal fan Akkrum, Coopersburg, 20 wentsjes stifte troch de bakkerssoan, dy’t it aventoer yn Amearika socht, it kapitaal fûn en syn grutte leafde dy’t er hommels wer ferlear. Mar faaks hjirtroch al mar wer nei syn âlde doarp werom lutsen waard en doe begien wie mei âlde stumpers fan de selde jierren as syn âlden, dy’t op hege jierren noch skrabjend oan de kost komme moasten, in died stelde troch harren goed ûnderdak en de mooglikheid ta in nofliker libben yn harren libbensein te skinken. Prachtich, mar hoefolle oaren bliuwen net yn de earmoede oer en hoefolle lytser leed wie der doch noch ûnder de bewenners fan Coopersburg, dy’t soms twongen waarden mei elkoar te wenjen as ien fan de partners weirekke. Dan kaam der in soarte fan ferplichte húshâlding tastân mei opleine “mantelzorg”. It boek dat ferskynde by de betinking fan it 100 jierrich bestean beskriuwt it wiidweidich en ik gean der dan ek mar oan foarby.

Ien inkeld gefal, Hermanus Kattemölle, de man fan it bôlesuteljende wyfke, dat Cooper as earste yn gedachten hie by de foarming fan it idee fan Coopersburg, kaam op syn 72ste yn Coopersburg, mar moast om oan de kost te kommen twa jier earder noch de reiniging fan Akkrum foar f. 150.- yn it jier fan de gemeente pachtsje. Hy is 90 jier wurden.

En dan dat oare suksesferhaal, wêr Akkrum de stifting Welgelegen oan tanket. In rike widdo út in foarnaam boerelaach, Suster Sines, dy’t earst troud wie mei in keapman út Grou, dy’t ek in skoft saken die yn Rotterdam,troude foar de twadde kear mei, Sake Visser har tûke boekhâlder en hannelsman út Terherne, in fiskerssoan. Hja wreiden har besit en kapitaal tige út mar krigen jin bern. Mei har famylje liket it net bot bûtere te hawwen. Foar it buorkjen op de pleats efter harren hûs (Heechein 68) waard in setboer Rinse van der Vegt oansteld, dy’ troude mei Janke Annes en dy krigen in famke, dat sy nei de âld boerinne neamden, Suster. Doe’t Sake en Suster binnen in pear jier beide ferstoaren, waard de jonge mem erfgenamt fan harren. Heit Rinse toande him in tige saaklik behearder fan it besit en kapitaal, dat syn frou no hie en by syn ferstjerren waard de jonge Suster van der Vegt de rike dame fan it doarp. Mar soe sy lokkich west hawwe?

Der binne ferhalen, dat heit nochal wat hearsksuchtich en earsuchtich west hat en in krekt opbloeiende leafde foar in jonge Hylkema, dy’t op de hoeke fan de Keakelstege wenne oan it Heechein, yn de knop smoarde. Suster moat doe besletten hawwe nea wer nei manlju om te sjen. Mei in selskipsdame hat hja fierder libbe fan har kapitaal, sober, mar net út ‘e krapte. Nei har dea blykte hja har kapitaal bestimd te hawwen foar in gebou mei tsien wentsjes, yn har tún tusken Heechein en Trigreppel, foar allinne steande dames, dy’t it net sa rom hienen, dat hja har goed wenjen bekostigje koenen. De hast 200 jier âlde steatlike teekoepel soe neffens har winsk sloopt wurde, mar mei stipe fan monuminten soarch is dat foarkommen en no pronket dy noch altyd oan it Heechein.

Suster hie doch wol mear, neffens ús, frjemde ideeën. Yn 1916 baarnde de mânske pleats folslein ôf. By de werbou moast it tusken stik, dat de pleats mei in hûs ferbûn hie, der net wer komme om ûnfeiligens foar de eigeneresse te ferminderjen. Frij logysk. Tusken de skuorre en it lyts bûthús, dat ek oan de kant fan har wente yn de pleats siet, moast in oardelstiens brânmuorre oant de naald ta oplutsen wurde, sadat fjoer út de skuorre har kant op keard wurde soe. Mar tusken skuorre en wenpart fan de boer kaam in inkeld houten skut.

Sake Visser en letter ek Rinse van der Vegt, wienen rûnom bekend om harren hurddravers. Yn de romme hal fan Heechein 38, wienen grutte fitrines mei in útstalling fan de ferovere gouden en sulveren swipen. Sels Kening Willem III hat del west om dizze te besjen.

En dan binne der noch âldere grutte ferhalen, fan dy wûnderbaarlik rappe hurdrider, Adam de Boer, hast trije iuwen lyn berne op de pleats oan de Leppedyk, oer de Boarn efter Coopersburg, dy’t it sels bestien hie in riderij oan te gean mei de spûksmid fan Earnewâld en doe it libben der mar krekt ôfbringe koe, troch by Aldskou oer it soal fan de pont te springen, dêr’t it spûk yn trûzele.

En je tinke dan ek oan it ferhaal fan de Spûkmûne. Mei dy boer, dy’t foarkomme woe dat it útkaam dat de faam in bern fan him ferwachte en har dêrom let yn de jûn opwachte op in mûnepôle, as spûk yn in wyt lekken. As sy dan goed skrok soe hy har yn de sleat triuwe en fersûpe. Mar hy rekke fertiisd yn it lekken en plofte sels yn de mûne-útskoat en fûn sa de dea. Jierren noch hawwe skippers nei dy tiid op mistige jûnen fan Boarn nei Nes foeren noch in wite skym by de mûne omdoarmjen sjoen. Dy mûne hearde neffens Merten Bakker by in pleats, dy’t oan de súdkant fan it Nesker begraafplak stien hat, op ‘e ein fan in puntich stik lân, tsjin de Leppedyk oan tsjinoer de Boarnsterhúskes. Dy mûne waard ôfbrutsen mar it ferhaal hie sa’n macht, dat Akkrum letter it oan in oare mûne ferbûn hat, by ien fan de bochten yn de Feansterdyk. Och mûnen hawwe altyd wol wat spûkeftichs oer har en wat is der no oan in doarp sûnder spûk.

Rabberijen en fiten. In opfallend elemint yn dy ferhalen is de bûthúsploech, in wikseljend selskip wat âldere mannen, dy’t by elkoar wat oanhâld sochten. Meast barde soks tusken kofje- en itenstiid, of middeis ûnder melkerstiid. It plak fan gearkommen is stadichoan wol ferskood en mei de tiid feroare it karakter ek fan praatklup nei kaartklup, alhoewol it deistige Akkrumer nijs ek yn de lettere faze omtinken krige. It earste plak fan gearkommen, yn de 30er jierren wie it bûthús op it efterhiem fan de wente fan Sytze Adrianus Koopmans oan de Ljouwerterdyk (13) en dêrnei it buorkerijke fan âlde Germ de Wit, oan it Krompaed, dat om 1960 hinne ôfbrutsen waard. Letter ferskode dit “kluphûs” mei de fuortsettende sanearring fan de doarpskearn nei ferskate âlde pantsjes, sa as neist de kosterswente by de Fermanje (no bibleteek), de westkant fan de Wide Stege, de bakkerij yn deselde stege efter Kromme Knilles, in wentsje oan de Leppedyk (4) en op it lêst yn it wentsje fan Jentsje Kerkhof op it ein fan Om ’e Toer, dat hast yn de Trigreppel stie. Yn de beide earste lokaasjes, de bûthúskes, waard net rookt yn ferbân mei brângefaar en ek omdat de measte leden prúmken en net rookten. Yn de lettere plakken waard wol smookt, it stie der soms blau. Men rûkte doe al op ôfstân dat der gearkomste wie.

Wa wienen no de “leden”fan dit ferneamde selskip en wat foar minsken wienen it. De sels beneamde foarsitter wie de eigner en brûker Sytze Janus Koopmans, dat Koopmans brûkte Akkrum net, dêrfan wie der wol in kuorfol. Ien fan de soannen fan de stamhâlder hie wol 7 soannen en dy hienen allegearre wol in soan nei pake neamd, sadat der op in stuit 7 Willems mei de efternamme Koopmans wienen. Dy hienen ek noch allegearre wat mei fee of slachtsjen te dwaan. Fierder as Sytse Janus (in ôfkoarting foar Adrianus) wie der dan syn neef Willem Pieters K. slachter yn de Dringelstrjitte.

Nestor fan de ploech wie sûnder mis Pieter Klazes de Groot (P.K.), eigner fan in tekstylsaak, mar boppe al musikus, de saak waard dien troch syn frou Sytske. P. K. wie in omkesizzer fan Cooper. In hiel oar man wie Kuipers, Amsterdammer, âld seeman en badmaster fan it ferneamde swimbad oan de Meinesleat en algemien bekend as Baddy, betinker fan folle grappen en fiten. Faaks ek dichter fan it liet: “Akkrum heeft een zwembasin, daar zwemmen dikke dames in”.

It swimbad wie al jierren ticht, doe bestie de “dameszwemclub” noch en makke simmers in reiske. Dy reisferhalen kamen net de Buorren oer. Ek fan belang wie Bouke van der Made, grienteboer en ierpelkeapman út de Wide Stege en yn dit fermidden behearder fan de spullen foar it “keatsjen” in soarte fan rychje knikkerjen op it iis. De earsten dy’t wer op hûs ta setten wienen bakker Jappy Bouma fan Nes en Wynand van der Schief fan de Boarnsterdyk, want dy hienen in ein rinnen.

Wynand wenne op de Boarnsterdyk op de hoeke fan it Melkerspaad, by syn sweager Wierstra de “wûnderboer” en syn suster, dy’t krekt as Wynand slim meager wie. It doarp sei, dat sy gjin kûten hie en om dat te ferblomjen elke moarn de krante fan de foarige dei der om hinne wuolle. Soks waard ek bepraat yn it bûthús, krekt as it tryste ein fan Wynand. Hy wie âld en syklik doe’t hy stoar. Hy wie al in moai skoft bêdlegerich doe’t dat barde. De mannen fertelden, dat de wyksuster út Aldeboarn him op in moarntiid wosken hie en dat hy doe jûns dea wie. Suster hie de hiele beskermjende laach fan Wynand der ôfbjind. Soks moasten je ek net dwaan by âlde frijfeinten.

Mar ek troude manlju hienen it net altyd noflik. By de bûthúsploech waard ek drok meilibbe mei en praat oer Klaas Boersma. Dy mocht sa no en dan mei de frou mei,as dy om boadskip gie en as it trof mocht hy by Schotanus in pakje shagtabak keapje. Hy krige it jild mei en as hy wer út de winkel kaam stie de frou mei de hân klear om it wikseljild oan te nimmen.

As it de frou net paste him mei te nimmen, waard Klaas, neffens de ferhalen fan de bûthúsploech wolris yn in kast opsluten. Cees Jeeninga en Sake Wieling gienen wat letter, de lêste stuts mei in skouke de feart oer. Wat losse oanrinners wienen de bruorren Bakker, Kees de Wit, de bruorren Hoekstra en ek Lútzen Woudstra, dy gauris mikpunt fan Baddy’s grappen wie. Yn de winter wie Haaie Siksma, de fisker ek gauris by de ploech te finen. Letter kaam der by it kaarten in oare generaasje, Eise Hof, Tjalling Dykstra, Ep Wedman, Wytse Wiersma en mear. De ûnderlinge ferhâldingen sprutsen wol fan respekt, mar je moasten wol der op klear wêze om bleat te stean oan de pleagerijen fan de oaren en der op klear wêze wer te plak set te wurden.

By in earste rûngong lâns Akkrumer bysûnderheden mei boargemaster Anker, kamen wy efter de Fermanje ek by de bûthúsploech. By in fraach oer dy namme, gie foarsitter Sytze Janus mei in wiids gebear stean en sei: “Toen ik nog boer was, mijnheer burgemeester, kwamen wij bijelkaar in mijn stal, mijn bûthús….”. Dêr foel syn neef, Willem Pieters, yn: “Ja no seit hy boer, menhear boargemaster, mar froeger op it belestingbiljet sette hy komelker, dat wie foardeliger”.

