Andringa-state

Andringa-state

Vóór Welgelegen.

Tekening van Andringa-State te Akkrum door J. Stellingwerff uit 1722.

Boven: Een schilderij van Andringa-State zoals Klaes Posthuma het in gedachten had.

Artikel boven: © Wikipedia.

Tún mei slot en koepel. Stifting Welgelegen.

Heechein ûneven 3 o.m 23                                        C. ûneven 223 en 223 A o.m. 

Kad.1940 seksje A nr. 2289

Yn it Friesch Museum te Ljouwert komt ûnder de tekeningen, dy’t  J.J. Stellingwerff op oarder fan de Fryske Steaten makke hat, ek ien foar út 1722 fan in slotsje te Ackrum, mei de oantekening, dat dêr doe Jhr. Frederik van Sminia, Grietman fan Utingeradiel op wenne. It jout alhiel net de yndruk, dat wy hjir te dwaan ha mei it oerbliuwsel fan in stins; miskien hat hjir eartiids wol in stins stien, want yn de omkriten fan Akkrum ha yn ’e midsieuwen wol Fryske eallju wenne, mar dan sil dy stins al lang ferlyn ôfbrutsen wêze, om plak te meitsjen foar niisneamd slotsje.

Wy neame it by dizze namme, alhoewol ’t mear it oansjen fan in lânhûs hat en wat it eksterieur oangiet, estetysk net meunsterje kin tsjin oare fername lânhuzen.

It plak, wêr’t it stien hat, wie lykwols tige gaadlik; oan it Heechein, oan ‘e râne fan ‘t doarp en omseame fan in grutte tún, dy’t lykwols op de tekening weilitten is.

Op de gritenijkaart fan Schotanus fan 1693en dy fan Halma fan 1718 komt it slot ek foar, midden yn ‘e tún en foaroan tsjin de doarpsstrjitte, de âlde Slachtedyk, dy fan Aldeskou ôf dwers troch Akkrum hinne rûn nei ’t Easten ta. Op dy kaarten steane even fierder oan de Ljouwterdyk, sa’t wy dy no kenne, twa boerepleatsen oanjûn, wêrfan by de iene oantekene is: Vegelin- of Sminiastate. De foarhuzinge (Krompaed 2) hjirfan is noch yn wêzen en wurdt al jierrenlang bewenne troch Anne Hoekstra. Of dizze foarhuzinge datearret út de tiid fan Stellingweff stiet noch te besjen, want it kop-, hals,- romptype, wêrta dizze pleats, dy’t yn 1893 op de foarhuzinge nei ôfbarnde, hearde, wie doe yn ús provinsje noch alderminst wizânsje. Lykwols moatte wy ús even bezich hâlde mei de Sminiastate, omdat wy ferbân ferûnderstelle mei de tún en it slot.

Yn de Floreenkohieren fan 1708 wie as pleats ûnder N° 19 fan Akkrum as “Zathe en landen” ynskreaun mei as eigeneresse: Vrouwe G. H. van Dunewolt. Hja wie de widdo fan de adelike Poppe van Roorda, dy wy yn 1688 as eigner fine. Syn widdo ferkeapet de pleats in jiermannich letter oan de Riedshear by ’t Hof fan Fryslân Hecter Baerdt van Sminia. Oant 1830 ta bliuwt de sate eigendom fan de Sminia’s en sil dêrfan de namme “Sminia-state” wol ûntliend hawwe. Mar wer komt dan de namme “Vegelin-state” fandinne? Wy ha neat fine kinnen oer in eigendom fan in Vegelin v. Claerbergen.