Dizze Willem Pieters, slachter op de hoeke fan Buorren en Dringelstrjitte(1), waard troch neef Sytze ek net sparre. In fertsjintwurdiger frege in kear yn de Dringelstrjitte oan Sytze Janus of dy ek wist wer hy “meneer Koopmans, de slager” fine koe. No hy wie oan it goede adres: “Sjoch, Jo gean dat strjitsje yn (Boerestege), dan komme Jo by in brechje en dêroer rjochts stiet in hege grize skuorre fol bargen en dy mei de pet op is Willem Pieters Koopmans, dy moatte Jo hawwe.

Beide neven sieten bytiden ek yn de tsjerkerie fan de Fermanje en it wie wolris noflik dat neist de slachterswinkel op nûmer 3 de Doopsgesinde Pastorije stie. As der tsjerkerie gearkomste wie, woenen de mannen nei de tiid wolris noch wat oars hawwe as in bakje kofje. Se stapten dan meast nei Jan Pasma yn Hotel Zevenwouden, wêr se harren wolris wat ferseagen op de mjitte fan dy lytse gleskes. Willem Pieters hie dan in goed ekskús betocht. Hy makke by it iepen dwaan fan de winkeldoar goed lawaai en sei mei lûde stim: “No n’avend dûmny, it is mar wer let wurden no”. It stiet te besjen of syn frou dit smoeske net troch hie.

Sytze Janus hie op syn efterhiem in peal mei in tsjil der op as basis foar in earrebarre nêst, prachtich fansels, mar spitich wie der nea in earrebarrespantsje dat soks ynseach. Doch wie der hope, midden yn in kâlde winter mei grutte bulten snie, yn de âldjiersnacht fan 1947- 48, ferskynde op it nêst in eptige earrebarre. Nijjiersdei wie it drok op it Krompaed, want heal Akkrum woe dit wûnder wol sjen en de fûgel bleau stil sitten. Sytze Janus hie de pest yn, grappen meitsje is moai, mar it moat net om josels gean. In dei as wat letter skrok de buorman op fan it leven op it efterhiem, mei de kloet fan syn boat die Sytze ferheftige halen nei de grutske bewenner fan it nêst, mar dy joech gjin krimp. De technisy fan de Bûthúsploech hienen geef wurk levere en Jehannes Bakker hie him mei syn keunstskilderskapasiteiten in tige libbensecht oansjen jûn. Yn de byienkomst fan de bûthúsploech is der net bot mear oer praat, it wie yn ’t ôfgean fan de winter en op ’e ein fan de Trigreppel foar de skiphuzen moast it keatsjen organisearre.

Foar de dúdlikens is it wol goed hjir wat oer it keatsjen te sizzen.  

It keatsjen wie in spul foar grutte manlju en waard tsjin teiwaar oan spile op it iis. Op in rjochte line yn it iis krast, waarden om de 10 sm. de keaten (bonkjes út de keallepoat) mei de brede kant op it iis set, elke spiler sette like folle, sa waarden der 100 keatten ferdield. Om it spannender te meitsjen koe men ûnder de keat in sint lizze. It doel wie om mei de bol of bolle de fierste keaten oan slutend om te smiten, der mocht gjin gat yn de rige ûntstean. Dy bolle wie in rûn stik ikenhout lang 30 sm. en tsjok 8 sm., soms ferswiere mei in kearn fan lead. In pear meter fierder dan de line kaam in dwersbalke om de bal net tefolle trochsjitte te litten. As der keatten op it ein fan de line fuort smiten wienen, waard de miet, wêr wei smiten waard safolle opskood, dat de fierste keat wer op 10 m. stie. Untstie der in gat yn de line, dan moasten dy keaten wer der tusken set wurde, mei in sint as boete derûnder. Men koe ek de rûs fuortsmite, dat wienen de earste 25 keatten, mar dy moasten dan allegearre yn ien kear om, oars moasten dy ek wer mei boete opnij opset wurde.

By reglemintêre omsmiten keatten krige de smiter dy en ek de sinten dy’t der ûnder leinen. As de rûs om gie moast it spul op nij begjinne. Hie men net folle keatten mear, dan koe men fan oaren bykeapje, meast 5 stik foar in sint. Of dit spul earne oars ek sa spile waard is net bekend. Terhernsters keatten ek wol. Mar it materiaal fan de bonkekeatten liket wol echt op Akkrum ôfstimd, mei in syn konsintraasje fan tonslachterijen, dy’t eksportearren nei Ingelân en ek seeskippen fan foeraazje foarseagen. Om 1900 wienen der hjir wol 7 fan dy lytse slachterijen, dêr’t it slachte fleis mei sâlt yn houten fetten dien waard. Dêrneist wienen der ek noch 5 slachters mei in winkel. Yn 1910 kaam der in gemeentlik abattoir, dat yn 1916 oergie yn de Friesche Coöperatieve Exportslachterij.

Werom nei de Bûthúsploech, earst mar nei in tige nijsgjirrich lid, Baddy. Syn foarnamme waard nea neamd, de famylje namme wie Kuipers. Baddy wenne mei syn mem yn in húske oan it Brêgegat, efter de fiskboer Kees Postma. De tige Amsterdamske konversaasje tusken de beide kaam de buorlju wol apart foar. Hy, in smelle man, frij tanich, sels yn de winter noch wol mei in ljochte lichte seemansbroek en in licht truike, mei net folle hier en sy wie noch smeller en behindiger. As je mei him yn petear gienen, kaam sy al gau sketterjend tuskenbeiden, sadat hy dan wer reagearre: “Ach natte kip, hou nou je kop es” mei har replyk: “Meneer, as ’t ie niet so taai was, was ‘t ie om op te freten”.

Baddy mocht wol oer wat opskuor en hie de grutste wille om de gefolgen fan syn dieden oan te sjen. It wie in tiid, dat der noch net folle sosjale media beskikber wienen. Sa gie de betsjinning fan de telefoansintrale yn it doarp jûns 6 oere ticht en waard dan oernommen troch de sintrale yn Ljouwert. Dêr wist men minder fan pleatslike omstannichheden soks makke de bellers anonimer. Krekt foar Sinteklaas 1947 belle Baddy út it kafee wei op in jûn let om in telegram oan it Parool op te jaan, dat der yn Akkrum in groulike moard bard wie. Foar de redaksje wie it om dy tiid net mooglik befêstiging te krijen en men fielde har oan eigen status ferplichte it nijs sa gau as it kin te ûndersykjen. Baddy hie him de oare moarns taktysk opsteld yn de buert fan it stasjon en seach mei de earste trein fan Ljouwert in yn alle hasten optromme sjoernalist oankommen dy’t de stasjonssjef en oare treinminsken alderhande fragen stelde en doe it doarp yn sette. Mei de earste trein út it suden kaam doe ek it pak kranten fan it Parool, mei hjiryn in grutte kop oer de moard yn Akkrum. De Telegraaf is dy dei giisgabjend ûnderwerp fan petear west yn it bûthús oan it Krompaad.

Baddy siet fol fan grappen om in ploech folwoeksen manlju dwaande te hâlden. Faaks kaam dat fuort út syn seemansperioade wêr in ploech mannen wiken lang op elkoar oanwiisd wie. In kear sette hy in dikke stip op it houten sket tsjin it heafek oan. Hy dage de oaren út om hjir oer trije meter op ta te rinnen mei in wiisfinger foarút, dy’t dan op de stip telâne komme moast. Dan waard it minder maklik makke, troch de persoan in kear as wat rûn te draaien en dan hiel muoilik omdat men in blyndoek foar krige. As de blyndoek ôf gie wie meast de ferrassing grut hoefier men de stip mist hie. Lútzen Woudstra stoarte him mei wille yn dit aventoer, mar skrok doe’t syn finger net op it sket terjochte kaam mar yn in waarme fochtige romte. Werom lûke woe net want skerpe toske sluten har om syn finger. Baddy wie mei iepen mûle yn de baan fan Lútzen syn finger stean gien. Wakker wille fansels en Lútzen lake ek mar mei, wat dogge je oars? Lokkich waard de oandacht doe lutsen troch de komst fan Sytze Janus. Fuortdaliks sette Lútzen op him ta en fernijde him, dat men no sa’n moai spultsje hie, dat moast Sytze ek dwaan. Sytze liet him gewillich trije kear rûn draaie en sette de finger kreas op de stip, dêrnei krige hy de blyndoek foar bûn troch Baddy en in oaren en sette him yn de hâlding foar de masterprôve. Lútzen slûpte op ‘e teanen yn de baan dy’t Sytze rûn en stie as in protter te gapjen om de finger mei de mûle op te fangen, doe’t Sytze ynienen de hân nei eigen mûle brocht, syn grouwe tabaksprûm der út helle en dy Lútzen yn de gapjende snút treaun. Lútzen hawwe sy de earste wike net wer sjoen.

Yn de oarloch wienen klompen krap, boeren koenen guon tawiisd krije fia de “plaatselijk bureauhouder” mar foar oaren wie it fuotark mar sa no en dan op in bon fan de distribúsjekaart te krijen. Baddy en noch in pear hearen plakten op in kear wat briefkes oan, mei de meidieling dat middeis om 4 oere klompen sûnder bon ferstrekt wurde soenen, yn de Waach. De Waach, boud om 1880 hinne, hie doe syn oarspronklike funksje al lang ferlern en waard brûkt as húshâldskoalle, gerakomstelokaal, brânwargaraazje en mear. Lang siet op de muorre in ovaal boerd mei de opfiedende spreuk “Behandel de dieren met zachtheid, spaar de vogels”. Algemien nuttich dus. Tsjin fjouweren strúnden de mannen de kant fan de Waach út om te sjen hoefolle fan har doarpsgenoaten oft der yn trape wienen. Sy skrokken doe’t sy seagen hoefolle folk yn de rige foar de sluten doar stienen te wachtsjen. No waarden de mannen ûnwis. Soe der doch wier wat te heljen wêze, dan moast soks harren net ûntkomme, sy gienen ek mar yn de rige stean.

De ploech mocht ek wolris besykje wat opfiedkundich út de hoeke te kommen. Yn de Buorren wie in frij wide stege nei de Boarn ta, troch it folk de Wetterstege neamd. Oan de iene kant wenne blommeman Schouwstra, oan de oare kant skuonmakker De Vries. Hoe’t alles krekt siet wie Akkrum net dúdlik, mar de beide buorlju hakketakken allegeduerich oer wat rjocht de oare hie om de stege te brûken. De Bûthúsploech besocht alles mei humor wat del te bêdzjen, troch in buordsje op te hingjen mei in mantsje dat mei in lears sloech nei in keardeltsje dat mei in bosk blommen werommepte. Der waard om gniisd mar it feroare net bot.

De Bûthúsploech hie ek de hân yn in yllegale fiskerij. Jehannes Bottema, âld tontsjeheller by de gemeente, stie der om bekend dat graach fiske, net allinne op de legale wize, hy streupte noch mear en hy beheinde him ek net ta fisk, in ein en oar fûgelguod paste him op ‘e tiid ek wol. Hy oefene dit frije berop út mei behelp fan in skou, wêrfan it hout meast mei blik en tarre yn ferbân hâlden waard. Mei tastimming fan Jehannes liende de bûthúsploech op in nacht dizze skou en dat net allinne, ek de fiskersklean en angels en ark. Mei strie waard in kreaze imitaasje fan Jehannes yn de wrâld set. De skou waard yn de fiver fan Coopersburg brocht, midden foar it brechje, sadat de fan alle kanten in goed ein frij fan de wâl lei. “Jehannes” kaam op de mestelbank yn syn karakteristike foaroer ynmekoar dûkte hâlding. De earste minsken gienen al nei it wurk, doe’t sy de skou yn de fiver fan Coopersburg yn de moarnsskimer gewaarwaarden… Dat koe net… Jehannes, dat mocht net… mar ja, Jehannes libbe neffens oare wetten, dat wisten je, dêr koenen je wat fan tinke, mar… it wie in doarpsgenoat, dat…Sy rûnen of fytsten troch. Op it wurk fertelden sy wat der te sjen wie en al gau stie de in aardige ploech minsken op de kant fan de fiver. Jehannes! Jehannes!!! Waard roppen, mar gjin azem. In frommeske efter Blierherne wei oppere dat der wol wat mei him wêze koe, wie hy net goed wurden? Hy soe doch net…? Mei in rêdingsheak by Riemersma’s Brêge wei koe men de skou berikke, mar dy lei wol stevich ferankere. Einliks krige men dy yn kontakt mei de wâl en koe besocht wurde “Jehannes” te reanimearjen, mar dat foel net ta. Al mei al wienen in bulte minsken op de aksje takommen en dy beseagen it animearren, amusearre en grif Jehannes Bottema die soks.

No wat oer in tige bysûnder lid fan de ploech, sawat in earelid. Wienen de Koopmans mannen notabelen fan Akkrum, hy   wie wol in super notabele, want hy wie in omkesizzer fan Folkert Cooper. We hawwe it oer Pieter Klazes de Groot soan fan Klaas de Groot en Ida Kuipers. Hy wie in bejeftige musikus, mar moast de Akkrumer toer sjen kinne oars wie hy te ûnwennich. Hy liet muzikale kânsen om utens foar wat dy wienen en socht syn heil mar yn de tekstylsaak fan syn heit. De saak driuw op syn frou Sytske Godthelp en P.K., sa as men him meast oantsjutte, joech piano- en oargellessen en wie jierren organist yn de Fermanje. Dy funksje beklaaide hy fan maaie 1909 oant hy yn 1963 om ûntslach frege yn ferbân mei gehoar problemen. Akkrum koe him oars net as yn keurich swart klaaid, mei fest en gouden ketting. In stôk mei sulveren knop en in hûn fan stevich formaat kompletearren meast dit gehiel.

Ja, dy hûn. Yn it begjin fan de 60’er jierren barde der wat ûnbegrypliks. P.K. wie al moai yn de 80 en de hûn, in soinjearre airdale terrier, doe kuiere it span troch de Boerestege foar it hûs fan de famylje De Groot, hielendal gjin famylje fan P.K. en maatskiplik krekt it tsjinoer stelde. Tiemen en Gryt bongelen altyd wat op de leechste trimen fan Akkrums sosjale ljedder, hienen lang yn it blok wentsjes fan Sosjale Saken wenne, mar hja sieten no tsjinoer elkoar foar it finster fan in frijsteand wentsje, oan it middeismiel en poeke koestere har yn de finsterbank. Wat der no west hat, dat de airdale terrier syn sosjale status ferjitten die wit nimmen, mar feit is, dat de hûn him losskuorde, troch it finster batste op de kat ta, dy’t útnaaide mei de hûn der efteroan. Tiemen en Gryt ferstiven, doe’t dy flits fan hûn en kat tusken de ierpels en de brij harren foarby gie. Gryt stode nei de doar om P.K., dy’t ferstuivere nei it lege hûnerymke stie te sjen, it leksum te lêzen en Timen joech de terrier foar de kast wêrop poeke in hinne kommen socht hie, in fikse skop, sadat dy jankjend syn baas op strjitte opsocht. P.K. grabbele yn syn portefúlje om in pear giele briefkes foar de skrik en sei ta timmerman en ferver middeis alles reparearje te litten.

Timen en syn frou Gryt, wienen ek altyd goed foar ferhalen yn it doarp. Sa waard breed útmetten hoe Gryt in kear op it gemeentehûs ferskynde mei in earm fol klean fan Timen. Timen hie by it gasbedriuw oan naam in put te leegjen wêr yn tarre yn opfongen waard die by it stoken fan gas út de stienkoal dripte. Gryt koe dat swarte kleverige spul net út Timen syn klean krije en wipte broeken en ûnderguod doe mar by boargemaster Thalen op it buro. Resultaat: sy koe in ekstra kleanfergoeding barre. Jild barre wie net oan folle regelmaat bûn by harren en doe’t in kear skoalbern har wyklikse bydrage foar it skoallereiske by master foldwaan moasten, hie de soan oars gjin ekskús as: “Vader heeft nog niet gebaard, meester”. Dit waarden ‘gevleugelde’ wurden yn Akkrum.

Pyt de Groot syn frou Sytske wie net sa wiis mei de besites dy’t har man oan de byienkomsten yn it bûthús brocht. Nei sa’n besite moast it pak út en oan de line bûten luchtsje, soms hongen der wol twa pakken. En dan dy spatten op de boksen as de reed nei Germ de Wit wiet en modderich wie, dan kaam der in ferbod op de besite te lizzen. Mar dat trof net as de jierdei fan P.K., ein febrewaris yn in teiwaar perioade dêr ûnder foel, sa as de 75e yn 1952, dan moast der in útwei socht wurde en dy kaam der. It molkekarke fan Germ de Wit, waard skjin bjind en mei grien en papieren blommen fersierd, in stevige rookstoel der op en de koets koe foarride. Men seit, dat der stoom by Sytske út der earen kaam, mar P.K. gie noflik sitten en liet him in earerûntsje troch de Buorren en oer de Kleef net ûntgean ear’t it kluphûs opsocht waard.

P.K. stie altyd tige noed foar de feiligens fan syn oargellearlingen yn de Fermanje. Dat smelle trepke nei de kreake hie hy it net op stean en dêrom klom hy deun efter harren mei nei boppen, benammen as it froulike learlingen wienen. Syn maten pleagen him dermei, foaral doe’t de direktrise fan de húshâldskoalle Lokke de Groot har melde. Dit wie wat men neamd in gewoepst persoan en de neven Koopmans seagen it in gat yn ’e kop dat dit gewichtige personaazje fan de trep rôlje soe. Dan koe gjin P.K. har heine, hy soe ferplettere wurde ûnder it gewicht. Der wienen al frijwilligers yn de bûthúsploech dy’t as “stand in” foar P.K. fungearje woenen, mar dy wiisde it ôf, soks wie syn taak: “adeldom ferplichtet!”

Der wienen wol mear rituelen by it oargeljen fan P.K. yn de Fermanje. Hy die dit al sa lang en guon dûmnys stienen hjir al sa lang op de stoel, dat dy net alle kearen mei farske preek oansetten kamen. P.K. koe syn teksten wol en as de ynset fan de preek him dan bekend foar kaam, oerfoel him troch de opstiigjende waarmte fan al dy tsjerkegongers en it sintsje op de ruten in oerweldigjende toarst. Dêr moast wat oan dien wurde en hy gie foarsichtich by it trepke del, de kreakjend treden mijend, glûpte troch de doar en stapte de Buorren del nei Jan Pasma syn taap yn Hotel Zevenwouden. It moaiste soe wêze as dochter Elly de honneurs foar har heit waarnaam. Nei twa ferfrissings warskôgen syn gefoel en syn horloazje him dat de plicht wer rôp. Hy sette de stap wer nei tsjerke, klom nei boppen en spile as de dûmny nei it beëinigjen fan syn preek yn de rjochting fan it oargel knikte de ôfsprutsen lieten. Prachtich oplost.

Mar de Koopmans-leden fan de gemeente seagen in moaie kâns freon P.K. te fiter te nimmen en soks kin men net litte no? Yn dy dagen, it wie foar 1937, wie de “Brede Brêge” oer it Brêgegat noch in draaibrêge. De mannen harken skerp en in minút as wat nei dat P.K. de tsjerkedoar sluten hie slûpten sy ek nei bûten om by de brêge op wacht stean te gean. Doe’t sy murken dat P.K. wer yn oantocht wie, draaiden sy de brêge iepen en ferstoppen har yn in steechje. It wie snein, dat dan koe de brêge rêstich in skoftsje iepen stean, al wie de dyk ek de haadferbining mei it suden. Folle faker as ien kear yn ‘e oere kaam der net in auto. P.K. wist net wat hy moast, a-technysk as hy wie seach hy gjin kâns de brêge te sluten, mar nei in skoftke is der wol help kommen. De brêgedraaier siet yn tsjerke, wêr ek geroezemoes ûntstien wie, want al hoe heftich dûmny ek in kear as wat nei it oargel knikt hie it bleau stil. Akkrum hie dy snein en dagen dernei wol praat.

It wie wenst, dat by it útgean fan de Fermanje de tsjerkerie noch efkes yn it portaal stie nei te praten. P.K. foege him dan by dat selskip en spruts in wiis wurdsje mei. Net alle kearen. Yn it begjin fan har tiid yn Akkrum stelde da. Treffers yn har preek, dat it al sûnde wie as in troude man mar oan oare froulju tocht, of slimmer noch der mei oandacht nei seach. Dizze kear stapte P.K., nei syn ôfdaling it selskip foarby, skodholjend sizzend: “Der is neat mear oan it libben, ik gean mar nei hûs!”.

Der wienen yn Akkrum wol mear, dy’t net ûngefoelich wienen foar wat froulike sjarmes, sa liet in brêgewipper fan de Smelle Brêge it klompke mei jild sawat yn de Boarn knoffelje, doe’t yn ien fan de passearjende sylboaten, in jongfaam mei bleate boarsten efter it seil wei opdûkte om it ferplichte kwartsje yn de klomp te deponearjen. Sy hie om him wol twa kwartsjes ta krije kinnen as sy nochris lâns kaam wie, wie letter syn kommentaar.

Ek in Spaanske fakânsjeleafde fan in wurknimmer fan Everaarts, dy’t tydlik boppe yn nr.48 op it Heechein wennen, krige wakker omtinken fan manlike Akkrumers. In kear rûn sy by Tulner foarlâns, wylst dêr in feint fan Reinder de Boer oan it wurk wie. Dy makke in opmerking tsjin har wer sy mei in bulte wille op reagearre. Oan de oare kant fan de dyk stienen de beide rêstende bakkers Glastra van Loon en Zoethout mei in frou te praten. Boargemaster Anker fergelike dizze mannen om harren postueren gauris mei de premiers fan Ruslân en Ingelân, Boelganin en Mc Millan, de earste koart en dûbeld en de oare lang en wat útstrutsen. De frou makke tsjin de mannen feninige in opmerking, dat it mar nuver wie dat alle jonge mannen op sa’n fanke reagearren. Doe sei Zoethout op syn wat affektearre toan: “No, ik mei soks ek wol lije en it liket my ta dat hjir alles wat moat der wol teplak oan sit”. Van Loon hat ynstimmend knikt.

Praatsjes oer manlju en froulju koenen fansels yn in doarp, dêr’t men sa op in oars lippe wenne, net út bliuwe. De wenten stienen yn de stegen deun neist elkoar, soms in heale meter foar de ruten mei in reinwetterbakje en dan in paadsje fan in meter. As toppunt fan miljeu behear yn de reinwetterbak in mûdhûn (in fisk) om de algen op te fretten en sa it wetter drinkber te hâlden. Omdat alle stegen allegearre sawat op de Boarn as oar wetter út kamen, trof men dêr foar algemien gebrûk in hokje mei in doar oan boppe it wetter. Hjir koe men noflik oer in balkje jins ûntlêsting kwyt. De plastyske namme fan sa’n gefal wie in skytstoel. Foar skippers dy’t graach safolle mooglik silend troch it doarp woenen wienen it mar stân yn ‘e weis en sadwaande betitelen sy alle Akkrumers as “skytstuollen”. Yn it lêst fan de 19e iuw kamen de tontsjes yn gebrûk, de skytstuollen waarden privaten of sekreten en as dy troch mear as ien húshâlding brûkt waarden, wienen it yn deftige notaris taal, “gemene sekreten”. Benammen de steechje-froulju betitelen mekoar sa ek wol hiel plastysk by mieningsferskillen.

No fierder mar swije oer skytstuollen en sa. Yn dy smelle steechjes wist men fansels alles fan elkoar en dat waard drok bepraat. Gienen de gerdinen nei iten, as de bern wer nei skoalle wienen, efkes ticht, dan wie de ûnderstelling net fuortdaliks dat heit en mem efkes in knipperke dienen. Ek de sekreten wienen wolris in aardige boarne foar it nijs. Seach men de leden fan in grutte húshâlding efkes hegerop yn de stege rap efterinoar mei stikjes âlde krante nei it sekreet gean, dan wie al gau de konklúzje; “Tryn hie de sipels grif wat wetterich” of soks.