Yn 1688 waard de Trigreppel útslatten en de kosten dêrfan waarden oer de lju, dy’t belang by dit wetter hienen, omlein. Dêrûnder kaam ek de niisneamde Poppe van Roorda foar de Sate en lannen N° 19 foar, mar ek: Jhr. Hessel Vegelin van Claerbergen, Grietman fan Utingeradiel “wegens desselfs bewoonde huijsinge, turf- en washuijs, stal en zingel, etc als aandeel in de kosten van slattinghe 6 Car. Guldens en 12 stuivers”. Wy witte dus, dat Jhr. Vegelin doe op it slotsje wenne en dat de pleats eigendom fan Van Roorda wie, mar letter oergyng yn hannen fan de Sminia’s. Ut it bistek fan ‘t slatwurk oan de Trigreppel en út boppeneamde beskriuwing blykt allinnich fan it bestean fan in “zingel” en net fan in haventsje. (Jacob Hettes-haventsje yn ‘e notiidske beneaming), mar op de Schotanuskaart is dit wetterke wol oanjûn.

Yn 1726 wurdt in omslach makke oer de kosten “van ’t  repareeren van de Stalte met het vloeren van een steenen pad over de rijdeweg tet de Stalte op het West of het Hoogend genaamt tet Ackrum, sijnde de gemeene opslag á 54.6.6.”.

En yn 1733 fynt plak: “de Slattinghe van de Driegreppel mitsgaders de nieuwe Haven ende de Zuijdoosterhaven tet Ackrum”. Yn dit bistek wurdt ek dúdlik oanjûn, dat de “nieuwe haven” (de”Zuijdoosterhaven” rûn út ‘e Trigreppel nei de Buorren, wêr’t no it Leechein is en wie folle âlder), slat wurde moat oan it stalt ta.

Meie wy hjirút opmeitsje, dat de “nieuwe haven” om 1700 hinne groeven is en dat it stalt oan it Heechein foar mienskiplik lossen en laden brûkt waard?

Wy keare werom nei Vegelin en Sminia, want mei of sûnder nije haven is noch net dúdlik makke, werom by Sminia-state op de Schotanuskaart oantekene stiet: “ook genaamt Vegelinstate”, want neffens ús hat Vegelin van Claerbergen neat mei de pleats te meitsjen en wenne yn 1688 allinnich as buorman op it slotsje. Wy hâlde ’t yn earste ynstânsje mar op in fersin fan Schotanus, hoewol ek yn in keapakte fan 1877 praat is fan lân fan “Sminia- of Vegelinstate”.

Yn ’t ferfolch sille wy ús no mar hâlde by it slotsje en de tún. Sa as sein, waard it bewenne troch Jhr. Hessel Vegelin van Claerbergen, dy’t doe grytman fan Utingeradiel wie. Yn 1689 wurdt hy opfolge troch Frederik van Sminia, miskien in broer fan de lettere eigner fan “Sminia-state”. Sawol Vegelin as Sminia joegen as grytman dus de foarkar oan Akkrum as residinsje boppe Aldeboarn, hoewol dat dochs haadplak fan de gritenij wie. No sil dat doe net sa swier woegen ha, want de doarpen wienen doe frij autonoom en hienen stik foar stik in eigen jierrekken: begrutting, ûntfangsten, útjeften, ensf. Dy stienen dus mear op harsels. Ûnder Vegelin en Sminia wenne de siktaris trouwens ek yn Akkrum.

Yn 1708 waarden de Floreenkohieren ynsteld en yn dat jier fine wy as eigner/ bewenner: Frederik van Sminia mei in oanslach fan 120 Car. Gûnen, fierwei it heechste bedrach fan ‘e Akkrumers. Yn 1748 wurdt troch de Steaten in nije belesting ynfierd op alle “Hoofden (gesinshaden), Halve Hoofden (gesinsleden), Schoorstenen, Kojers, Rieren en Paarden” en sa waard Frederik van Sminia oanslein foar 4 persoanen, 7 skoarstiennen (it heechste yn de gritenij) en 2 hynsders, wat him 34.14.- koste. Yn 1689 hie men de “100-ste penning”  ynsteld, wat him doe 100 Car g. lichter makke. Yn 1695 moast hy 12.-.- bydrage yn de kosten fan it straten fan de “Wijde Stege” en yn 1726 foar itselde 3.8.-.  De reparaasje fan it stalt fan de nije haven koste him yn dat jier 9.-.- en yn 1733 hie der 12.17.12 te beteljen foar it slatten fan de Trigreppel en de âlde en nije haven.