Krekt as de man-frou ferhalen litte we dit praat fierder mar lizze. Men wit nea hoefier’t soks noch rikt. Om te sketsen hoe de wenomstannichheden yn de stegen wienen, efkes in beskriuwing. De Keakelstege yngeand rûn men rjochts lâns de muorre fan Staperts boekhannel en drukkerij, dan kamen de fjouwer huzen, ien mei de flier in hânbreedte leger as de stienen yn de stege en de daksgoate op goed 1meter 80. It lêste hûs stie op krap 2 m. fan de Boarn. Hjir neist noch in hûs en dan stie men mei de noas tsjin in pakhús fan Tulner, dêr rûn dan wer in stege omheech, dea op nei in efterhiem fan in winkel oan it Heechein. Der stienen ek oan dizze stege in pear huzen. Yn it lêste wennen Berend de Haan en de frou. It wie fan healstiens muorkes, fan bûten wie it 3.60 by 3.60. mei in pannen kapke sûnder dakhout. Efter de doar wie in lyts portaaltsje mei in ljedderke nei boppen en efter yn it keamerke yn prachtich bêdsket, grif sa út de foarein fan in royaal hûs sloopt, mar as men de doarren iepen die om de bedsteden te sykjen, dan stienen je foar allegearre smelle kastplankjes fan mar krekt 12 sm. breed. Doch hawwe yn dit kabouterwentsje yn it ein fan de oarloch 14-18 in pear minsken wenne mei seis bern en in kostgonger.

In smelle bedoening yn dy steechjes, mar ek it “grutte” ferkear krige lang de romte net as notiids. As je betinke, dat de haadûntsluting fan Fryslân nei it suden, de Oeriselske Strjitwei, sa as de rykswei meast neamd waard dwers troch it doarp rûn, Heechein, Buorren, Kleef en Feansterdyk. Dit wie sa oant de maaitiid fan 1962, doe kaam de A 32 iepen. Minsken yn de buorren sliepten de earste nachten dat A 32 iepen wie mar min, it wie sa stil!

As men lâns it Heechein Akkrum ynkaam wie it earst noch wol aardich rom, mar dan oan de ein fan it Heechein kamen de problemen. Fanâlds, oant sawat 1920, stie dêr in buorkerij, letter wie it smidderij en de hoeke fan it gebou stie op krap 11 meter fan de bebouwing oan de oare kant, no de boekhannel. Dan bochte de wei foar de Fermanje nei de Brede Brêge en sa nei de Kleef. De gevels oan de súdkant tusken Mounedyk en Kleef stienen sawat 2.50 meter tichter oan de ryddyk. Op plakken wie de stoepe net mear as in tegel en in trottoirbân. By de Kleef bûgde de rykswei nei rjochts en it ferkear krige op de Feansterdyk wat mear romte, mar hiel lang yn de 19e iuw, wie hjir noch in barte yn de wei, sadat skûten nei it stik Trigreppel dat lâns de strjitte rûn, dy’t no Kanadeeske strjitte hjit.

It ferkear nei Aldeboarn moast allegearre rjochtút troch dat smelle strjitsje. Fierderop bleau de wei sa smel, want foar de huzen oan de súdkant lâns wie der in frij brede sleat, dy útrinner fan de Trigreppel. No en dan koenen je ôfslaan nei it stasjon en it spoarterrein. Pas om 1935 kaam der in wei fan it stasjon nei de Feansterdyk. Oer it spoar wie de Boarnsterdyk ek mar in behindich dykje mei sleatten, sa as men de âlde wei nei Aldeboarn no noch fynt foarby de Kleasterwei. De wenten oan dizze wegen hienen allegearre in brechje as ûntsluting. Akkrum wie in echt brechjedoarp, lâns de Feansterdyk en Ljouwerterdyk wie it itselde byld.

It wie in omslachtige beweging mei oanfier fan grûnstoffen foar Twijnstra. Grutte partijen grûnstoffen waarden oanfierd mei skippen, earst wie it lossen folslein mankrêft, mar letter kaam der in elevator, dy’t mei luchtdruk en in skeprêd de losse spullen yn de silo blaasde. Mar ek in grut part kaam mei it spoar, dat waard op it emplasemint oerladen op de saneamde koekweinen fan UT, dêr fan wienen der wol in fyftjin en letter kamen der ek noch wer frachtauto’s by. Mei de ferkearssitewaasje sa as hjirfoar omskreaun, betsjutte dit dus wol in hiele belesting foar de doarpskom. Dit levere fansels praat op. Dus moatte wy it mar efkes oer de koekweinen fan Twijnstra hawwe.

As de transportkolonne fan it bedriuw ynset waard, de lange platte swiere weinen mei ien as twa foarse hynders der foar. Earst oerlade út de wagons op de weinen dy’t dan foaral op de Kleef en de Mounedyk foar swierrichheden soargje koenen. By de Mounedyk moatte wy wol betinke dat oan de westkant de huzen stienen yn it ferlingde fan de drogisterij en oan de oare kant stie der tsjin de reedfabryk (no de timmersaak) ek in rige huzen. By de ôfslach nei it parkearterrein gie men oar in houten barte en dan wie der oan de fabryk ta in soarte fan polderdyk mei twa en in heale meter tarregrintdyk. Passearje koenen de weinen frijwol net en soms wienen de hoeken te krap.

Yn 1948 rekken mei in mislearre draai by de tabakswinkel fan Velkers, Buorren 48 (no de etalaazjemuorre neist Kafee De Kleef) hynder en wein troch de ruten. Om de selde tiid (1944) mislearre it in fuorman de bocht fan de Buorren nei de Mounedyk te nimmen, wêrby syn beide hynders skrokken en harren los skuorden. De iene draafde de Mounedyk yn en koe dêr wer opfongen wurde, de oare batste troch it winkelrút fan de drogisterij. Fansels wie frou Kleefstra, tante Betty foar alle Akkrumers, slim skrokke fan alle lawaai, mar sy skrok noch mear doe’t sy yn de winkel kaam en waarnaam wa har oer de toanbank oanseach. Kweade tongen seinen dat sy earst miende dat buorman Schoegje in frjemde bûtenstap makke, mar dat is perfoarst net wier, it hynder wie kreazer.

Om de klanten yn it fjild te betsjinjen sette op bepaalde dagen in hiele kolonne laden weinen ôf. As de eastkant bewurke waard bleau de ploech byelkoar oan it Piershiem ûnder Nij Beets. Nei in waarm bakje gie it dan ei alle rjochtingen by de ôfleveradressen del, foeraazjehannelers en boeren, om tsjin de jûn wer byelkoar te kommen yn Piershiem. Op in hiele goede dei trof it dat it kasteleinspear harren safolste brulloftsdei fierden en omdat dizze mannen ek wol hast ta de famylje rekkene wurde koenen, waarden sy nûge om oan te skikken. It waard in skitterjend feest, benammen omdat dizze kear de slokjes hielendal net nei koper smakken. Frijwat optein sette de stoet wat letter as oars op Akkrum ta en nei in skoftke waard it stiller yn de ploech. It swaaien nei boerefammen ûnderweis naam ôf en sommige figueren dûkten mear en mear ynelkoar. De eliksers fan Bachus en it útsicht op in twa pear dynjende hynstebillen wienen goede helpers fan Klaas Vaak. Doch slagge it de kolonne de thúsbasis te berikken, foaral omdat de hynders it paad wol dreame koenen.

Mar blinder by in lêste appèl by UT miste der in kombinaasje, it span Wieger ûntbruts. By goed neitinken wie der ien, dy ûntduts, dat Wieger him krekt foar de Kleef tsjinkaam wie, hy hie him mar amper ûntwike kind foar it postkantoar. Fuort waard in fytskoerier rjochting Aldeboarn stjoerd en lokkich helle dy de flechteling foar de Sminiawei yn. Sa’t it like, wie Wieger yn ‘e sliep sukkele, omwipt en hie hjirmei in hoart oan de leie jûn, wêr de hynders op reagearren troch in draai te meitsjen. Dit moat bard wêze op de Kleef, dêr wie reedlik romte. In minút letter en de hynders hienen by Jan Pasma foar de taap stien. Doe hawwe allegearre eigen stee mar wer opsocht, wêr mei it iten al op heit wachte wie.

Yn ien fan dy gefallen moast heit nei safolle konsumpsje earst de geit noch efkes ferstekke en gie nei it hjirfoar timmere trijehoekje fan planken oan de Boarn. Hy hie lang wurk, mar ja âldere mannen hawwe wolris wat muoite, mar no duorre it mem doch te lang, de soan waard der hinne stjoerd om avesaasje te befoarderjen. Mar heit sei dat hy noch net klear wie. De soan leaude it net, wêrop heit sei dat hy it noch druppen hearde en de soan lústere mei. Wis it dripte, mar it soe ek noch hiel lang drippen bliuwe, it kaam fan buorman syn dakgoate.

We soenen it oars net mear oer skytstuollen en al wat hjirmei sa deistich ferbûn is hawwe, mar Jehannes Bottema, de tontsjeheller, is al neamd as fiskstreuper mar hy komt fansels ek wol foar yn beropshalve ferhalen fan mominten dat hy of in kollega krekt syn wurk die op in stuit dat húske beset wie. Soks joech dan wat hinderlike sitewaasjes, mar men wie wat wend. Bekend is in ferhaal, dat de pream yn it Brêgegat lei en dat doe de tonne-opheller yn de pream wat útglied en in gjalp fan de ynhâld oer de hannen en it jak krige. Hy wosk alles mei wat feartswetter wer ôf en snjitte, by gebrek oan dweil of doek, it wetter fan de hannen goed ôf, ûnder kommentaar fan wat froulju dy’t alles op de wâl oanseagen. Of dit him no út de konsintraasje brocht is net bekend, mar hy sloech mei syn klomske fingers krekt op de izeren râne fan de pream. Dat jokke net en wat is dan de minsklike reaksje? Hy stuts de seare fingers yn ‘e mûle. It griisde de froulju oan… om de stumper. Dy tontsjes wienen ek in graach slepersartikel op âldjiersjûnen. Guon heiten spikeren sa’n jûn út foarsoarch it húske ticht of hellen de tonne yn ‘e hûs, mar dat wie dan fansels ek wer problematysk. Op Nijjiersdei moast men dan de buert ôfsykje om de “eigen” tonne. Minder moai wie, dat de grapmakkers de tonne skean tsjin de doar oansetten en dan kloppen of rôpen. Soks gie fansels te fier, mar wie bytiden in soarte wraaknimming.

Sneinsferfeling fan de jeugd koe ek wol it “húske” ta doel meitsje. Yn de stege fan de Buorren nei de Boarn, no tusken Sineesk restaurant en Snackbar stienen trije wentsjes. De papistehúskes wienen dat fan âlds, omdat dy earder beheard waarden troch roomske diakonij fan Jirnsum. Dêr koenen de inkelde roomske paupers fan Akkrum ûnderbrocht wurde. Letter binne dy oan oaren ferkocht. Yn it earste (33) wenne A.B. Waterlander, in man dy’t troch de Akkrumers as wat apart sjoen waard. Hy hie problemen mei syn sûnens en koe hjirtroch min wurk fine, syn frou kaam net út Fryslân en harren taal wie dêrtroch Nederlânsk en soks wie eigenwiis.

Der kaam in bysûnder lûd út in urnkelderke wêrfan de dekstien wat op side skood wie. Hoeden skode De Graaf de stien wat fierder en seach in sliepende stikelbaarch, dy’t snoarke as in grut keardel. Alhiel opluchte fage syn help him it swit fan de foarholle. Mar op in moarntiid wie it wat oars. Waterlander kaam “mijnheer De Graaf, mijn superieur” sa as hy him altyd betitele, ûntdien yn ‘e mjitte, wizend nei it fierste part fan it begraafplak. De Graaf rûn mei, no ja, rûn yn de oanwiisde rjochting en A.B. skytskoarre der wat efteroan. A.B. wurke gauris in pear moanne by de gemeente, dy’t dat sa regele om syn útkearing foar in skoft wer feilich te stellen. It wurkplak wie dan ien fan de beide begraafplakken, dat oan de Boarnsterdyk of it hôf by Nes. De gemeente hie yn dy tiid de minsken dy’t in grêfstien pleatse woenen ferplichte it ûnderhâld dêr fan by de gemeente ôf te keapjen. It skrobjen fan de stienen wie benammen it wurk wat oan A.B. opdroegen waard. De Graaf, grêf doller, ferve dan letter de opskriften by mei in koark, dipt yn swarte ferve. As A.B. oan it skrobjen wie, koe men soks op de dyk hast wol hearre, sa pûste hy by dit wurk.

In neef fan him, C. Waterlander, wurke by de gemeente as kantonnier fan Akkrum,, mar dêr koe hy ek net bot mei oerwei, of dy net mei him. Dy neef hie trouwens ek syn eigenaardichheden. As de ploech gemeente-arbeiders mei it jierlikse dyktarjen dwaande wie, namen de mannen foar it middeis iten in brochje mei, omdat nei hûs fytse nei Boarn as Eagmaryp te folle tiid ferge. Mar as men tichte by hûs wie, dan iet men dêr gau in waarme hap. Sa net freon C.W., foar him wie dyktarjen konsekwint “op stik”. Men seach him wolris mei it bôlepûdsje in heal oere yn de berm sitten fan de Boarnsterdyk by de Stringen, skean tsjinoer syn hûs oan de Griene Eker.

Noch efkes werom nei A.B., it woe dat hy, op in snein te middei yn de 30’er jierren nei it húske op it ein fan de stege op de Boarnswâl gie en dat soks krekt sjoen waard troch wat opslûpen jongfolk, “hangjongeren” fan dy tiid. Dy seagen har kâns, hellen in line út in pream en dy waard mei in lus oer it húske smiten, oanlutsen en de doar koe net mear iepen. Doe gie it folkje oer de Boarn op ‘e Himmen sitten te wachtsjen. A.B. besocht de doar te iepenjen, mar dat woe net, want de line waard strak lutsen. It blykte, dat as de line oanlutsen waard it bouseltsje wat ferweegde en dat wie moai hoe ritmysker de line spande en ûntspande, hoe mear it húske hinne en wer swaaide en dat op de kant fan de Boarn. De finzene hat it útraasd en waard lokkich troch buorlju befrijd.

Wat in bulte Akkrumers foarby gien is, wie de grutte belangstelling en kunde fan A.B. foar stjerrekunde. Hy korrespondearre regelmjittich mei stjerrekundigen yn Utert en waard dêr as in kundich amateur op dit mêd behannele. By syn ferstjerren blykte, dat hy syn hûs oan in feriening foar it befoarderjen fan de stjerrekunde fermakke hie. Wierskynlik hie hy de hope, dat hjir in soarte fan stjerrekundich stipepunt ynrjochte wurde koe. It hûs is lykwols frij gau ferkocht, omdat de feriening der mei yn ‘e mage siet.

Litte we by dit “húskeferhaal” mar oanslute mei wat te fertellen oer de organisaasje fan de “reiniging” yn it doarp. Bûten it doarp wie safolle romte, dêr koe min syn eigen oplossing wol bewurkje. In bulte ôffal hie men ek net, plastic ferpakkingen koe men noch net en sawat alle saken waarden los oanbean en yn winske parten ôfwoegen yn pûden of meinommen kannen en bussen. Foarferpakke die men net sa as no en pûden waarden ek gauris foar werbrûken opsparre. Hiel wat spul gie ek de kachel yn, dan hie men der ek noch wat waarmte fan. De net ferbaarnde resten belânen yn it kachelslaad en letter yn de jiske-amer, tagelyk mei wat net te ferbaarnen stoffen as ierpelskilen en soks. Ien kear yn de wike kaam in gemeente man mei in optimmere hânkarre lâns om de by de dyk steande jiske-amers te leegjen. As de karre fol wie waard dy yn de pream lege en nei it stoartplak, it jiskelân, brocht wer men it yn in kûle stoarte. Yn de selde kûle lege men ek de ophelle húsketontsjes en as dy kûle fol wie liet men de mingde massa in jier rêste sadat it in wat fêste substânsje wurden wie. It focht sipele yn de ûndergrûn fuort. Dan kaam der in skipper, dy’t sa’n kûle foar in 100 gûne fan de gemeente kocht, yn syn skip lade en meast yn Hollân ferkocht oan blombolletelers.

Dat jiskelân lei oer de Boarn efter it bûterfabryk, op it plak wêr no de A 32 begjint nei ûnderen te dûken nei it Leppa Akwadukt. Der stie in lyts wenninkje, wer oant ein 30er jierren in gemeenteman wenne, om tasicht op dizze weardefolle ynstelling te hâlden. Yn dizze tiid hear jo wol opmerkingen as: “Wat hat dat raar wurk west!”. Dan is it wol in moai idee, dat de beide mannen op de foto by de pream 93 en 101 jier wurden binne. Doch wol sûn wurk blykber en dizze mannen hawwe de kantsjes der echt net ôfrûn. De man op de wâl, Sikke Hempenius kaam út in skipperslaach en tsjin syn manoeuvrearjen fan de pream mei syn kloet, koe frijwol nimmen op.

In kear driigde yn in boerepolder ûnder Terkaple in dyk fan de Poel troch te brekken. It boerefolk wie optrommele om de dyk mei sânsekken te fersterkjen, dizze moasten mei in pear skouwen troch sleatten fan de sânauto’s op de wei oanfierd wurde. Twa skippers krigen de kloet, in gewoepste Terkappelster boer en Sikke. De boer seach skean nei ûnderen en sei: “Moat dat knyn it dwaan?”. In goed oere letter smiet hy de kloet del: “Ik jou it oer, dêr is net tsjin te skowen. Jo binne my de baas”. Sikke hat wat gnyske.

Doch hie Jan Publyk net safolle op mei de wurk krêft fan it folk fan gemeentewurken. De letters op de pet fan de mannen GW waard útlein as “gau wurch” en bin mar ferfongen troch it gemeentewapen. In man dy’t ek net sa’n hege pet op hie fan dy gemeentewurkers, wie Hessel van der Leen, dy’t in boekhâldburo hie op it Leechein, mar hy wenne op it Heechein. Neffens Van der Leen fûn men de echte wurkers ûnder de middenstanders en harren folk en op de boerepleatsen. Op in moarn seach hy immen yn it plantsoen by de tsjerke mei in seine stean te meanen, om healwei seizen!!! Hy skeat yn syn jaske, de doar út en op ‘e man ta. Wat hy dêr die en werom. No ja, moarns snijde dat drûge gers better en it wie noflik fris wurkjen. Die hy it foar de gemeente? Ja, wa wit hie de man geiten of skiep en meande hy dêr foar, soks koe men him noch foarstelle. “Ja ik bin by gemeentewurken en oars helje ik tonnen en jiske-amers op, mar dizze dei dogge we oare dingen”. “In gemeenteman moarns sa betiid oan it wurk. Man hjir ha Jo in sigaar”. Dy selde Wytse Wiersma wurke hast oant syn hûndertste noch mei de túnman fan Leppehiem. Doe’t hy efter yn de njoggentich syn heup bruts, waard er wer wat oplape en sa gau as er ridlik goed mei twa krukken út ’e fuotten koe, sette er ien oan kant en ferfong dy troch in skoffel. Hy liet it personiel fan Leppehiem ek wolris skrikke, by moai waarm waar fûn hy it noflik om langút yn it gersfjild foar de haadyngong te lizzen, Mar dan wie der al gau immen dy’t tocht dat him wat oerkaam wie.

No we it hawwe oer wurk wêr wy tsjintwurdich wol frjemd tsjinoan sjen soenen midden yn it doarp, kinne wy ek wol efkes stil stean by in bedriuw midden yn de Buorren. Hjir yn it “Hotel Zevenwouden” wie neist it hotel, kafee en feestseal, wie ek noch in ferneamd hynstedekstasjon festige. Sa krekt nei de oarloch wie de hynst Age, ien mei hiele goed papieren, mar wat letter yn 1966 wie der in berjocht, dat by de kampioenskeuring de hynst Hendrik, heit Nanne, fan J. Pasma fan Akkrum as tredde einige wie en oanmurken waard as in “dier met zeer goede manieren”. It hiele bedriuw spile him ôf op it besluten lizzend efterhiem, no part fan it parkearterre. De merjeklanten kamen troch de trochreed binnen en kamen sa op it efterhiem, wêr de sprong plak fûn. Hielendal gjin ynseminaasje, mar poere natuer.

Age wie neamd nei Age Wedman de stâlfeint fan Pasma, hy wenne oan it Leechein mei syn broer, dy’t in petroalje hannel hie. Age wie in golle fleurige man, nettsjinsteande dat hy tige dôf wie, ferstie hy hynders hiel goed en koe hy fan alles fan har gedaan krije. Hynst Age gie letter mei pensjoen, doe rûn hy gauris yn in stikje greide oan de Grytmanswei. Dat barde ek op in middei, dat in ploech straters fan de gemeente dy strjitte ûnder hannen naam. It wie efkes skoft en men draaide in shagje. Age seach mei de kop oer it stek nijsgjirrich ta. Sytze van der Heide wie klear en stuts gekjend syn pûdsje swiere shag nei de hynst ta, dy’t ta syn skrik mei in tonge haal it hiele pûdsje lege en smaaklik fuort kôge. It wie blykber wol in pittige hap, want efkes letter die Age neat oars as mei de snút wiid iepen te stean, as stie hy nei de siken te gapjen. It mealde Sytze raar yn it liif, benammen omdat syn maten der ek wakker fan bearden, foaral om him bang te meitsjen. Hy hat jûns noch in kear in slachje om makke om te sjen hoe it no wie. Mar Age wie it ynsidint sa it like al wer te boppen.

Sietze hie by dy maten wol de namme fan grapmakker. Hy wie noch mar krekt as los strjitmakker by de gemeente, doe’t hy op in moarn dat de direkteur op it wurk kaam, stean gie, de hannen ôfkloppe en op de baas ta stapte. De hân útstekkend sei hy: “No mar lokwinske!”. Van der Leest hat him nuver oansjoen en Sietze ferfolge: “Ja der stie juster yn de krante, Van der Leest koning op de kaatspartij in Marsum”. De direkteur hat de skouders ophelle.

Letter in kear wie it in hjitte simmerske dei en lei de stratersploech op de Terhernsterdyk. Doe pakte Sietze syn jas en luts dy oan en gie wer oan it wurk. Der kamen in pear jonge froulju oan op ‘e fyts mei reade hollen en hiel lichte wat iepen blûskes. Sietze gie stean en begûn te hânbûtsen (himsels mei útsprate earmen tsjin it boarst slaan), de fammen seagen ferheard en Sietse sei: “Kâld no, kinne jimme de waarmte wat hâlde?”

Mei de tiden binne ek de beroppen yn it doarp gâns feroare. 7 bakkers en in koöperative bôlebesoarger, 6 winkelmannen, 4 slachters, likefolle grienteboeren en molkboeren kin ik my fan de earste jierren yn Akkrum noch sa yn it sin bringe. Doe’t myn beneaming by de gemeente yn de krante stien hie, krige ik yn Holwert yn brievekaart (4 sinten) fan bakker Bouma fan Nes, oft wy klant by him wurde woenen, myn Beppe hie ek jierren in tefreden klant fan him west, dielde hy as oanbefelling mei.

Doe’t wy noch gjin twa moanne hjir wennen brocht ik in skoech om in nije hakke nei skuonmakker De Vries yn de Buorren. Lit no de selde jûn yn de krante stean, dat in tydlik tekener fan Utingeradiel in oanstelling krige hie by in arsjitekt yn Ljouwert. Oare moarns betiid stie De Vries bij ús wenarke, hakke klear en de hân op om jild: “Jo gean wer fuort no?”. Hy wie nochal rimpen hearden wy letter.

We litte al dizze beropsútoefeners no mar, al wienen der hjir fansels ek de gebrûklike ferhalen yn omloop oer ferversfeinten dy’t nei kollega’s stjoerd waren om de plintljedder te lienen, boerefeintsjes om in golleskjirre by de buorman,of bakkersfeinten dy’t in koekeskjirre helje moasten of in kuorke mei gleone koalen nei in bakker oan de oare ein fan it doarp bringe moasten omdat dêr de oven út gien wie. By in rippetysje fan it toaniel krimmenearen de beide fervers Jehannes Bakker en Evert van der Meer der oer, dat harren froulju beide klagen dat ferversputsjes by harren thús al mar wer útsteld waarden foar klantewurk. Sy kamen oerien by elkoar sa’n thús putsje te dwaan, sadat de froulju net mear te kleien hienen. No dat foel by de dames ek net goed, mar dy koenen harren mannen wol.