En sa fine wy mear bysûnderheden, wêrút blykt, dat it slotsje al dy jierren troch Frederik van Sminia bewenne west hat. Yn 1751 stjert hy en wurdt as grytman opfolge troch Regn. Lycklama á Nijeholt, dy’t lykwols yn Aldeboarn wenjen bliuwt. As eigner fine wy dan (troch keap of fererving) “Old-ontvanger” L.D. van Andringa, mar of dy der wenne hat, is net bekend. Wol meie wy oannimme, dat it slot tige brekfallich wurden is, want yn 1770, as Grytman Aug. Lycklama á Nijeholt eigner is waard neffens de Reelkohieren mar 40.-.- Car. G. oan belesting betelle, lykas yn 1780. Yn 1790 binne der trije eigners, dy’t 45.-.- ôfdrage. Dêrby is oantekene: “voor een hovinge, enz.” . It slot is dus dan al ôfbrutsen en de tún is dan allinnich noch oer. Wannear is it slot sloopt? Yn 1770 stiet as bewenner/ eigner oanjûn: Aug. Lycklama á Nijeholt, mar as grytman wenne dy doe yn Aldeboarn. Ik leau, dat  wy net sa fier mis binne, as wy oannimme, dat yn de 50-er jierren fan de 1700 de huzinge ôfbrutsen is, doe’t Old-Ontvanger Van Andringa it spul oerkrige fan de Erven fan Frederik van Sminia. It kin lykwols ek wêze, dat grytman Aug. Lycklama á Nijeholt de boel delsmite litten hat, want dy betelle mar 40.-.- reelbelesting mear. Ik weagje my no oan ferûnderstellingen, mar leau, net fier fan de wierheid ôf te wêzen. It is bekend, dat de Lycklama’s tsjok yn ’t jild sieten en dat û.o. Augustinus flink oan de feanterij fertsjinne hie. Doe’t hy grytman waard yn 1762 wenne der yn Aldeboarn, mar wie ek yn ’t besit kommen fan eigendommen yn Akkrum, fan Old-Ontvanger L.D. v. Andringa, dy ’t nei besibbe wie oan de Lycklama’s. Wierskynlik hat de grytman de tún opknappe litten, in ringmuorre der om hinne sette litten en in koepel foaroan de strjitte bouwe litten. Hy sil net op in pear sinten sjoen ha, om foar himsels en syn famylje in riant simmerferbliuw yn te rjochtsen. As dizze ferûnderstelling op wierheid berêst, dan soe dus de tún, sa ’t wy dy yn ús jeugd kend hawwe, oanlein en it koepeltsje boud west ha.

Yn 1790 stjert Augustinus en wurdt syn soan Tinco Lycklama á Nijeholt grytman. De tún is dan foar in part eigendom fan Siktaris Zijlsta en Ûntfanger E. de Vries en foar de oare helt fan Jentsje Clases de Groot, in keapman, dy’t troud wie yn 1785 mei Suster Synes, in rike boeredochter. Hja kamen om 1790 hinne op de pleats oan ’t Heechein te wenjen, dy’t foar ¾ eigendom fan har heit, Syne Gerrits, wie. Yn dy tiid sil de pleats wol ferboud wêze en is de foarhuzinge ûntstien, sa’t dy no frijwol noch yn wêzen is en troch Joh’s Bakker en Klaas Ratsma bewenne wurdt. (Heechein 64 en 66)

Yn 1795 is der in keapbrief, wêryn “Eelco de Vries, ontvanger te Ackrum en Marten Zijlstra, secretaris van Angwirden”, oan Tinco Marinus Lyklama á Nijeholt, doe grytman fan Utingeradiel te Aldeboarn, en Jentje de Groot, “coopman te Ackrum “, ferkeapje: “De Coepel om somerhuis met klok of speelend uurwerk, gordijnen, en raampjes en de daarin hangende lantaarn soo als thans in zijn Stand is; Ringmuur en Tuin sampt Boomen in deselne en vruchten dies en hetgeene wijders daarin werd gevonden, enz. tegen de som van Eén duisent Agt Hondert Caroli guldens”.