Oer it toaniel binne der yn Akkrum ek in bulte ferhalen yn ‘e omloop. Mei ús eigen toaniel eftergrûn, ploften wy hjir fansels midden yn. Der wie in ploech, dy’t foar de útfieringen fan it korps “Harmonie” in stik yn studearre en hjirtroch waarden we al gau benadere. Dan kaam der yn it begjinjier ek noch in jubileum fan de Gehielûnthâlding oerhinne, mei in stik skreaun troch Merten Bakker. Fierder hie it personiel fan de Bûterfabryk in toanielploech, krekt as dat fan de FCE. Sa no en dan waard ek troch de bewenners fan de Leppedyk, foar in buertjûn in stik opfierd. Al dizze groepen fisken frijwat yn de selde fiver en doe’t de FCE ticht gie, waard yn 1964 besletten in selsstannich Akkrumer Toaniel op te rjochtsjen, dat Harmonie en Folksfermaken betsjinne en ek wolris wat foar in personielsferiening die.

It earste ferhaal, dat we yn geuren en kleuren te hearen krigen, wie de konfrontaasje yn it stik, “Hurde Koppen”, tusken de sûfleur Doede Langeraap en de spiler Anne Kleefstra as húsfeint, dy’t stikem in slokje priuwt út de baas syn foarrie. It wie frij yn it begjin fan it stik en Anne hie fan it earste slokje efkes nipt en sit tige wurdearjend te knikken en him op in twadde nip ta te rieden. It boekje joech him de tekst:”It smakket bêst”. Mar hy folstie mei in tige wurdearjende mimyk en sette dit ta plezier fan de taskôgers wol in pear minuten sa troch. Doede, yn de sûffleursbak siet mar op dy tekst te wachtsjen, hy hie it al twa kear sein en tocht dat Anne de tekst kwyt wie en sei doe sa lûd dat de hiele seal it hearde: “It smakket goed… suffert”. Anne knikte minlik nei de soufleursbak, sei freonlik: “It smakket goed… suffert” en dronk it gleske leech ûnder applaus fan de seal. It is net wer goed kommen tusken Doede en Anne.

In pear jier nei it Akkrumer Toaniel oprjochte wie, fûnen wy dat it ek wol de muoite wurdich wie om mei te dwaan oan de Fryske toanielkriich. We setten útein mei in stik, dat nei in wike as wat repetearjen ús ta de hals úthong. We woenen wat oars, mar de ôfspraak foar de útfiering begjin jannewaris foar de Harmonie lei as fêst. Doe wie der in stik, dat de measte leden wolris by in oare feriening spile hienen. Hast foar elke rol wie wol in spiler te finen, dy’t net folle hoegde te learen. It gie oan en dan ek mar foar de kriich. It slagge sa, dat de karmasters, wêr ûnder de âld Akkrumer postman Anne van der Mark, út de skroeven wienen en it “begjinners” ploechje it heechste tal punten út de hiele kriich takenden. We kamen mei-ien yn de eareklasse. Sneu foar Grou, dat wol de heechste wie yn dy eareklasse, mar net fan Fryslân. Ien fan ús spilers hat doe in stikje yn Frisia skreaun, mei de treastende wurden, dat der trije âld Grousters yn Akkrum meispilen.

Ek in kear waard der by kafee Jager spile en die der in wat âldere dame mei, dy’t alhiel lang hast smeekt hie om in lyts roltsje. Sy wie ien fan de Hylkema’s en hie yn har, neffens eigen sizzen wylde jonge jierren, yn Brussel yn de hoareka wurke. Letter, werom yn Akkrum troude sy mei Katrinus Steegstra en wenne oan de Grytmanswei by it stasjon. Goed it gie oan en de meispilers seagen mei eangst foarút nei de opfiering. It waard in daverjend sukses. Fuort by it earste opkommen seach sy har buorjonges, de bruorren Hans en Wim Anker op de twadde rij sitten, sy bûgde foaroer nei de seal en wiuw nei dit spesjale publyk, dy’t gol hantsje klapten. Doe betocht sy har efkes en begûn mei har rol(tsje). By it twadde opkommen gie it efkes goed en doe stûke it. Sy betocht har, mar krige de guit net te pakken, wol realisearre sy har ynienen, dat de ynstekker alle war die om har de tekst ta te roppen. Sy draaide har efkes nei de seal en sei: “Ik bin der efkes ôf hear”, rûn nei Hindrik de Graaf ta, de ynstekker en frege:”Wat seine Jo?”. De Graaf herhelle it en stuts om alles yn it spoar te krijen it boekje tusken de skermen troch sadat sy it ek noch lêze koe. Mei in betankje makke sy har wurk dien. Lokkich hoegde der net wer spile te wurden.

Der binne fansels folle mear soksoarte foarfallen op it toaniel west, mar dizze beide hellen it algemiene doarpspraat. It korps Harmonie siet ek fol mei ferhalen, mar dy binne al beskreaun by it 100 jierrich bestean, al dûkt der sa no en dan wol ‘ris wer wat op, wat my ûnbekend wie. Sa fertelde Tseard Epema, dat hy earst trommelslagger wie by de JVO (de Jongeren Voor Onthouding) en dat hy trommeljend op de Boarnsterdyk rûn te oefenjen. Dat seach Doede Langeraap, stoker op it Gasfabryk en dy helle him oer ek by de Harmonie te kommen. Dêr moast hy tegearre mei Broer Pasveer by optochten foarop rinne en dan hie Broer der aardichheid oan om op de heale maat te trommeljen, wylst Tseard syn bêst die op de hele maat. Sy kreauden der dan oer oant Jehannes Bakker syn nocht hie de stokken pakte en dy dwerstroch bruts en har nei de kop smiet.

Akkrum hat no de namme in tige ienriedich doarp te wêzen, mar doe’t wy hjir kamen warskôgen kenners fan it doarp ús foar de fjirtjin stannen en groepen. De ienichsten dy’t frij ienriedich wienen, wiene de bern fan de Nuts Bewarskoalle, âlder as 5 sloech de spjalt ta. Fansels kaam soks troch it ferskil fan skoallen, de “christelijke” en de “iepenbiere”. Mar by de lêste makke it wol út, dat der ien it westen fan it doarp betsjinne en de oare it easten. Dy waard ek wol as Neskerskoalle betitele en “bekearde” him ta it Frysk. Om dy lêste op peil hâlde te kinnen, waard de skoallegrins soms oer it spoar nei it westen ta ferlein. Dat waard net troch allegearre sa op priis steld. Der bestie ek noch in soarte fan ûnderskie tusken Akkrumers en “dy” oer it Spoar.

Neist de opdieling yn “east en west” en fierder yn “grau en fyn”, leinen der grinzen tusken readen(sosjalisten) en oaren, blauwen(drankbestriders} en oaren, mei noch in tusken groep fan reade blauwen. Dan wie der de notabele groep winkellju en dy fan de hegere funksjes as dokter en direkteur, of fan it middenkader fan de gruttere bedriuwen en fan alles wat der oerbliuw. Boeren as groep waarden yn Akkrum minder faak neamd as yn Aldeboarn dêr’t de boeren sterk dielnamen oan doarpsbestjoeren.

In wat apart fenomeen, wat net sa konkreet te omskriuwen wie, wienen de minsken dy’t sa rûn 1920/30 fan de lege bouprizen gebrûk makke hienen, om reedlik royale wenten te bouwen. Ljouwerterdyk en Boarnsterdyk jilden as foarbylden. Dy wennen dan op de “houten hammenbuert”. De wente hie doch safolle koste, dat der gjin jild wie om sneins in grut stik fleis op tafel te setten en dêrom folstie men mei in keunstige imitaasje fan in stik hout yn de foarm fan in ham, troch de doarpsferver moai realistysk beskildere. Dit is my altyd foarkommen as in oerdriuwsel út it rânestêdgebiet, wer dizze omskriuwing yn de groeiplakken rûn Den Haach ek gauris foar kaam. Mar it jout wol oan, dat men hjir gau klear like te wêzen om immen in groepsetiket op te plakken, sa gau as men in wat ôfwikende klontering yn tinken miende te konstatearjen.

Hiel dúdlik wie dit it gefal mei “de Van Woerdens”, in famylje namme dy’t ta groepsnamme promovearre wie, mar wol oars as men ek mei yn minder beladen foarm “de Koopmantsjes” en ek wol de “Hylkema’s” dien hie. Cornelis B.van Woerden (1860), wie yn 1882 mei syn jonge frou nei Akkrum kommen út Delft, om tegearre mei in freon/kompanjon C.B. van Woerden yn syn jonge jierren, Stoorvogel de lynoaljeparserij oan de Leppedyk oer te nimmen. It aventoer mislearre, de kompanjon ferdwûn, mar Cornelis skeakele oer nei tsiis en slagge der yn om yn dat produkt in saak fan belang op te bouwen.

Nei in pear jier krige hy mear en mear belangstelling foar de saken fan it leauwe, sa as dy yn Herfoarme kringen spilen yn dy tiden. Syn mem liket hjir yn ek in grutte rol ferfolle te hawwen, mar benammen it beroppen fan in tige rjochtsinnich dûmny yn Aldeboarn, joech in hiele swaai oan syn libben. Hy en dûmny Evert Jan Homoet koenen it tige fine. De losse libbenswize fan Boarnsters en Akkrumers, mei kafeebesite en merke op Snein, spotte mei harren tinken en de twa besletten der wat oan te dwaan. Homoet gie der yn syn preken mei klam op yn en Cornelis van Woerden liet in traktaatsje mei in selde soart ynhâld drukke en yn Akkrum ferspriede. It wie oalje op it fjoer, yn febrewaris 1887, mei de fiering fan de Kening syn jierdei, waarden yn Boarn ruten ynsmiten by oanhingers fan de dûmny. Yn Akkrum setten guon in draaioargel by de Van Woerdens foar de doar en in pear dagen letter waarden de bedrigingen mei de dea sa near, dat beide húshâldingen foar de nacht op ‘e flecht gienen nei kunde op it Fean. Doe saksearre alles wer wat, de dûmny socht in oar stânplak en de famylje Cornelis van Woerden rekke mear en mear fan it Akkrumer doarpslibben isolearre. Cornelis en de frou kamen net mear yn tsjerke. Omdat de bern net yninte waarden op grûn fan harren prinsipes, krigen dy gjin pokkebriefke en mochten net talitten wurde op de skoalle. Dit betsjutte thús ûnderwiis en in skoft lang sels in eigen skoaltsje. Sa’n sitewaasje ropt fansels om gerûs yn in doarp en dêr wienen dan ek wer de ferhalen.

In pear hjirfan kin ik wol mei neame. Yn de jierren ’30 bestie de direksje fan de tsiishandel út trije man, Cornelis sr., Pieter en Cornelis jr. Der wie wol wat rivaliteit tusken de trije, benammen tusken de junioaren. Op freed wie it beursdei en gienen alle trije nei Ljouwert. Op sa’n freedtemoarn kaam Tsjalke Pasveer, nammers syn baas en sweager in nije auto ôfleverjen, in Citroën. Cornelis jr. hie krekt de direksjeauto klear set en naam de kaaien fan Tsjalke oan en brocht syn spullen deryn, om as in foarst nei de beurs te riden. Mar doe kamen syn heit en broer en woenen de nijkeap ek besjen en besluten, dat hja hjirmei reizgje soenen. Cornelis junior mocht syn spul wer oerlade en mei de âlde wein nei Ljouwert. Protteljend foldie hy oan de winsk fan syn heit, de haaddirekteur en sette fuort. In kertier letter soenen ek de oare beide fuort, mar . . .  hoe te starten? . . . wer wienen de kaaikes? . . . yn de bûse fan Cor jr.!!!

Yn oarlochstiid wie de benzine nedich foar de frachtauto’s en moasten de direksje leden har rêde mei de trein. Ek wer op in freed siet Cor jr. yn de middeistrein fanôf Ljouwert mei in ploechje mannen út de féhandel, dy’t hertstochtelik sieten te kaart spyljen. It wie foar Cor in griis om oan te sjen en nei in skoftsje koe hy him net mear stil hâlde. Hy stuts ta de oaren har ferbjustering in felle preek ôf oer it te fersmiten spul mei dy smoarge kaarten. De mannen wienen der stil fan, doe helle de man dy’t in bytsje as lieder oandie it spul kaarten byelkoar sprate dy wat út en beseach se nochris, eart hy it pak wer byelkoar tearde. “Menhear hat gelyk”, sei hy. “It is in smoarch spultsje. Ik doch Jo in foarstel. Ik smyt dy kaarten ta it finster út, mar dan dogge Jo dat mei dy smoarge piip mei eigenboutabak. Dy ferpest de lucht hjir”. Cor syn mûle foel hast iepen, mar hy gie fuort akkoard. It finster gie iepen, de kaarten dwarrelen tusken de trieden oan de telegraafpeallen troch en de swiere piip plofte yn de spoarsleat. Tefreden gie elts wer sitten en doe sei de lieder: ”Klaas do hast noch wol in nij spul net?” Dat hie Klaas en mei wille gie it spul mei skjinne kaarten wer útein.

Underwilens wie it tsiisbedriuw fan Van Woerden in stevich ekonomysk bolwurk yn Akkrum, dat gâns folk bestean bea. Mar spitich hat ek dit bedriuw it sa stadichoan oerjaan moatten, krekt as FCE, UTD en de bûterfabryk. Foarmen de “Van Woerdens” in hiel apart steande tsjerklike groep, soks hie Akkrum wol earder meimakke. Om in rike keapman-boer, Gerrit Sines, fan ôfkomst menist, is om 1750 hinne in Hernhuttergemeente ûntstien. Ek dizzen gienen mear út fan in neffens har suverder leauwe en soberder libben. Gerrit syn pakesizer Suster Sines wie dejinge dy’t oan de mem fan Suster van der Vegt har besit neiliet en sa winliken oan de basis fan Welgelegen stie. De Hernhuttters dienen in bult oan sinding yn Suriname. Dat barde fanút Zeist en op in âld kaartsje fan harren tsjerkje op ’e Kleef, sjogge wy de oanset fan de Feansterdyk oanjûn as de rjochting nei de Lemmer, wat foar harren de ferbining wie oer de Sudersee nei Zeist. Dat tsjerkje waard letter nochris de Nuts-bibleteek en stie op de westlike helte fan wat no kafee De Kleef is.

De namme Kleef is ôflaat fan it wurd kliuwe, yn twaën spjalte en betsjut dus yn feite twasprong, de wei nei Boar en de wei nei de Jouwer. Dat earste ein Feansterdyk, oan de grins mei Haskerlân ta en dan nei Nije Skou wie yn 1723 oanlein, oer it Deel kaam in pont oer, dy’t troch de boer fan de pleats dy’t hjir boud waard betsjinne wurde moast. Sa’n pont neamde men hjir in skou en sa ien wie der ek al yn de wei nei Jirnsum, dat waard dus de Âlde Skou en dy oer it Deel de Nije Skou. Dy pleats by Nije Skou wie, wurdt sein, de earste stjelppleats fan Fryslân, tige modern dus. Mar begjin 50er jierren, gie ek de pont troch de gefolgen fan modernisaasje fan de lânbou- bedriuwsfiering ferlern, der wie yn de personielsbesetting fan sa’n pleats gjin romte mear in pont te betsjinjen. De boer hâlde dêr mei op, de pont bliuw der allinne mar foar eigen gebrûk. It ûntbrekken fan dizze ferbining gie de boagemasters oan it hert en mei deboer waard ôfpraat, dat de pont brûkt wurde mocht as de gemeenten foar in betsjinner soargen en foar it daagliks ûnderhâld stienen. Sa is de Nije Skou der dochs wer werom kommen. Yn 1958 gie it los en fungearret yn simmermoannen folop.

As earste betsjinner waard in boer oansteld, dy’t yn in ruilferkaveling útsaneard wie en noch wol wat om hannen hawwe woe en wat oanspraak. No de pont soarge wol foar oanspraak, personiel fan DE of UTD, dy’t harren route nei it wurk sa aardich ynkoarte koenen, de feearts en de dokter en fansels frijetiid fytsers. Hy rekke fan fanalles op’e hichte en koe tige meilibje.

In hichtepunt wie dat feedokter Zerb in nije auto oantúgd hie, doe’t dy foar de earste kear op de pont kaam, streamde hy oer fan bewûndering en woe graach sa tsjinstfeardich mooglik oerkomme. Yn syn entûsjasme swaaide hy de slachboom iepen en nûge mei breed gebaar Zerb út syn reis nei Akkrum te ferfolgjen. Mar oh skrik, op it stuit dat de foartsjillen de fearstoep rekken, treaunen de eftertsjillen de pont de feart wer yn, ûnder de auto wei. It efterein fan de swiere auto klapte op de flap fan de pont en pont en auto sonken op de fearstoep. Yn alle reewilligens hie pontbaas fergetten de pont fêst te lizzen ear’t de slachboom omheech gie.

It oare jier kamen in pear âldskippers, Japik en Tiete Slof op de pont. Japik, in skraal mantsje, die it wurk en Tiete, folle grouwer, it praat. Meastentiids wie it krekt as waard der in toanielstikje opfierd. As je bellen, kaam Tiete al flot út de roef sjitten en rôp: “Ja mynhear, we komme der oan hear!”, om dan troch te gean nei syn broer ta, dy’t de hannen ôfwriuwend oan syn broek, der ek oan kaam, “Moatst opsjitte Japik, menhear moat oer, mynhear hat haast”. Prachtich fansels mar hy die gjin hantaast, ear’t Japik it ket losmakke hie, de tried spand en ree stie de pont mei it hout oer te lûken, dan die hy de boom ticht en sette him by de foarflap yn postuer om de wolkomspeech ôf te stekken. It rûn altyd goed, sa no en dan moast der fanút Akkrum in ferfanger komme, dan moasten sy te stimmen of sa, altyd mei har beiden, want ien fan harren koe hast net lêze. Ek wol gienen sy dan nei Jouster Merke, dan kamen de oare moarns wolris klachten, dat klanten sa lang wachtsje moasten. Mar op in moarn kaam der in telefoantsje op it gemeentehûs yn Akkrum. “Ja mynhear mei Tiete”. De namme hie hy net iens sizze hoecht, want it hege lûd koe men sa thús bringe. “Oh Slof, fertel it mar”. “No, mynhear, hoe moat it fan ’e middei mei de pont, ik moat fuort”. “Ja krekt, mar kin jo broer, Japik de pont net dwaan?” “Dat is it no krekt, mynhear, dy moat ik begrave!” Dan binne je stil. Tiete hat de pont noch allinne betsjinne oant 1968. It hûntsje sliepte dan faak by him en moarns seach syn blauwe skipperstrui wyt fan it hûnehier. Boargemaster Anker sei al in kear, doe’t hy werom kaam fan de Jouwer: “Nu weet ik werkelijk niet of Slof me heeft overgezet of zijn hond”.

De grutte brân fan Akkrum bruts út op de middei fan 16 july 1945, yn de pleats fan Fokke Aukes de Jong, oan de westkant fan de Polsleat, krekt oer it houten brechje oan de ein fan de Skoallestrjitte, no Leechein. Wierskynlik, sei de krante, in gefal fan heabroei en mei in strakke wyn helle it fjoer ferwoastjend oan, skuorre en hûs gienen der oan. Mei in restant fan it bûthús koe letter noch wer in needstâl foarme wurde, mar troch de hjittestrieling fan it fjoer rekke oan de oare kant fan de Polsleat in âlde houten skuorre fan de fuormanderij fan Jeeninga en syn skoansoan Bosma yn ‘e brân en dat fjoer sloech wer oer de âld Trigreppel, dy’t dêr doe noch trochrûn efter de hiemen fan de bebouwing oan de Buorren oan de Feansterdyk ta, en sette it hûs fan de frachtriderij en it dak fan it reedfabryk yn flammen. In totale ramp foar dat part fan Akkrum drige, oan de Buorren begûnen de minsken al har besittingen yn feilichheid te bringen mei skoukes nei de oare kant fan de Boarn, nei de Himmen. Benammen doe’t de goaten oan de efterkant fan Hotel Zevenwouden ek al fjoer fetten, wie men bang dat in hiel stik oan de Buorren proai fan it fjoer wurde soe. Tafrielen moatte der west hawwe by it ûntromjen fan de hotelkeamers. Minsken dy’t guod nei de finsters tôgen en folk dat ûnder stie te heinen om it troch de Wetterstege nei de Boarnskant te bringen. Grutte waskkannen en skalen sweefden op de kreet “Fange” nei ûnderen en de smiter oertsjûge him net altyd of der wol immen klear stie om te fangen. Der foelen noch al wat diggels, as de skalen, krekt as parten fan Jan Pasma syn boekhâlding, frij it finster út sweefden.

 By dit alles kaam, dat de gemeente frijwol gjin brânspuitmateriaal ynsette koe. Yn de oarloch wie nije brânspuitauto, dy’t yn de 30er jierren oanskaft wie troch de Dútsers foardere en Akkrumers dy’t yn de oarloch troch de besetters yn Dútsklân oan it wurk set wienen, hienen by loftoanfallen op Kassel harren spuit, mei noch de namme Akkrum der op útrukken sjoen. UT en de Kanadezen dy’t yn it doarp legere wienen setten spuiten yn en nei in skoftsje kaam fersterking út it Fean en Ljouwert. Sa bleau it doarp doch sparre foar in folsleine ramp.

Koart hjirnei krige de frijwillige brânwar fan Akkrum de beskikking oer in saneamde bellewein út de no oerstallige oarlochsreserves fan de Kanadezen, mei in oanhingspuit. Ek Boarn waard foarsjoen fan in oanhingspuit. Op sneon 10 maart 1956, waard de bellewein ferfongen troch in nije autospuit mei in foarboupomp en in hegedrukspuit. By it yn gebrûk nimmen knapte in koart âld eintsje slankje tusken pomp en ferdielstik, wylst kommandant Van der Leest der krekt boppe stie. It wetter gie ta de boksen yn en kaam der by de kraach wer út. De nije pet, dy’t er krekt oan it hiele korps útrikt hie dreau midden yn de Polsleat. De bellewein gie nei Boarn, wat wol wat skeane gesichten joech, want de Boarnsters fertsjintwurdigen Utingeradiel alle jierren mei goed gefolch op de brânwarwedstriden. Dy ploech waard sels in kear lânskampioen yn de frijwillige klasse. Dus wol sneu dat it grutte nije spul nei Akkrum gie. Mar fan no ôf mochten sy yn de wedstriid de nije spuit brûke.

   Oer in brân is altyd wol wat te fertellen. Sa as myn earste erfaring as spuitgast. Ein july 1955 bruts let yn de jûn brân út yn it boerespultsje, dat bekend stie as “Spûkmûne”, oan de Feansterdyk. Ik krige opdracht om mei ûnderbrânmaster Ulke Weenings in slang efterom nei de westkant fan de heaberch te bringen. Doe’t we dêr hast wienen dûkte út tsjuster in figuer op, brânmaster Yme Schilstra. Hy frege wat we soenen en ik sei dat en foege hjir oan ta, dat der in smoarge skytsleat efter lâns rûn. “Dat wit ik”, sei Yme, “Ik kom dêr krekt út” en hy ferdwûn nei hûs.

In oar brânferhaal spilet by Ald Skou, tsjinoer de Gasthúspleats stean al jierren in pear behindige húskes en dêr wennen om 1930 hinne neffens it doarpspraat Knypstra en Velkers. Op in mistige moarn stapte Velkers bûtendoar en it rûkte frjemd. Hy snúfde nochris goed en rôp: “Brân, by Knypstra stiet it yn ‘e brân”. Komt der in stim út de mist: “Hâldt dy de bek, it wol noch net lûke”. Goed in jier letter baarnt der op Aalsum tsjinoer Ald Skou yn de middei in pleats ôf. Der hie moarns in fikse tongerbui west. In pear dagen letter komt Knypstra yn it doarp de boer fan dy pleats tsjin en seit: ”Dus Buorman, Jo hienen it ek mar besocht!”