Op 20 Jann. 1796 ferkeapet Lycklama syn helt foar njoggen hûndert Car. Gûnen oan Jentje de Groot, dy dan dus eigner fan Tún en Koepeltsje wurdt. Út de earstneamde keapbrief wurdt dúdlik, 1 dat der in tún is mei fruchtbeammen (in hovinge) en oanlis, 2 dat der in Ringmuorre om ‘e tún leit, 3 dat der doe al in Koepel is, dy’t as simmerhûs brûkt waard.

Jentje de Groot stoar yn 1814; syn wiif, Suster Synes, wie by testamint fan 4 Des. 1793 as iennichst en universeel erfgenamt oanwiisd as langstlibjende fan it pear. Hja boaske letter mei Sake Meintes Visser, ek in keapman mei eigen huzen en lân. Jild kaam by jild! Yn ± 1840 naam hy in setboer op syn buorkerij oan: Rinse Wybes v.d. Vegt, in jonge boer út ‘e Sweach, dy’t mei in Akkrumer famke troud wie. Dy twa krigen in dochter yn 1841, dy’t hja neamden nei de lânsfrouwe: Suster. Sake Meintes en Suster Synes bleauwen yn ‘e foarhuzinge wenjen en seagen mei nocht harren genamt opgroujen. Net lang lykwols, want 2 jier letter stoar Sake Meintes en wer 2 jier letter sleat Suster Synes foar altyd de eagen. Pleats en lân en oar besit waard by testamint eigendom fan Rinse v.d. Vegt en frou; hjirby wie ek de tún en koepel. Doe’t Rinse yn 1892 stoar wie Suster v.d. Vegt de iennichste erfgenamt en dêrnei fierwei de rykste fan ‘e gemeente.

Yn 1924 stoar hja. By iepening fan it testmint bliek, dat hja op in pear legaten nei, al har besit oan pleatsen, lân en huzen fermakke oan in op te rjochtsen stichting “Welgelegen”. Yn de tún moast in gebou komme mei 10 wenningen, bestimd foar “dames van Friesche afkomst uit de gegoede stand”.  De ringmuorre wurdt ôfbrutsen en troch in legere ferfongen. De tún waard grûnich feroare, mar it koepeltsje bleau bewarre, al waard de hege sarken stoepe nei it smei-izeren stek ôfbrutsen.

Der is gâns feroare sûnt Frederik van Sminia hjir syn slotsje wenne!

Opm. De 10 wenningen fan it gebou Welgelegen waarden oprjochte yn in licht knikte rige oan de westkant fan de tún. De boustyl kin rekkene wurde ta de Amsterdamse school. De arsjitekt dy’t dit op syn namme hat wie Sytse Hoekstra, soan fan Folkert Hoekstra, de boumaster fan Coopersburg. Men kin sizze, dat de ynrjochting fan de wenten tige modern wie.

Zo veranderde de tuin door de jaren:

1832.


Heeft U nog vragen, op- of aanmerkingen over dit onderwerp, of een ander onderwerp of heeft u nog iets dat u met ons wilt delen. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Spreekt ons werk u aan, en wilt u ons ondersteunen? Donateur worden kunt al vanaf €8,50 per jaar. Zo kunnen wij ons ‘werk’ blijven doen en kunnen andere bezoekers er ook weer van genieten. Wij horen het graag. Alvast bedankt.

Stiftingakkrumaldennij@gmail.com

 - 
Dutch
 - 
nl
English
 - 
en
French
 - 
fr
Frisian
 - 
fy
German
 - 
de
Portuguese
 - 
pt
Spanish
 - 
es
Ukrainian
 - 
uk