Ald Skou en brân leverje noch wol mear frjemde ferhalen. Op in kâlde sneintemoarn yn jannewaris, bellet boargemaster Van der Bent, fan Raarderhim, my op en fertelt dat der brân útbrutsen is op in grutte kruser op ien fan de werven oan de Jirnsumer kant fan Ald Skou. “No dan blusse jimme dat doch” wie myn antwurd. It werwurd wie hiel ferrassend. “Wij hebben hem losgemaakt en de wind dreef de boot naar de oostoever, daar brandt hij nog en dat is Utingeradeel”. Ja dat is ek in manier om fan it blussen ôf te kommen. Sy sille wol tocht ha, wy kinne dêr mei de spuit net komme en de Akkrumers hawwe in draachber spuitsje om yn in skou te setten.

Dit wienen “aardige” brânferhalen, mar somtiden wie it fansels folle slimmer. Op in mistige jûn yn de winter fan 1961 op 1962 stoppe tsjin in oere as tsien in auto by de garaazje fan Fennema op de Kleef. Hy kaam fan it suden en it like him ta dat dêr krekt oan de Akkrumer kant fan de oerwei fan it spoar ûnder de dyk wat baarnde. No by Fennema siet ien fan de punten om de alarmbellen yn te skeakeljen. Yn in sucht stie de autospuit foar en wie sawat it hiele korps paraat.

It blykte, dat it baarnde yn in sânsûger, dy’t brûkt wie by de oanlis fan de nije rykswei en no, by de ôffier nei it Deel, klem rekke wie ûnder it fêste brechje dat dêr yn de wei siet. It baggerpersoneel hie besocht in stik fan de boppebou fuort te snijen, mar wie net klear kommen en hie it mei it fallen fan de jûn mar sa litten oan de oare dei. Blykber wienen mei it snijen fonken yn wat fette fodden of sa kommen en sa wie âlde oalje yn brân rekke. Mei in bulte gewrot, hegedrukstrielen en poeierblussers slagge it om it fjoer út te krijen. Mar doe’t de ordonans nei de autospuit rûn, seach hy, dat de pompbetsjinner/sjaufeur Wybren Fennema tsjin de spuit oan ynmekoar sakke wie. Syn omkesizzer, dy’t ek yn de ploech siet hat him fuort nei dokter brocht, dy’t in hertoanfal konstatearre. Wybren is wol wer wat opknapt, mar hat net wer wurke. Nei syn ferstjerren in goed jier letter, hat de brânwar it eare-eskorte foarme dat him bûten Akkrum begeliede.

Wybren Fennema.

De dramatyske útrinner fan alles wie fansels de brân op de lêste oktoberdei fan 1963, troch in ynbrekker oanstutsen, om de moard op boerinne Fetsje Peanstra-Vellinga te ferbergjen. Hy moat har yn in soarte fan panyk wurge hawwe, omdat sy him koe. It ferhaal gie, dat hy doe ynspirearre wie troch in útstjoering fan in Dútske film op de televyzje, de Shawl, en besleat dit mei brân te ferbergjen. De brân yn de skuorre waard gau opmurken en it lichem fan de frou yn it foarhûs troch de brânwar fûn, mar op reanimaasje wie doe al gjin kâns mear.

35 jier earder wie Akkrum ek opskrille troch in grousume moard. Op in Pinksterdei yn 1928, wie in spantsje ûnderweis nei hûs fan de merke op It Fean. It bûtere net mear tusken harren, sy woe it winliken útmeitsje, hy wie lilk en gie oan it bier, wat ferkeard foel want hy waard agressyf en helle by Ald Skou ynienen in mes út ‘e bûse en stuts op har yn. It 18-jierrige fanke, Ynskje Speerstra út Sybrandebuorren, siigde yn de berm ynmekoar bliedend út mear as 20 messtekken ear’t de feint fan har suster Hinke, tuskenbeide komme koe. Dizze Jacob de Jong en Hinke krigen ek halen mei it mes, mar wisten de feint yn de sleat te wurkjen dêr’t er besocht de hân oan him sels te slaan, mar hy waard ûntwapene. Lykwols moast de warskôge ryksfjildwachter Terpstra, konstatearje, dat Ynskje oan har wûnen ferstoarn wie.

Litte we it haadstik brân no mar ôfslute. In minne brân wie dy op Soarremoarre, dêr’t de pleats fan Jansma yn ‘e brân stie en we besochten it foarhûs te behâlden. Omdat we min by it wetter koenen, moast de spuit fan Boarn wetter leverje oan dy fan Akkrum en sa wienen der krap strielen beskikber. De pear dy’t de neist lizzende pleats fan Greidanus wiet hâlden wienen net foldwaande en dy pleats baarnde ek ôf.

In geregeld útrukobjekt wie it stoartplak fan de reinigingstsjinst, oan de N32 tsjinoer de fierste spoarwei-oergong súdlik fan Akkrum, dy’t no ferfallen is. Dat wie in sânwinput foar de oanlis fan de nije wei. No liket it in aardich boskje, mar jimme wolle net witte wat hjir allegearre yn ferdwûn is oan net selektearre bedriuwsôffal en hússmoargens. Sels is der fêst ien folsleine VW-kever yn ferdwûn. Dy boel stie geregeld yn ‘e brân, oanstutsen of broei, dat wie meast net nei te gean. Hinderlik wie it grutte tal rotten, dat opdûkte by sokke brânen. Jan de Jong hie in kear in moai stevich blusplak fûn, it dak fan de noch net hielendal fuortsonken VW-kever. Hy rôp: “Hjir krije de rotten gjin skrep op, ik hear se krassen mar se glide werom”.

Myn lêste brân as kommandant wie ek wat frjemd. It wie simmer 1976, oan de reed lâns de noardkant fan de Bokkumermar stie in pleats fan Miedema, wêrfan’t de wenromte yn it foarein ferhierd waard. Yn de iere moarntiid kaan der in brânalarm. By it naderjen fan dit objekt, foel ús op dat in aardich ein foar de pleats in grutte Amerikaanske auto ûnder kleden en seilen yn de berm stie. Oankommen yn de pleats seagen we, dat allinne yn de frij lege skuorre fjoer wie en wûnderlik genôch rûnen de bewenners kreas oanklaaid om en wie harren bêd en sliepkeamer netsjes opmakke. We hawwe de plysjes mar roppen. Letter blykte dat de frou in wente yn it doarp woe en har man oansette om de boel yn ‘e fik te stekken. Hy hat alles op him nommen, mar sy fertelde yn it doarp letter, dat dy kloat it net oan krije koe en dat sy doe de lusifers pakt hie en it wurk ôfmakke. In pear jier letter wie it in skoftsje myn efterbuorfrou yn ien fan de ferboude wentsje fan Sosjale Saken.

No nei dizze “brandende kwesties” bin ik earst aardich útpraat, faaks soe in echtere Akkrumer wol wat witte oer bynammen en sa, mar dêr weagje ik my mar net oan, want dan komme je gau op ferkeard spoar. Dêr koe ús ras-Akkrumer Jehannes Bakker fan meiprate. By de earste dia-jûnen fan Akkrum Ald en Nij, ein 50er jierren, seagen hy en syn broer Merten earst it publyk oer en bepaalden dan wat foar passaazjes better net sein wurde koenen. Dat is harren in kear raar opbrutsen, doe’t hja wat fertelden oer de besites fan in pear bepaalde doarpsfroulju oan it mienskiplike húske op it ein fan de stege. Oan de wurden “sa, klear” of “hèè hèè” wisten de buorlju of der in grutte of lytse boadskip dien wie. Mar doe in kear hienen hja in ûnderwilens ta jonge frou opgroeide beppesizzer fan ien, dy’t nei in oar doarp ferhuze wie, oer de kop sjoen. Dy skreaun in fûl stikje yn in krante en easke dat yn dy krante ek ekskuzen fan de sprekker komme soenen. Hawar dêr is it op útdraaid. Dêr draait dit epistel ek op út. Ik ha besocht de folksstim wer te jaan en besocht der gjin skerpe kanten oan sitte te litten.

J.C.

It âlde echtpear Pake en Beppe Klompmakker hawwe yn Coopersburg wenne. It neiteam ferteld dat Beppe, Pake syn gebit ris mei de ierappel- skilen yn de kachel gooid hie. Pake wie oan it jirpel skilen. Doe’t hy klear wie gie hy nei de keuken om syn hannen te waskjen. Beppe gooide yntiid, sa as sy dat altyd die, de skilen yn ‘e kachel. “Hast myn gebit der ek út helle” ? Dat wie net it gefal!. Doe hie pake net in gebit mear.


Fiten en anekdoates fan in âld wurknimmer fan N.S.A. (Nijdam).

Yn de Jierren sechstich fan de foarige iuw lei it skûtsje fan bregewipper Bonne-Aaltsje van der Berg op Nes. Yn de Sylroeden jonken de brêge, tsjinoer de wurkpleatsen fan N.S.A. Nijdam. In wurknimmer (Feike Hoekstra) moast mei de bus en oanhanger nei de foarmalige F.C.E om der hout foar de redens wei te heljen dat dêr opslein lei. Nijdam hie dêr noch in magasyn. Doe’t Feike wer werom wie by de saak en de bus stilsette, koppele hy de oanhanger los en ried dizze it hiem op nei de wurkpleats. Doe’t hy wer by de bus kaam, wie dizze langsum oan fuortrôle. Feike hie de bus net op ‘e hânrem setten. Dizze wie ta stilstân kaam tsjin it skûtsje fan Bonne Aaltsje. Dy leinen op dat stuit noch lekker yn bed te sliepen. Se wienen wol sa skrokken dat se lykbleek en yn harren nachtgewaad bûten stienen te sjen, hoe de bus tsjin harren skûtsje parkearre stie. Efterôf mankearre der neat oan it skûtsje, mar de bus fan Nijdam wie der slimmer oan ta.

Ek wie wer dyselde Feike Hoekstra dy’t ris ûnderweis om in party redens fuort te bringen, doe’t hy healwei stean bleau en nei it thúsfront N.S.A. belle dat de bus stil stean blean wie, en mei gjin mogelikheid mear oan woe. Doe waard der frege: “Hast der noch wol benzine yn”?? Doe bliek dat Feike gjin bensine mear yn ‘e bus siet.

In oar foarfal hie him foardien mei syn kollega Gerard Pap. Se wiene in dei mei de Nijdam ploech te fiskjen. Gerard Pap wie der ek by en hie mar gjin byt en fong dus ek mar neat. Hy fûn der neat mear oan. Doe waard hy mei in smoesje by syn angel wei roppen en bûnen syn kolegas stikum de wikselbeker oan de heak en gooiden disse wer it wetter yn. Doe’t Gerard wer by syn angel kaam en disse ophelle sei hy stotterjend “Ikkk…. hhhaw bbbyt” . . .  en helle de wikselbeker boppe wetter.


  • Ha jo sels noch in moaie anekdoate? Wy soene it hiel moai fine as jo it mei ús diele wolle. Folje dan ûndersteand formulier yn en klik op ‘Verstuur reactie’.
  • Heeft u zelf nog een mooie anekdote? Wij zouden het heel mooi vinden als u het met ons zou willen delen. Vul dan onderstaand formulier in en klik op ‘Verstuur reactie’.

Heeft U nog vragen, op- of aanmerkingen over dit onderwerp, of een ander onderwerp of heeft u nog iets dat u met ons wilt delen. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Spreekt ons werk u aan, en wilt u ons ondersteunen? Donateur worden kunt al vanaf €8,50 per jaar. Zo kunnen wij ons ‘werk’ blijven doen en kunnen andere bezoekers er ook weer van genieten. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Stiftingakkrumaldennij@gmail.com

 - 
Dutch
 - 
nl
English
 - 
en
French
 - 
fr
Frisian
 - 
fy
German
 - 
de
Portuguese
 - 
pt
Spanish
 - 
es
Ukrainian
 - 
uk